De Slach by Oldenswort fûn plak op 29 juny 1252 by it Noard-Fryske doarp Oldenswort, dêr't de Noardfriezen yn it ferhef kamen tsjin de belestingferheging fan de Deenske kening Abel.
Yn de 11e en 12e iuw teagen groepen Friezen nei Noard-Fryslân. De Deenske gelearde Saxo Grammaticus skreau al yn 1180 yn de Gesta Danorum (de dieden fan de Denen) oer Fresia Minor (Lyts Fryslân, letter Noard-Fryslân) yn Jutlân. Yn de 'Gesta Danorum' omskriuwt er it gebiet as wie it eigendom fan de Friezen.
De belestings dy't de Noard-Friezen betelje moasten laten al yn 1151 ta de Slach by Mildeburch. Mei de beneaming fan hartoch Abel fan Sleeswyk ta kening fan Denemark kaam de âlde diskusje werom. De Noard-Friezen moasten neffens kening Abel fan Denemark mear belesting betelje en dy teach mei in strafekspedysje nei Eiderstedt yn 'e winter fan 1251/52, dy't net folle opsmiet.
Der binne trije boarnen dy't ferwize nei de Slach by Oldenswort. De Friezen hawwe de slach wûn en de Deenske kening Abel stoar. Oare saken dy't wis binne:
Neffens Petrus Thaborita wie Sicko Sjaerdema ien fan de oanfierders fan de Friezen tsjin de Deenske kening.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Slach by Oldenswort, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.