Stef De Haas

Drs.

Stef de Haas (folút: Stephanus Johannus Martinus Maria de Haas; Apeldoorn, 30 july 1933Boalsert, 13 septimber 2015) wie in Frysk ûnderwizer en lokaal politikus fan Nederlânsk komôf, dy't yn 'e jierren tachtich geregeldwei yn it nijs kaam troch syn rol yn 'e Boalserter gemeenteried en de pleatslike ôfdieling fan de PvdA.

Stef de Haas
Stef De Haas politikus
echte namme Stephanus Johannus
   Martinus Maria de Haas
nasjonaliteit Stef De Haas Nederlânsk
bertedatum 30 july 1933
berteplak Apeldoarn (Gelderlân)
stjerdatum 13 septimber 2015
stjerplak Boalsert (Fryslân)
etnisiteit Stef De Haas Nederlânsk
partij PvdA
prizen Fryske Parsepriis, 1976
lid fan de gemeenteried fan Boalsert
amtsperioade 19741984
wethâlder fan Boalsert
amtsperioade 19841994

Libben en karriêre

De Haas waard yn 1933 berne yn Apeldoarn, yn in roomsk gesin. Hy studearre sosjografy oan 'e Universiteit fan Amsterdam. Mids jierren sechstich sette er him nei wenjen yn Boalsert, dêr't er fan 1965 oant 1998 wurksum wie as dosint ierdrykskunde. Hy begûn oan it Jan Brugmankolleezje, dat mids jierren tachtich fanwegen in fúzje syn namme feroare yn 'e Roomsk-Katolike Skoallemienskip "Titus Brandsma". Yn 'e twadde helte fan 'e jierren njoggentich feroare de skoalle troch in nije fúzje fannijs fan namme, en kaam it it Marne Kolleezje te hjitten.

As lid fan 'e pleatslike ôfdieling fan 'e PvdA wie De Haas njonken syn wurk ek aktyf yn 'e gemeentlike polityk. Yn 1974 waard er mei foarkarsstimmen yn 'e Boalserter gemeenteried keazen nei't de lju him kennen leard hiene troch syn fredesaktivisme, it oantekenjen fan beswierskriften en it skriuwen fan ynstjoerde stikken. Hy behold syn sit oant 1984, en wie oanslutend oant 1994 wethâlder fan Boalsert.

De Haas stie bekend om syn dwerse opfettings, wêrmei't er de polityk libben makke en de publike tribune fol krige. Provinsjaal kaam er yn 'e jierren tachtich geregeldwei yn it nijs troch syn slepende deilisskip mei syn partijgenoate en riedslid Babs Haanstra. Yn 1976 wûn De Haas de Fryske Parsepriis.

Nei't er him yn 1994 weromlutsen hie út 'e aktive polityk, lei er him noch fjouwer jier ta op syn dosintskip oan it Marne Kolleezje, foar't er yn 1998 mei pinsjoen gie. Op 't lêst rekke er yn 'e minnichte, en moast er opnommen wurde yn it Boalserter fersoargingstehûs "Bloemkamp". Hy ferstoar yn 2015, yn 'e âlderdom fan 82 jier. Stef de Haas wie troud en hie twa bern (en, by syn ferstjerren, fjouwer pakesizzers).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ——, Sociaal-democraat De Haas overleden, yn: de Ljouwerter Krante, 16 septimber 2015.
  • Fierant, Tim, Het Scherpe Oog van Stef de Haas, yn: de Ljouwerter Krante, 25 septimber 2015.

  • Stjerberjocht fan Stef de Haas (advertinsje út namme fan it Marne Kolleezje), yn: de Ljouwerter Krante, 17 septimber 2015.
  • Stjerberjocht fan Stef de Haas.

Tags:

13 septimber1933201530 julyApeldoornBoalsert (gemeente)Boalsert (stêd)FryslânNederlânPolitikusPvdAÛnderwizer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Skaal fan RichterWikipedyDelotta BrownLimoerhalskankerMuzyksjenreAfrikaanske leppelbekMoriah MillsGokkenFaasjeEjakulaasje26 febrewarisSporthalPersia MonirFilipinenJ.R. CarringtonGrut-BrittanjeJohn de MolGeslachtsmienskipEvelyn LinWylpreagerfûgels19 maartAngelina JolieGraham Swift1949Lytse leppelbek1896AkkrumDe BoarnKeiran LeeJasmine BlackNij-GuineäAlexa FlexyLuna CorazónBetlehimWelsum (Olst-Wijhe)ISO 3166Erika BellaHaaienBruce VentureAlgerijeWesterske wrâldHeinrich HimmlerNational Basketball Association22 febrewarisISBNBethany BenzKatedraal fan NapelsAnita GyöngyBluesYndoneezjeBaskyskKatedraal fan Padûa30 jannewarisCherokee d'AssSeksuele yntimidaasje1902FideospultsjeMenno Bandstra23 aprilDanyel CheeksTsjechoslowakijeDaisy SummersLuna SilverKatedraal fan OtrantoFryske Frijheid1859Fryske gemeentenRhylee RichardsSaotomeeske pappegaaidoFideoFen Fryske Groun🡆 More