Banga wie in Frysk laach dat bestjoerders fan Frjentsjer, in bekende genêshear en juristen opsmiten hat.
Skiednis
De stamrige begjint mei Harmen Sijdses (†1674) dy't masterskuonmakker yn Seisbierrum wie. Dy syn soan Sijds (1640-1698) waard lid fan de froedskip fan Frjentsjer en wie dêrmei de earste bestjoerder fan dy stêd út syn geslacht.
It laach waard yn 1935 opnaam yn it Nederland's Patriciaat.
Inkelde telgen
Sijds Harmens (1640-1698), learloaier en masterskuonmakker, lid fan de froedskip fan Frjentsjer
Tjeerd Sijdses (1671-1731), masterskuonmakker, learloaier en keapman
Sijds Tjeerds Hesinga (1702-1746), learloaier, lid fan de froedskip (1728) en boargemaster (1732-1746) fan Frjentsjer
Mr. Tjeerd Sijdses Banga (1741-1810), wynkeapman, lid fan de froedskip fan Frjentsjer, finzen set yn Ljouwert om't er oanhinger fan de patriotten wie (1787-1789)
Dr. Jelle Banga (1786-1877), genêshear, boargemaster fan Frjentsjer
Leonora Johanna Banga (1811-1894); troude yn 1836 mei mr. Pieter Adama Zijlstra (1810-1863), boargemaster
Theodora Klazina Banga (1814-1851); troude yn 1837 mei prof. dr. Evert Jan Diest Lorgion (1812-1876), heechlearaar godgeleardheid
Sijdske Banga (1815-1842); troude yn 1840 mei mr. Tjepke Mulier (1815-1883), boargemaster
Mr. Klaas Banga (1826-1911), rjochter; boaske yn 1856 mei syn nicht Leuwkje Stinstra (1834-1924)
Elisabeth Banga (1793-1879), fâldes Klaarkampster Weeshûs; boaske yn 1815 oan mr. Joannes Stinstra (1789-1842), plakfervangend frederjochter, griffier fredegerjocht en fâd Klaarkampster Weeshûs
Leuwkje Stinstra (1834-1924); troude yn 1856 mei har neef mr. Klaas Banga (1826-1911), rjochter
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Nederland's Patriciaat 22 (1935), s. 7-14.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Banga (laach), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.