Swarte Wâld

It Swarte Wâld is in berchgebiet yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch.

It is in middelberchtme mei de Feldberg as heechste punt (1493 m). De Fogezen en it Swarte Wâld, skieden troch de Rynfallei, hawwe geologysk in protte mien.

Swarte Wâld
Lokaasje Swarte Wâld
Swarte Wâld
Lânskip yn it Swarte Wâld

Toerisme

De stêd Freiburg yn it súdlike part fan it Swarte Wâld hat in histoarysk sintrum. Eastlik dêrfan leit de Titisee, in berchmar op 845 meter boppe seenivo. Yn de omkriten fan de Titisee binne in protte wintersportfasiliteiten. De Feldberg mei 1493 meter is it heechste punt fan it Swarte Wâld en winterdeis in bekend skyplak. De Triberger wetterfal, sa’n 40 km noardlik fan de Titisee, is de grutste wetterfal fan Dútslân (falhichte 163 m).

Yn it noarden fan it Swarte Wâld leit de Schwarzwaldhochstrasse. In dyk op 800-1000 meter hichte mei sicht op de Rynfallei. Der binne ferskillende skyliften foar alpine-skyen en skyskânsen. Noardlik fan de Schwarzwaldhochstrasse leit it Naturpark Schwarzwald Nord/Mitte. De stêd Baden-Baden is in ferneamd kuersintrum mei ferskillende swimbaden/termaalbaden. De stêd is ek bekend as sintrum foar keunst en kultuer, mei it Festspielhaus Baden-Baden as it grutste teater fan Dútslân. It kasino draacht ek tige by oan de bekendheid fan de stêd.

Topografy

Plakken

  • Freiburg
  • Schramberg
  • Sasbachwalden
  • Elzach-Oberprechtal
  • Donaueschingen
  • Triberg
  • St. Peter

Marren

  • Titisee
  • Glaswaldsee
  • Mummelsee
  • Kirnbergsee
  • Feldsee
  • Schluchsee
  • Hotzenwald

Heechste toppen

  • Feldberch (1493 m)
  • Herzogenhorn (1415 m)
  • Belchen (1414 m)
  • Schauinsland (1284 m)
  • Kandel (1243 m)
  • Hornisgrinde (1164 m)

Tags:

Swarte Wâld ToerismeSwarte Wâld TopografySwarte WâldBaden-WuertemberchDielsteaten fan DútslânDútslânFogezen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

19681988Santa Ana (Kalifornje)Floarus- en Laurustsjerke (Tûla)OseaanHavanaIdahoSwahily (taal)ChewbaccaSwimmen op de Olympyske Simmerspullen 2000Katee OwenCarson City (Nevada)KarmelitenTritichjierrige OarlochOrléansChicagoKeizerIerskMidden-AmearikaRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1992TaiwanMay ThaiNoardkaapAmazon.comAtlantaJeropaKonservatismePenisAngela SchijfStillibbenKonfederearre Steaten fan AmearikaSan Lorenzo fuori le muraSt. Petersburg (Floarida)GladiatorWrakseljen op de Olympyske Simmerspullen 2000SydneyPornografyABBA1810Josef StalinManchester City FCSkiednis fan Jeropa27 maartStjerHarry BelafonteFrank SinatraLynsey de PaulTeksasMichaïl GorbatsjovBeirûtMichael JordanLegaatGnostisismeRomeinenÛntslach1986FryskPersia MonirGroninger Locaalspoorweg-MaatschappijJoadenTyrannosaurusSinaYndoneezjeKristendomKaliningrad (oblast)Hânbal op de Olympyske Simmerspullen 20001918KoperFeriene KeninkrykHonoluluThe Sons of Katie Elder (film)🡆 More