Rudolf Buurma

Rudolf Buurma (It Oranjewâld, 17 desimber 1963) is direkteur fan SALTO Omrop Amsterdam, bekend fan útstjoerings fan ûnder oaren Theo van Gogh en MokumTV.

Libben

Buurma folge de middelbere skoalle yn Arnhim en studearre Rjochten mei as haadfak Bestjoersrjocht te Leien. Yn 1992 ferfear er nei Amsterdam ta, dêr't er yn 1998 boaske mei VVD-gemeenteriedslid Pauline Haitsma, mei wa't er in dochter hat. Syn earste stap yn de wrâld fan de media sette er as stazjêr by it ferhierbedriuw Camera Rentals. Nei in skoftke koed er oan de slach as produksje-assistint by de opnamen fan Vals Licht fan Theo van Gogh.

Letter ferhierde Buursma himsels as freelance-produksje-assistint en -lokaasjemanager foar reklamespotsjes, oant John de Mol Producties him frege mei te wurkjen by de rekonstruksjes yn it programma Peter R. de Vries, Misdaadverslaggever. Buursma wurke fjouwer jier by dat programma. Dêrnei late er in businessunit TV & Streaming Media fan it ynternetbedriuw Lost Boys. Under syn lieding ferlei dat bedriuw de oandacht fan tillefyzje en streaming-media op it ynternet nei cross media-produksjes.

Begjin 2004 waard Buurma direkteur fan SALTO Omrop Amsterdam. Buurma hat goede kontakten mei de gemeenteried. Hy spruts, doe't er direkteur fan SALTO Omrop Amsterdam waard, de hope út dêrtroch "goede zaken dwaan te sillen". Seker no't SALTO Omrop Amsterdam ek ynternasjonaal namme makke mei it programma Most Macho, dat de XXVe Prix d'Or wûn by it multynasjonaal dokumintêrefestival fan Vesoul.

Keppelings om utens

Tags:

17 desimber1963It Oranjewâld

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MinneapolisMichael Jordan1SkiedkundigeClara Trinity27e iuwGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2018Misjonarishâlding9e milennium2200Pieter SijpersmaAustraalje (lân)WikeIngelânHaadsideGrottekleaster fan Pskov1577Grutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2017Saya SongPearsGemme fan Burmania17871672Barentssee3300 f.Kr.MilfpornografyBrazilian wax2300Trio (seksualiteit)Peterhôf (stêd)Sarah YoungWaskbearDick Wilson (stammepresidint)YndustrialisaasjeGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2011BosnjeKimi RäikkönenCarles Puigdemontih6hzKemptenGrutte Priis Formule 1 fan Grut-Brittanje 2014Grikelân35e iuw f.Kr.1600 f.Kr.GeneraalEpifanytsjerke (Solikamsk)HindoekalinderNederlân216 f.Kr.Lexxxi LockhartLjouwert (stêd)David Ben-GurionSwitserlânMicrosoft Windows1201San Francisco4e milenniumLeo XIII1701 f.Kr.1 oktoberNoemiRhode IslandNoard-MasedoanjeBelfastNew York CityKarel II fan Ingelân1918FlearDaniel RicciardoSacramento (Kalifornje)🡆 More