Wieringerrânemar

De Wieringerrânemar is in projekt fan de provinsje Noard-Hollân en de gemeenten Wieringen en Wieringermar om fan Wieringen wer in eilân te meitsjen.

It projekt kostet sa'n 300 miljoen euro.

Skiednis

Yn 1999 makket de gemeente Wieringen bekend in ûndersyk út te fieren nei it grutter meitsjen fan it Amstelmarkanaal nei it saneamde Wieringerrânemar. Troch dit barren wurdt Wieringen mooglik wer in (skier)eilân.

Yn 2002 wurdt der in gearwurkingsferbân starten tusken de provinsje Noard-Hollân, de gemeenten Wieringen, Wieringermar en it Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier. Dizze skriuwe in ûntwerpkompetysje út wêr't fiif ferienings oan mei dogge. De feriening dy’t wûn, in gearwurking tusken Boskalis en Volker Wessels, is frege om mei te dwaan oan it projekt en om mei-ferantwurdlikheid te dragen. Op 5 maart 2005 stimme alle partijen hjir mei yn en wurdt Publiek-Private Gearwurkingsferbân tekene troch alle dielnimmers, de provinsje, de gemeente en de bedriuwen Boskalis en Volker Wessels.

Op 19 desimber 2007 ha de Deputearre Steaten fan Noard-Hollân it plan foar de oanlis fan it mar offisjeel goedkard. Allinnich de Provinsjale Staten fan Noard Hollân moat harren stim noch jaan oan it projekt. Dit bart op 17 maart 2008. De Provinsjale Staten stimme yn mei it plan en der kin definityf begûn wurde mei de oanlis fan de mar.

It mar en omkriten

De Wieringerrânemar komt yn ferbining te stean mei de Iselmar, de Waadsee en de Amstelmar. Hjirtroch ûntstiet in grut natuergebiet fan bosk en wetter dat him útstrekt fan de Waadsee nei de Iselmar. Dizze natuersône heart by it provinsjale projekt Noordboog.

Yn totaal hiet it oer in gebiet fan likernôch 2200 hektare. Wêrfan 250 hektare ynnaam wurdt troch wenten. It totale wetteroerflak komt del op sa’n 800 hektare. Ek wurdt der nochris 128 hektare nei bosk oanplante.

Oanlis

Mei de oanlis fan de mar moat yn 2010 begûn wurde. Foar it projekt moatte likernôch tritich buorkerijen plak meitsje foar de mar. De mar sels kin al nei fiif jier klear wêze. Mar it komplete proses duorret folle langer. Der wurdt ynskat dat de lêste wurksumheden pas klear binne rûnom 2030.

Doel

It Wieringerrânemar moat foar mear wurk yn de kop fan de provinsje Noard-Hollân soargje. Ek moatte de mar en de fasiliteiten dêr omhinne soargje foar in gruttere stream fan toeristen nei it gebiet.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Offisjele webstee oer de Wieringerrânemar

Tags:

Wieringerrânemar SkiednisWieringerrânemar It mar en omkritenWieringerrânemar OanlisWieringerrânemar DoelWieringerrânemar Sjoch ekWieringerrânemar Keppeling om utensWieringerrânemarEuroNoard-HollânWieringenWieringermar

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

RavensbrückManon ScheepstraHûs WindsorWestfryskGemeenten fan NederlânAzoarenSasha BeartHaïtyMarije I fan IngelânCandy MansonJasmine BlackWestromaanske talenFerstoarn8 novimberHûntsjeshâldingJeropeeske UnyMuseum foar Islamityske Keunst (Doha)MuidenMay ThaiTer AarEster (skiekunde)Ferdrach fan VersaillesMieke van der WeijCowgirlhâldingSC It HearrenfeanIrakoarlochPlysjeOlympyske Simmerspullen 2024HollanismeMilfpornografyRocco SiffrediLetlânOlaf ScholzWetKryptogramJannik SchümannBearenUnmeilydsumensMarilyn CrystalMediaWikiLeppeltsje-leppeltsjeBonêre1095FryslânPersia MonirKrústochtenISBN10 maaieJack KooistraAdolf HitlerFilmBoargeroarlochGonny GaakeerWiebe Nijenhuis1820TatarstanWesterlauwerske FriezenEarste Frânske KeizerrykPalermo19671925TechnologyMinsklike migraasje1876The Curse of ChalionFrysktalige WikipedyOmgong fan Spanje foar froulju1826🡆 More