Rynlânsk Laaiplato

It Rynlânsk Laaiplato (Dútsk: Rheinisches Schiefergebirge) is in yn de geology brûkte oantsjutting foar in leechberchtme dat oer Dútslân, Belgje en Luxemburg rint.

De term wurdt fral yn Dútske literatuer brûkt, meastal wurde de aparte dielen fan it laaiplato beneamd, sa as de Eifel (yn Dútslân en Belgje), de Ardinnen (yn Belgje) en it Sauerlân fierder yn it easten.

Rynlânsk Laaiplato
Rynlânsk laaiplato, geologyske kaart

Geografy

It plato is trochsneed 500 meter boppe seenivo. De heechste top is de Großer Feldberg mei 880 meter. De Ryn snijt it plato yn in eastlik en in westlik part. De eastfleugel bestiet út it Taunusberchtme, Westerwald, Bergisches Land, Sauerland en Siegerland; de rivier de Lahn snijt troch de eastfleugel.

De fan de Mûzel trochsniene westfleugel hat oan de noardkant de Eifel en de Ardinnen, besuden de Mûzel leit de Hunsrück.

Geology

Rynlânsk Laaiplato 
Rijnlânsk laaiplato (satellytfoto)

Hoewol't it plato it Rynlânsk laaiplato hjit, is it laai mar in diel fan de litologyen yn de kritein. De Ardinnen besteane njonken laai mei sânige ûntslutingen ek út kalken en dolomiten. De Eifel wurdt skaaimerke troch klaaistien en kalkstien.

It Rynlânsk laaiplato bestiet foar it grutste part út Devoanyske stientmen (fan sa'n 400 oant 350 miljoen jier (Ma) âld), dy't mei-inoar de Paleozoyske sokkel neamd wurde. Nei ôfsetting fan dy stientmen ûntstie berchtmefoarming troch kompresje. Dat tiidrek is ferneamd as de Hersynyske orogenese. Wat nei ôfsetting skealje (of klaaistien) wie, is troch ynfloed fan druk en temperatuer metamorfosearre ta laai. Dat laai wurdt no noch wûn yn gatten en fral brûkt foar dakbedekking.

Troch lettere ekstinsje, dêr't ek de Beneden-Rynslenk by foarme waard, binne der fulkanyske hotspots ûntstien, dy't yn de Eifel te finen binne. Dêr komme ek de ferneamde maaren, sa as it Pulvermaar, it Schalkenmehrener maar en de Laacher Mar foar.

Rynlânsk Laaiplato  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rynlânsk laaiplato fan Wiki Commons.

Tags:

ArdinnenBelgjeDútskDútslânEifelGeologyLeechberchtmeLúksemboarch (lân)Sauerlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Bo SinnMichelle SambaNijsTiidPornofilmLonden8e iuwTaksonomyYves BaillatMemmetaalRachel AzianiSkriesTalenRebelKetsjûa (taal)OerslavyskFilmfestivalLetskSteatshaadEastenrykKazankleaster (Jaroslavl)WetReklameOaljeTaalkunde13 augustusBoekJouster SlûsKlaas Bruinsma (oersetter)16 novimber14 septimberAretha FranklinAlain DeloinEkonomyMangroveDiamond JacksonSome Like It Hot (film út 1959)NotarisSkimmelsTiny MulderMagnetyske noardpoalKilogramPearsMatt K. MillerFrankrykBehaKylian MbappéKartagoOne Bullet LeftKanadaKryptogramAustralaazjeMiko LeeMediaWikiEastfryskRoemeenskWeblochLuna SilverTiidsônePlestikGrins (stêd)New York Stock ExchangeLuna Rival🡆 More