Candy Manson

Candy Manson, echte namme: Karolina Kot (Chicago, 11 novimber 1983 – Los Angeles, 15 jannewaris 2022), wie in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Poalsk etnysk komôf, wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Candy Mansion of Candy Mason.

Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m, mei in gewicht fan 55 kg. Hja stiet benammen bekend om har grutte boarsten, fan kupmaat 34G, dy't se krigen hat troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Candy Manson
Candy Manson persoan yn de seksyndustry
Candy Manson
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Candy Mansion, Candy Mason
echte namme Karolina Kot
nasjonaliteit Candy Manson Amerikaansk
berne 11 novimber 1983
berteplak Chicago (Illinois)
stoarn 15 jannewaris 2022
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Candy Manson Poalsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20052008 & 20102014
offisjele webside
www.candymansonxxx.com

Libben

Karriêre

Manson wie hikke en tein yn Chicago, yn 'e steat Illinois. Se is de dochter fan Poalske ymmigranten, en waard strang roomsk grutbrocht. Neffens eigen sizzen waard hja ûntfamme doe't hja 16 jier wie. Op har achttjinde, yn 2001, sette se útein mei te wurkjen as stripper yn ferskate stripklubs yn Chicago. Dêrta liet Manson har boarsten fergrutsje oant kupmaat 34DDD. Teffens posearre se as neakenmodel foar ferskillende neakenblêden en wurke se as fetysjmodel foar bondaazjefideo's en om fetysjdracht (lateks guod, foar it meastepart) te showen. Neigeraden dat hja mear súkses krige, begûn se as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns te reizgjen. Yn 2005 wûn se in neakenmodellewedstryd en waard se útroppen ta Miss Nude Galaxy.

Datselde jiers, doe't se 22 wie, makke Manson har debút yn in pornografyske film. Yn 2007 waard se nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornoyndustry) yn 'e kategory bêste nije stjer. Yn maaie 2008 liet se har boarsten nochris fergrutsje, no oant kup 32G. Om fan 'e operaasje te bekommen gie se der doe oardel jier tuskenút, mar yn 2010 makke se in comeback. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Manson yn mear as 170 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, New Sensations, Red Light District, ClubJenna, Third Degree Films, Platinum X Pictures, Digital Sin, Score, Elegant Angel, Zero Tolerance, Pure Play Media, Jules Jordan Video, Hustler Video, Extreme Associates, Sin City, Wicked Pictures, Digital Playground, Devil's Film en Adam & Eve. Ek wurke se in protte foar pornosites as Reality Kings, Brazzers en Kink.com. Njonken har aktearwurk is se ek noch altyd aktyf as stripper en fetysjmodel.

Ferstjerren

Manson kaam op 15 jannewaris 2022 te ferstjerren yn har wenplak Los Angeles. Hja waard 38 jier. In famyljelid makke har dea bekend fia Instagram. Oer it hoe en wat waard fierders neat meidield.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2005 Miss Nude Galaxy-wedstryd wûn Miss Nude Galaxy 2005 n.f.t.
2007 AVN Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Candy Manson LibbenCandy Manson Prizen en nominaasjesCandy Manson Keppelings om utensCandy Manson11 novimber15 jannewaris19832022BoarstenBoarstfergruttingChicagoEtnyske groepFeriene SteatenLos AngelesNeakenmodelPornografysk aktriseStripper

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Opstanning fan JezusOlympyske Simmerspullen 1956Pasta (daaiguod)KolombiaSúd-AmearikaDea16e iuwHilligeSlowaakskTreblinka (konsintraasjekamp)MinnistenMossadIvanovski-kleaster (Pskov)Stút (lichemsdiel)Grins (stêd)Opstanningstsjerke (Tomsk)Daisy SummersFryske RykJaylene RioWetterstofKraj KamtsjatkaGeslachtsmienskipISO 3166Creative CommonsBaktearje3 maartISSN14 novimberBarnstienList fan planetoïden 46001-47000BoerjatiëAddis AbebaFear yn 'e BroekPepinidenTean2011Skearmês fan OckhamFlodder (film)WikipedyZMarijn Kuipers1662Maarten de JongOcca Johanna RipperdaAmmanBoergondyske RykYnternetAfrica SexxYonkers (New York)Def RhymzJeleazarov-kleasterRoemeenskFulkaanSean LawlessThe New York TimesÛntslachGrutte Synagoge (Tomsk)Salisbury (Ingelân)TuberkuloazeSensual JaneEpifanykatedraal (Tomsk)Bart KingmaOsmaanske RykKeizer1946Artefakt (archeology)🡆 More