Trije-Aktestruktuer

De trije-aktestruktuer is in narratologysk model dat brûkt wurdt yn ferheljende fiksje.

Dêrby wurdt de plot opspjalten yn trije dielen (akten), dy't gauris oantsjut wurde as it begjin, de midden en de ein, of yn it Ingelsk as setup ("opstelling"), confrontation ("konfrontaasje") en resolution ("oplossing"). De trije-aktestruktuer bestet as hiel lang en is op ferskate wizen beskreaun. De bekendsten fan dy beskriuwings binne dy fan Aelius Donatus út 'e fjirde iuw en dy fan Syd Field út 1979, yn syn boek oer it skriuwen fan senario's Screenplay: The Foundations of Screenwriting.

Trije-Aktestruktuer
In fisuele represintaasje fan 'e trije-aktestruktuer.

Earste akte

De earste akte, it begjin of de setup ("opstelling") wurdt yn 'e regel brûkt om 'e lêzer of de sjogger yn 'e kunde te bringen mei de protagonist(en) en harren sitewaasje. Let yn 'e earste akte bart der wat dat de protagonist(en) foar in probleem stelt. Dat barren wurdt wol it oanstiftingsynsidint neamt of ek wol de katalysator. It oanstiftingsynsidint liedt faak direkt, mar soms ek yndirekt ta it earste plotpoint, wêrby't it ferhaal foar de protagonist(en) in ûnferwachtse kear nimt. Dat earste plotpoint markearret de ein fan 'e earste akte.

Twadde akte

De twadde akte, de midden of de confrontation ("konfrontaasje") jout ornaris it krewearjen fan 'e protagonist(en) wer om it probleem op te lossen wêrmei't se konfrontearre wurde. Dat slagget net en it probleem wurdt allinne mar grutter. Teminsten in diel fan 'e reden wêrom't it oplossen fan it probleem yn dit stadium mislearret, is om't de protagonist(en) noch net oer de feardichheden of de kennis beskikke om 'e antagonist(en) dêr't se mei konfrontearre wurde, te ferslaan. It sykjen nei en finen fan dy feardichheden of kennis, wêrby't de protagonist(en) ornaris help krije fan bypersonaazjes, wurdt de karakterûntwikkeling neamd. Dy einiget yn in twadde plotpoint, dat de ein fan 'e twadde akte markearret.

Trêde akte

De trêde akte, de ein of de resolution ("oplossing") lit sjen hoe't de plot en alle ferhaallinen ôfrinne. It hichtepunt of de klimaks is de sêne of opienfolging fan sênes wêryn't de wichtichste spanningsbôge fan it ferhaal ta in dramatyske konklúzje brocht wurdt. De protagonist(en) bliuwe dêrtroch efter mei in nij selsbyld.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Trije-Aktestruktuer Earste akteTrije-Aktestruktuer Twadde akteTrije-Aktestruktuer Trêde akteTrije-Aktestruktuer1979BoekFerhaalFiksjeFjirde iuwIngelskNarratologyPlotSenario's

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Gerald FordKoloanjePornoakteur7 maart1970-er jierrenSúdhollânske Eilannen2017Hebriuwsk9Austraalje (lân)Generaliteit fan Kataloanje1514J22Anna fan BretanjePekingKLingua francaChina National Space AdministrationHertz (ienheid)1884YndianereservaatMichelle TuckerSean LawlessItaaljeRavensbrückPamela AndersonJasmine AlohaLucasfilmLofthaven Frankfurt am Main25 jannewaris42Lisa AnnSkipperssankjeReimsTurksk1451WikipedyNew York (steat)Paus99GokkenSlowakijeBelgjeHagia Sofia (Istanbûl)Margareta Drummond, keninginne fan SkotlânAgnostisismeSMarcel JancoKuba11 maartFoarum foar DemokrasyAnale seksSpaanske regio'sKleaster WeerdOman26 jannewaris15 septimberKatarLibearia33KlassikusMarcel Hirscher1994DPete's Dragon (film út 2016)KurasauHeitLjouwert (stêd)OklahomaDaisy Summers🡆 More