Apparaat

Apparaat (fan it Latynske apparatus, dat wurktúch betsjut) is in begryp mei ferskate betsjuttings, mar de gongberste is dy fan in net al te grutte, troch minsken út meganyske, elektryske en/of elektroanyske ûnderdielen gearstalde masine.

Ferskate (faak min ofte mear soartgelikense) apparaten byinoar neamt men apparatuer. De meast foarkommende apparaten kinne opdield wurde yn ferskate kategoryen:

  • húshâldlike elektroanika, lykas in kuolkast, friezer, waskmasine, ôfwaskmasine, sintrifúzje, magnetron, gasstel, bôleroaster, kofjesetapparaat, mikser, blender, geiser, boiler, stofsûger, ensfh.
  • oare elektroanika foar yn 'e hûs, lykas in tillefyzje, radio, cd-spiler, fideorecorder, kompjûter, scanner, printer, mûs, modem, kopiëarapparaat, tillefoan, mobile tillefoan, faks, antwurdapparaat, koptillefoan, klok, wekker, fototastel, fideokamera, elektryske toskboarstel, föhn, airconditioner, ensfh.
  • apparatuer foar om 'e hûs hinne, lykas in gersmeaner, kantsjemeaner, blêdblazer, ensfh.
  • elektrysk ark en reau, lykas in boarmasine, skuormasine, slypmasine, fleks, elektryske skroevedraaier, dekûpearseage, sirkelseage, keatlingseage, laskapparaat, soldearbout, ensfh.
  • apparatuer foar yn it sikehûs, lykas in beäzemingsapparaat, kûveuze, hert-longmasine, CT-scanner, keunstnier, ensfh.

Los dêrfan binne der fansels noch withoefolle oare apparaten dy't brûkt wurde foar alderhanne dingen en net sa maklik yn te dielen binne, lykas in megafoan, sinnebank, kassa, pûnsmasine of planetarium. Gruttere masines binne faak opboud út ferskate apparaten. Sa kin in auto net in apparaat neamd wurde om't er gearstald is út ôfsûnderlike apparaten lykas de rutesproeier, de rutewiskers, de doarbeskoatteling, de ferljochting de fersnellingsbak en de motor.

Oare betsjuttings

Oare, minder gongbere, betsjuttings fan it begryp 'apparaat' komme ek foar.

  • Yn 'e biology is in apparaat of orgaansysteem de gearstalling fan ferskate organen dy't mei-inoar in beskate funksje ferfolje.
  • Yn 'e bedriuwskunde is in apparaat alle persoanen en helpmiddels mei-inoar dy't nedich binne foar it funksjonearjen fan in bedriuw of ynstelling.
  • Yn 'e filology is in apparaat (noate-apparaat) it gehiel fan 'e fuot- of einnoaten dy't mei lytse, yn superskrift werjûne siferkes oan 'e haadtekst tafoege wurde, en dy't ferwize nei oantekenings mei deselde sifers dy't yn in lytsere lettergrutte werjûn wurde ûnderoan 'e bledside (fuotnoaten) of oan 'e ein fan it haadstik of boek (einnoaten). Dêryn wurdt yn it foarste plak de boarne fan in yn 'e haadtekst opnommen bewearing werjûn, mar dêropta soms ek wol in langere opmerking oer datselde punt dy't te wiidweidich is om yn 'e haadtekst op te nimmen.
  • Fierders wurdt de oantsjutting 'apparaat' ek wol yn 'e algemiene sin brûkt foar in gehiel, lykas yn 'e wurden 'amtnersapparaat' (alle amtners mei-inoar), 'oerheidsapparaat' (alle oerheidsynstellings mei-inoar) of 'feilichheidsapparaat' (alle ynstellings mei-inoar dy't foar feilichheid soargje moatte, lykas de plysje, de brânwacht, de maresjesee, ensfh.).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sterkenburg, prof. dr. Piet van, et al., Van Dale Groot Woordenboek Hedendaags Nederlands, Utert/Antwerpen, 2002 (Van Dale Lexicografie), ISBN 9 06 64 81 447, s. 75.

Tags:

ElektrisiteitElektroanikaKategoryLatynMasineMinske

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

FrânskGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2016Haadside2400 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2017Twadde WrâldkriichList fan states en stinzen yn Fryslân4e milennium1301Frans HemsterhuisOrenburg (oblast)Frysktalige WikipedyInkele HoarnIllinoisDûkers (fûgels)ToulouseSúdsineeske SeeBûnsrepublyk DútslânHimelsblauSekshâldingSkearmês fan OckhamGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2010Atapaskyske talenGeslacht (sekse)KalifornjeFelipe MassaNapoleon III fan FrankrykShalina DevineNeakenfotografyJierskemaGroepseksAugsburg3401 f.Kr.Ines Ridere1501Jeropeeske UnyFalklânoarlochKrystal SwiftBrjansk2201 f.Kr.AudiBratislavaThea BeckmanPeaskeFormule 1Ygo Gaeles Galama22 july2500 f.Kr.Magno AlvesNij-MeksikoBenedictus XVISome Like It Hot (film út 1959)WrâlderfgoedlistOcca Johanna RipperdaJapanFerdrach fan FerdunSander WarmerdamIntwine1e iuwKongres fan WenenSinaHaaienAlpen🡆 More