Sjibbolet

In sjibbolet is in tongbrekkerssechje wêrfan de útspraak oanjout of immen al as net ta in bepaalde groep heart.

Meastentiids befettet in sjibbolet klanken dy't sa spesifyk foar in taal binne, dat in net-memmetaalsprekker de tonge der oer brekke sil. By útwreiding kinne ek spesifike hannelingen brûkt wurde as sjibbolet.

Om't in sjibbolet typysk tapasber wie yn situaasjes dêr't gjin presyze skiedskriuwing oer wie, is meast net te efterheljen of in sjibbolet ea werklik brûkt is.

Komôf

It wurd sjibbolet komt út it Hebriuwsk. It wurdt brûkt yn de Bibel yn Rjochters 12:4-6. De Gileäditen brûkten it om Efraïmiten dy't oer de Jordaan flechtsje woenen te ûntmaskerjen:

...Binne jo in Efraïmyt? Sei er dan: Nee, dan seinen se tsjin him: Sis ris: Sjibbólet. Sei er Sibbólet, en wie er net by machte it goed út te sprekken, dan pakten se him en sloegen him dea dêr by de oerstekplakken fan de Jordaan.

Oare foarbylden

Bûter, brea, en griene tsiis; wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries'

Bekende sjibboletten binne:

    Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries.
    Mooglik brûkt troch Grutte Pier om út te meitsjen of er mei Hollanners of Friezen te dwaan hie.
    Neffens T. Feitsma leit de oarsprong fan dy spreuk lykwols yn de Ingelske siswize:
    Butter, bread and green cheese,
    Is good English and good Fries. (of 'Freese')
    (Bûter, brea en griene tsiis,
    Is goed Ingelsk en goed Frysk.
    )

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

MemmetaalTongbrekkerssechje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KânselierNasjonale feestdeiAfrikaanske leppelbekJeropa1949ISBNJenna BrooksLondenSeksferslavingMaría del Carmen CarricartSûpengrottenbrij1990MuzyksjenreAnton Dalhuysen6 maartFryskOseanografyFaasjeAkkrumMiljardêrSalomonseilannenArtefakt (archeology)20202017Grover ClevelandEuroTripPornografyMenno BandstraFerstoarPavel DoerovPierre WoodmanLatynFeriene SteatenAlgerije12 oktoberNashville (Tennessee)FriezenISO 3166-1Westland WyvernMoanne (tiid)Anale seksRoplettersAleksander PûsjkinHeinrich HimmlerGokkenFingerjenMarcel HirscherAlexa FlexyJ.R. CarringtonAlain DeloinTriem (ynformatika)NeakenmodelMediaWikiGemeenten fan NederlânNij-GuineäShrima MalatiSêfte pornografyTyne1990-er jierrenOflûken (seksualiteit)Muzyk20 aprilPresidint fan de Feriene Steaten1896Gonny GaakeerAfganistanJ. MacLuna CorazónSietske PoepjesDomtsjerke fan ParmaDomtsjerke fan Siena🡆 More