Minnie Devereaux

Minnie Devereaux (1891 – 1984) wie in Kanadeesk aktrise fan Yndiaansk komôf út it tiidrek fan 'e stomme film.

Hja stie ek wol bekend as Minnie Prevost, Minna Prevost, Indian Minnie of Minnie Ha-Ha (in wurdspiling op it Yndiaanske personaazje Minnehaha, út Longfellow syn epysk gedicht Hiawatha).

Minnie Devereaux
Minnie Devereaux akteur
Devereaux (l.) mei kollega-aktrise Mabel Normand yn 1917.
Devereaux (l.) mei kollega-aktrise Mabel Normand yn 1917.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Minnie Devereaux
nasjonaliteit Minnie Devereaux Kanadeesk
berne 1891
berteplak ? (Kanada)
stoarn 1984
stjerplak ? (Kanada)
etnisiteit Minnie Devereaux Noardlik Sjajinsk
jierren aktyf 19131923
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre

Minnie Devereaux waard yn 1891 berne yn Kanada, as de dochter fan it Sjajinske opperhaad Mannich Hynder. Hja folge in oplieding oan 'e Yndiaanske Niverheidsskoalle yn Carlisle, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania.

Fan 1913 oant en mei 1923 spile Devereaux yn trettjin Kanadeeske stomme films, lykas Fatty and Minnie He-Haw (1914), Mickey (1918), A Daughter of the Wolf (1919), Rose of the West (1919), ‘If Only’ Jim (1920) en The Girl of the Golden West (1923). De rollen dy't hja fertolke wiene ornaris stereotype ôfbyldings fan Yndianen sa't dy doe sjoen waarden. Devereaux stoar yn 1984, yn 'e âlderdom fan 93 jier.

Filmografy

jier film rol opmerkings
1913 Old Mammy's Secret Code fermeld as Minnie Prevost
1914 Fatty and Minnie He-Haw Minnie He-Haw
1915 The Coward Mammy
1918 Mickey Minnie fermeld as Minnie Ha Ha
1919 A Daughter of the Wolf Mrs. Beavertail
Rose of the West Natoosh fermeld as Minna Prevost
1920 Up in Mary's Attic harsels fermeld as Minnie Ha Ha
‘If Only’ Jim squaw
Food for Scandal Paola
1921 A Ridin' Romeo squaw
By Right of Birth fermeld as Minnie Prevost
1923 The Girl of the Golden West de squaw
Suzanna harsels fermeld as Indian Minnie

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Minnie Devereaux Libben en karriêreMinnie Devereaux FilmografyMinnie Devereaux Keppelings om utensMinnie Devereaux18911984AktriseEpysk gedichtHenry Wadsworth LongfellowKanadaStomme filmYndianen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Grins (stêd)Wittenskip1946Savana GingerKoöperaasjeYndoneezjeJeropeeske UnyKrúspuntMediaWikiDick PasschierMuntsjesyl1967Emiel StoffersAngelica Raven1990Jean-Yves LecastelModdergatHurde pornografyShalina DevineHispanjeHynderMinske31 oktoberNoardhornSúd-Koreä172West-Jeropa2003Faasje1200Marilyn CrystalFersekeringIslamForbes (tydskrift)Bella BellzStienkrobbenCandy MansonWâldseinJezus (tradisjoneel-kristlik)JildBeweging fan Sonja de VriesOldehoveJulyViktor JanûkovitsjOerknalMinsklike seksuele aktiviteitList fan sterke tiidwurden yn it FryskOldekerkMarika FruscioDyami MillarsonCassidy BanksAlde Wyk (Beetstersweach)Feriene KeninkrykHeipealhâldingWittmund (distrikt)Havana GingerShigeharu UekiBedriuwKategoryRintsje Piters Sybesma18881973Luna SilverSeksuele penetraasjeTrekdoBeauty DiorMoskouDe Holder (literêr tydskrift)Berop🡆 More