Santpoort

Santpoort is in doarp yn de gemeente Felsen, yn de provinsje Noard-Hollân.

It plak bestiet tsjintwurdich út de kearnen Santpoort-Noard en Santpoort-Súd. Yn 2006 wienen der 10.142 ynwenners, 6973 yn Santpoort-Noard en 3169 yn Santpoort-Súd.

Santpoort
Lizzing yn de gemeente Felsen
Santpoort
De Herfoarme tsjerke

Alle jierren wurdt op de earste tongersdei fan augustus in koartebaandraverij organisearre troch de Harddraverij Vereniging Santpoort & Omstreken. Dan wurdt ek de tradisjonele feestwike holden, fan de sneons foar oant en mei de sneons nei de draverij.

Santpoort leit aan de autosnelwei A208 en oan it spoar Haarlim - Uitgeest. Beide parten fan it doarp hawwe in NS-stasjon: stasjon Santpoort Noard en stasjon Santpoort Súd.

Santpoort-Noard hat de nôtmûne De Zandhaas; teffens fynt men hjir de grutste en âldste hânbôgeskutterij fan Nederlân: Vzos.

Yn Santpoort-Súd leit ek de ruïne fan kastiel Brederode.

Bekende ynwenners

Berne yn Santpoort

Wenne hawwe yn Santpoort

  • Pieter Wispelwey, sellist
  • René Descartes, 17e-iuwsk filosoof, fan 1637 oant 1641.
  • Martijn Kolkman, radiopresintator fan Q-music en telefyzjestim.
  • Gerrit van Houten, keunstskilder
  • Nine van der Schaaf, dichteresse en skriuwster fan Frysk komôf.
  • Madelon Székely-Lulofs, skriuwster
  • Jacobus Theodoor Cremer, minister fan Koloanjes (Swol 30-6-1847 - Amsterdam 14-8-1923), wenne de lêste jierren fan syn libben op it lângoed Duin en Kruidberg yn Santpoort.
  • Jaap Eden, reedrider en hurdfytser.
  • Menno Wigman, dichter

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Santpoort 
Ruïne fan kastiel Brederode

Tags:

Santpoort Bekende ynwennersSantpoort Keppeling om utensSantpoortDoarpFelsenNoard-HollânProvinsje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

8e iuwLissabonYndo-Jeropeeske talenLittenseradielFerkiezingHaadsidePortegeeskAchillesTuneezjeKeunst64IzerLHendrik Goeman BorgesiusRavensbrückKleaster WeerdY5e iuwKatarMinsklike seksuele aktiviteit2e iuw16e iuwPornoakteurLingua francaOlympyske SpullenYndiaGokken1977Heather Lee1906BrusselGlasgow991929Michelle SambaWilfred Genee1895200626 maart25 jannewaris2003Thunderball (film)Austraalje (lân)RSwarte SeeUnyrugbyKlassisismeGeneraliteit fan KataloanjeFeriene Steaten30 maartLovette (pornografysk aktrise)MyteSwitserlânVeronica AvluvSinaIuwManchesterAnna BoleynRynGeslachtsmienskipMisjonarishâlding1982BlêdKubaNatura 2000AutoElektroanikaGrutte-boarstesjenreGMestysSkilderij🡆 More