In benei-dea-ûnderfining, ôfkoarten ta BDU (Ingelsk: near-death experience), is in ûnderfining hawwe fan in situaasje dy't tige ticht by de dea komt, dat yn gefal fan in libbensbedrige situaasje.
By dy ûnderfining makket it bewustwêzen in feroaring troch.
Minsken dy't in BDU meimeitsje, meitsje meastentiids itselde troch al kinne de details ferskille, sa binne der bygelyks guons dy't wat prachtichs meimeitsje, mar likegoed binne der guons dy't in negative ûnderfining hawwe.
Eleminten fan in benei dea-ûnderfining kinne ûnder mear wêze:
Benei dea-ûnderfinings wurde soms melden nei in ûngemak, reanimaasje nei in hertstilstân of fan in oare libbensbedrige situaasje. Benei dea-ûnderfings kamen yn 'e kunde troch it wurk fan Raymond Moody, dy't yn de jierren sechtich ûnder in kolleezje fan George Ritchie oer syn BDU hearde en it ferskynsel bestudearre. Yn 1975 kaam syn boek "Life after life" út oer dit ûnderwerp. Sûnt "Life after life" is der in grut ferskaat fan artikels en boeken publisearre oer BDU en dy't in goed byld jouwe fan it ferskynsel al rinne de mieningen oer de oarsaak en betsjutting útien.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Benei-dea-ûnderfining, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.