Stimhawwende Pleats

In stimhawwende pleats wie yn de bestjoerlike ynrjochting fan Fryslân fan foar 1795 de grûn foar it aktyf kiesrjocht.

Betrieme ferkiezings

It aktyf kiesrjocht wie keppele oan it besit fan de stimhawwende pleatsen. De eigeners fan de sokke pleatsen mochten in stim útbringe wa at keazen waard foar bestjoerlike, tsjerklike as rjochterlike amten yn it doarp.

De mearheid fan de doarpen bepaalden wer wa at de grytman fan de gritenij wurde mocht, teminsten der waard in trijetal foardroegen dêr't de steedhâlder ien fan beneamde. Fierder waarden ek de oare bestjoerlike en rjochterlike amten keazen en ek twa folmachten foar de Steaten fan Fryslân.

Ut de folmachten waarden dan neffens it kertier minsken keazen foar Deputearre Steaten en foar it Hof fan Fryslân.

Hoarnleger

In protte waard dus bepaald troch de eigeners fan stimhawwende pleatsen. Troch it oankeapjen fan stimhawwende pleatsen, kamen hieltiten mear stimmen yn it besit fan in beheind tal aadlike famyljes dat sy ûnderling de funksje fan grytman en de amten by de provinsje ûnder elkoar ferdiele koene. It oankeapjen diene se benammen yn de lytse doarpen fan in gritenij. Elts doarp hie likefolle wicht yn de stimming, in mearheid fan in lyts doarp wie goedkeaper (minder pleatsen) te regeljen dan yn in grut doarp.

Om't de stim oan de pleats, as it hoarnleger, keppele wie, waard om de kosten by it keapjen fan in stim it lân fan in pleats nei de keap der faak fan wei ferkoft. Somtiden stie der op it hoarnleger net iens mear in wente.

Om dit soarte praktiken wat tsjin te gean waard yn 1748 yn it "Reglemint Reformatoir" bepaald dat der wol in hûs op it hoarnleger stean moast om stimhawwend te wêzen. It gefolch wie dat der sûnt dy tiid wol saneamde stimhúskes op de hoarnlegers delset waarden, somtiden de jûns foar de ferkiezings noch.

Tsjerkegoed

As yn de Midsiuwen in doarp in tsjerke stichtsje woe, moasten de stimhawwende pleatsen, de gemeene meente of miene miente, ûnreplik goed jaan as pastorijegoed, patroangoed en as der in fikaris wie fikarygoed.

Tags:

1795FryslânKiesrjocht

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Gemme fan BurmaniaAmerikaanske presidintsferkiezings (2020)J.R. CarringtonMinneapolisYndoneezjeKrystal SwiftNon-profitYnternetSome Like It Hot (film út 1959)Patriargepaleis en de Tsjerke fan de Tolve ApostelsPornografyStripper1786JunyAdolf HitlerMalawyPeterhôf (stêd)28e iuwKambodjaGordianus I2200Robin Williams200110e milenniumOblast OrenburgYvette BovaRomeinenLapdanceJehannes de Dopertsjerke (Solikamsk)11e iuw f.Kr.Occa Johanna RipperdaGrutte Priis Formule 1 fan Japan 2014WikipedyMarijn KuipersNoelle EastonFeriene KeninkrykFalklânoarlochHartochdom BretanjeRapunzelSasha BeartPornhubArgentynje35e iuw f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Sina 2015Epifanytsjerke (Solikamsk)BekhofskânsHûntsjeshâldingDakota-Oarloch fan 18621955Wrâldkampioenskip fuotbal 19741806Greenwich Mean Time17411500 f.Kr.AstrologyKearnramp fan Tsjernobyl23e iuwAudiFrânsenGokken27e iuwHanns EislerSinaGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 20151601 f.Kr.PinsjoenBelfast1600 f.Kr.Midsimmerfeest🡆 More