Magellaanstrjitte

De Magellaanstrjitte is in seestrjitte yn it meast súdlike diel fan Súd-Amearika; it wetter leit tusken Patagoanje yn it noarden en Fjoerlân yn it suden.

Magellaanstrjitte
Magellaanstrjitte
Lokaasje
See Atlantyske Oseaan/Grutte Oseaan
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte
Djipte (maks.) m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte m
Breedte ± 3 km
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte
Lingte 570 km
Oer
Magellaanstrjitte
Satellytfoto fan Magellaanstrjitte yn kleuren

Hy is neamd nei de Portegeeske ûntdekkingsreizger Ferdinand Magellaan, dy't der yn 1520 foar it earst trochhinne fear by syn reis om de wrâld yn tsjinst fan de Spaanske Kroan.

De strjitte is in lytse 600 kilometer lang, en hat in protte eilannen. De ouwers binne Sileensk grûngebiet.

Oant it Panamakanaal iepene waard, wie de strjitte in wichtige rûte foar skippen ûnderweis nei de Stille Oseaan. Yn it tiidrek fan de sylskippen koe de trochfeart tige dreech wêze fanwege de sterke streamings en de fûle winen, dêr't min wat fan te sizzen wie, dy't dêr hearskje kinne, boppedat wie it lestich manoevrearjen yn de nauwe passaazje. Yn it earstoan wie de rûte allinne bekend by de Portugezen en Spanjerts, mar letter wisten ek Ingelsen en Nederlanners fan de trochgong. Oant de ûntdekking fan Kaap Hoarn en de Drakestrjitte troch Le Maire en Schouten yn 1616 wie de Magellaanstrjitte tige fan belang om de Stille Oseaan te berikken, mar ek yn de 21e iuw is der noch in protte skipsferkear.

Iere trochfearten nei Magellaan

  • 1526 García Jofre de Loaísa fear yn 122 dagen troch de strjitte.
  • 1540 Francisco de la Ribera: in skip fan syn float fear troch de strjitte.
  • 1559 Juan Fernández Ladrillero wie de earste dy't strjitte hinne en wer trochkrúste.
  • 1578 Francis Drake die 16 dagen oer de strjitte.
  • 1584 Pedro Sarmiento de Gamboa fear yn 34 dagen fan west nei east.
  • 1587 Thomas Cavendish fear yn 49 dagen troch de strjitte,
  • 1594 Richard Hawkins die der 46 dagen oer.
  • 1599 Simon de Cordes út de float fan Jacques Mahu fear yn 4 moannen troch de strjitte.
  • 1600 Olivier fan Noort fear troch de strjitte yn in 116 dagen.
  • 1615 Joris fan Spilbergen die der 34 dagen oer om de strjitte troch te reitsjen

Stavering

De krekte stavering fan de namme fan de seestrjitte leit net fêst. Strjitte (fan) Magellaan wurdt it meast brûkt. Dêrneist wurde ek de nammen Magalhãesstrjitte, Magallanesstraat, Strjitte Magallanes, Strjitte (fan) Magalhães en fariaasjes dêrop wol brûkt.

Tags:

1520Ferdinand MagellaanFjoerlânPatagoanjePortugalSeestrjitteSúd-AmearikaÛntdekkingsreizger

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

2023GlamourfotografyYndiaGodHebriuwskKlitoris17BangladesjGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2019WikipedyAlberto AscariIvan IV fan RuslânHûnKurasauSkriuwerAppelskea16e iuwStar Wars6 novimberSean LawlessMarijetsjerke (Wierum)J96V1882SwolO2018Robert I fan SkotlânPrince YahshuaUtwreiding fan de Jeropeeske Uny2014Fryske stêden66TsjechjeStêd200626 jannewarisKatedraal fan NantesKoreaanskPausMadagascar (film út 2005)752022NammeAutoLSilyLong Shot (film út 2019)Doede VeemanEasternijtsjerkHanny MichaelisYndianenNatura 2000Gross-outWolga1809Yndiaaske kalinderMaatskippijList fan lannen en territoariaDie Hard with a VengeanceBrad Pitt30 maartLybjeKeatsenKing of Kings (film út 1961)KasinoGeslachtsmienskip1 maartAlde LeieBLjipCowgirlhâldingBasilyk fan Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimming (Swol)🡆 More