Aksje T4

Aktion T4 wie de koadenamme fan nazy-Dútslân syn eugenetyske eutanasy- en ferplichte sterilisaasjeprogramma.

It programma waard yn oktober 1939 mei úteinset fanwegen Adolf Hitler. It buro dat dit Sonderprogramm útfiere moast wurke ûnder de lieding fan de rykslieder fan de kânselarij fan de Führer, Philip Bouhler, en fan Hitlers liifdokter, Dr. Karl Brandt. De namme T4 is ôflaat fan it adres fan it kantoar, Tiergartenstraße 4 yn Berlyn.

Aksje T4
Yn de kelder fan dit gebou yn Pirna-Sonnenstein waarden yn 1940/41 13.720 minsken mei in kognitieve of psychyske steurnis, mar ek teminsten 1.031 finzenen út konsintraasjekampen, fergast.
Aksje T4
Hitlers oarder foar Aktion T4

Doel

It doel fan it programma wie it behâld fan genetyske suverheid fan it Germaanske folk. Minsken dy't misfoarme of lichaamlik beheind wiene of dy't te lijen hiene fan in psychiatryske sykte, waarden systematysk fermoarde. Ien argumint om de moard te rjochtfeardigjen wie, dat it sinleaze bestean en it sinleaze lijen fan dy pasjinten in goede reden wie om ta eutanasy oer te gean. De nazi-artsen brochten it as in die fan barmhertigens en it waard foarsteld as de meast humane metoade om dy siken om te bringen (sa woe Dr.Karl Brandt it hawwe, de liifarts fan Adolf Hitler, Gruppenführer yn de SS en Generalleutnant yn de Waffen-SS.

Metoade en resultaat

Faak stie it útrûgjen fan dizze minsken ûnder tafersjoch fan de psychiaters Carl Hans Heinze Sennhenn en Werner Villinger. Sennhenn levere hûnderten breinen oan nazy-ûndersikers. Werner Villinger fierde eksperiminten mei minsken út foardat sy de dea ynstjoerd waarden.

Tsjin de ein fan 1941 wie ien op de trije bewenners fan in psychiatryske ynrjochting yn Dútslân al dea, of troch moard of troch ferhongering, mar ek troch smoaren, ynjeksjes, fergiftiging en tefolle medikaasje. Dat betsjutte doe 93.000 frije bêden.

Op 18 augustus 1941 liet Hitler it programma tydlik stopje troch druk fan de Katolike Tsjerke (Clemens August kardinaal von Galen), de oare tsjerken en de famyljes fan de slachtoffers; 70.000 minsken wienen doe al deadien. Der wurdt rûsd dat totaal 200.000 minsken stoaren ûnder it Aktion T4-programma. De aksje einige lykwols net yn 1941. Dokters en ferpleechkundigen giene der mei troch yn sikehuzen yn Dútslân en Eastenryk. It waard sa oanpakt dat it wantrouwen fan de Dútske befolking beheind bleau. Sokke foarsoarchsmaatregels bekroade men him net om yn de besette gebieten.

Nei de kriich

Dokters en ferplegend personeel dy't belutsen wiene by it eutanasyprogramma waarden lang net altyd foar de rjochter brocht. Lang nei de stifting fan de nije Dútske steaten in 1949 (Bûnsrepublyk Dútslân) koene hege amtners oan ferfolging ûntkomme en oan it wurk bliuwe yn de Dútske sûnenssoarch.

Sjoch ek

Literatuer

  • (in) "Nazi 'Euthanasia' Programs" in Dieter Kuntz, ed. Deadly Medicine: Creating the Master Race fan Michael Burleigh. United States Holocaust Memorial Museum/University of North Carolina Press, 2004. ISBN 0-8078-2916-1
  • (dú) Dokumente zur Euthanasie., Ernst Klee, ISBN 3-596-24327-0
  • (dú) Euthanasie im NS-Staat. Die Vernichtung lebensunwerten Lebens, Ernst Klee, Frankfurt am Main 1983, ISBN 3-596-24326-2
  • (in) The Origins of Nazi Genocide. From Euthanasia to the Final Solution, Henry Friedlander, University of North Carolina Press, Chapel Hill & London, 1995, ISBN 0-8078-2208-6
  • (in) A Sign for Cain, Fredrick Wertheim, MacMillan Company, New York, 1967, ISBN 0-8488-1657-9
  • (dú) Was sie taten. Was sie wurden, Ernst Klee, ISBN 3-596-24364-5

Keppelings om utens

Aksje T4  Commons: Aksje T4 – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Aksje T4 DoelAksje T4 Metoade en resultaatAksje T4 Nei de kriichAksje T4 Sjoch ekAksje T4 LiteratuerAksje T4 Keppelings om utensAksje T41939Adolf HitlerBerlynEutanasyKarl BrandtNazy-Dútslân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

DeastrafKrusiging fan JezusLatynValéry Giscard d'Estaing1941RôfdierenJezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)Teudebert IIAshley OceanStar Wars1988Mahatma GandhiKanonike evangeeljesWikipedyA.S. ByattWrâldkampioenskip fuotbal 2006Michail BûlgakovStanderttype GLSEddy MerckxAIDSCOVID-19Vienna Black1557Romeinske sifersHoratio NelsonMinskUnderwiisBesnijenisKoreaanske OarlochMidsiuwenJimmy Wales2005StillibbenRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1988Republikeinske Partij (Feriene Steaten)Súdeast-AazjeYouTubeKeulenKiëvWrâldkampioenskip fuotbal 2014VastoEmiel StoffersMasturbaasjeBill GatesMarksismeMarilyn MonroeBernardahûsPolly PonsThe Washington PostDaisy SummersRobert Louis StevensonJeremia (bibelboek)1927FinlânRoeien op de Olympyske Simmerspullen 2000Omgong fan Itaalje 2017PoznańPeléTadzjikistanRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1976Richard Francis Burton1991NederlânJ. MacThe Number of the Beast (album)994JobHeidenskTailânMichelle Tucker1990🡆 More