Albert Mol

Albert Mol (Amsterdam, 3 jannewaris 1917 — Laren, 9 maart 2004) wie in Nederlânsk akteur, dûnser, kabaretier en skriuwer.

Albert Mol
Albert Mol, 1962
Albert Mol
Stânbyld fan Mol yn Giethoorn

Mol waard ferneamd yn de jierren 70 as panellid fan it tillefyzjespultsje Wie van de Drie. Earder wie er al bekend fan syn rollen yn de films Het wonderlijke leven van Willem Parel (1955) en Fanfare (1958) fan Bert Haanstra. Letter die er ek mei yn de film Op hoop van zegen (1986). Oan de ein fan syn wurkpaad hie er in gastrol yn de komedyrige Toen was geluk heel gewoon en yn Arjan Ederveen syn 30 minuten (ôflevering Fout in '45). Hy trede faak op mei Wim Sonneveld.

Priveelibben

Mol wie fan 1948 oant 1955 boaske oan balletdûnseres Lucy Bor. Se krigen in dochter: de aktrise Kika Mol (1949). Op 16 maart 1998 sleat Albert mei syn freon Guerdon Bill, dy't al tritich jier syn libbenspartner wie, in registrearre partnerskip yn Sutfen. Mol wie ien fan de earste ferneamde Nederlanners dy't yn it iepenbier witte woe dat er homoseksueel wie. Hy hat in soad krewearre foar de emansipaasje fan homoseksuelen.

De lêste jierren fan syn libben wie er in protte siik. Mol libbe doe tige op himsels yn Laren yn Gelderlân. Syn partner Bill stoar augustus 2003 mei 67 jier. Goed in heal jier letter stoar Albert Mol yn de âldens fan 87 jier yn Laren.

Boeken

  • Breek me de bek niet open (mei Frans Mulder)
  • Het doek viel te vroeg
  • Wat Zien Ik!?
  • Haar van Boven
  • Blonde Greet
  • Dag dag welterusten
  • Mengele broek en pintje billen (autobiografysk)

Oer Albert Mol

  • Albert Mol (boek fan Tony van Verre)
  • In tf-portret fan Albert Mol en 'Geurt' wie te sjen yn 'Verslag op Dinsdag' (1969) in magazine fan de KRO-tf makke fan Theo Uittenbogaard
  • De dokumintêre Malle Appie, 2003 fan Karin Junger.

Keppelings om utens

Albert Mol  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Albert Mol fan Wiki Commons.

Tags:

Albert Mol PriveelibbenAlbert Mol BoekenAlbert Mol Oer Albert Mol Keppelings om utensAlbert Mol191720043 jannewaris9 maartAkteurAmsterdamAuteurDûnsKabaretierNederlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

LittenseradielDútsk14 maartZheng HeWVina SkyFryske stêdenYnformatikaJoadenCassandra Wilde1882MormonismeOmset29KoreaanskYndianenPornoaktrise5 jannewaris95FingerjenGrêfSúdhollânske EilannenAppelskeaMIsraelReinwâldRuslân30 jannewaris20e iuw1909Hôpital LariboisièreThunderball (film)Pamela AndersonOklahomaSwedenLeonsYndiaaske kalinderJake Steed26 maart19941983EachFongersSportBlanche BradburryAndor (telefyzjesearje)Telefyzjeprodusint9 maart27 febrewarisHolokaustHarry TrumanKurasauWest-FryslânJazz2016LânPornoakteurAnale seksWolf1920Switserlân6 novimberFryslânJeropaList fan grutste stêden yn DútslânKasinoOktaaf🡆 More