Breyten Breytenbach (Bonnievale, 16 septimber 1939) is een Súd-Afrikaansk skriuwer, dichter en keunstner mei de Frânske nasjonaliteit.
Breyten Breytenbach | ||
skriuwer | ||
Breyten Breytenbach op it Brooklyn Book Festival, 2009 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | B.B. Lasarus, Jan Blom en Jan Afrika. | |
nasjonaliteit | Frânsk Súdafrikaansk | |
berne | 16 septimber 1939 | |
berteplak | Bonnievale | |
wurk | ||
taal | Afrikaansk, Ingelsk | |
sjenre | Roman, ferhaal, essay | |
bekendste wurk(en) | Literêr wurk | |
jierren aktyf | jierren 60 - no |
Breytenbach waard berne yn Bonnievale, in doarp yn de West-Kaap, op sa'n 180 kilometer fan Kaapstêd en 100 kilometer fan de meast súdlike punt fan Afrika by Kaap Agulhas. Hy studearre keunst oan de Universiteit fan Kaapstêd en is in tawijd tsjinstanner fan apartheid wurden. Hy ferliet Súd-Afrika yn de jierren 1960 en ferfarde nei Parys. Hy troude in Frânske frou fan Fietnameeske komôf, Yolande Ngo Thi Hoang Lien. Ut reden fan rassewetjouwing koe er net werom nei syn heitelân. Op grûn fan de Wet op de Mingde Houliken (1949) en de Untuchtwet fan 1950 wie it in blanke nammentlik ferbean om in seksuele ferhâlding te hawwen mei in persoan fan in oar ras.
Yn Frankryk wie er meioprjochter fan Okhela, in groep fan ferballe persoanen dy't út it bûtenlân wei de apartheid bestride. Syn yllegaal ferbliuw yn Súd-Afrika yn 1975 waard ferret troch in mistrouwich ANC, dat hy waard fêstset en letter foar heechferried feroardiele ta njoggen jier finzenis. Nei druk fan it bûtenlân kaam er yn 1982 lykwols frij. Hy gie werom nei Parys en waard Frânsman.
Anno 2004 hâldt er út en troch ta yn Jeropa, Afrika en de Feriene Steaten. Sûnt jannewaris 2000 is er gastdosint psychology oan de Universiteit fan Kaapstêd en is er belutsen by it Gorée-ynstitút yn Dakar, Senegal en de Universiteit fan New York.
Breytenbachs wurk bestiet út dichtbondels, romans en essays, meast yn it Afrikaansk. Guon wurk hat in oersetting yn it Ingelsk krigen. Adriaan van Dis hat wurk yn it Nederlânsk oerset. Oar wurk is oarspronlik yn it Ingelsk útjûn. Breytenbach skildert ek. Der hawwe útstallingen fan syn skilderijen en ôfprintingen west yn Johannesburch, Kaapstêd, Hongkong, Amsterdam, Stockholm, Parys, Brussel, Edinboarch en New York.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Breyten Breytenbach fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Breyten Breytenbach, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.