Raasay

Raasay (Skotsk-Gaelysk: Ratharsair) is in eilân fan de Binnenste Hebriden; it leit tusken it eilân Skye en it Skotske fêstelân.

Raasay betsjut "Eilân fan de ree".

Raasay
Lizzing fan Raasay

Raasay is it berteplak fan de dichter Sorley MacLean (yn Osgaig), in wichtich persoan yn Skotske literêre renêssânse. Earder wie it eilân it thús fan de Clan MacSween; de MacLeods bestjoerden it eilân fan de 16e oant 19e iuw. Sûnt wiene ferskate partikuliere lâneigners hjir de baas, mar tsjinstwurdich is de measte grûn fan de steat.

Benoarden Raasay leit Rona mei in stikmannich lytsere eilannen; Scalpay leit yn it súdeasten. Raasay is noard-súd sa'n 22 km lang en op it breedste punt 5 km. It heechste punt, Dun Caan (444 m), is in tafelberch en wurdt faak besocht troch geologystudinten.

It eilân hat in fearferbining mei Sconser (op Skye), in tocht fan sa'n 15 minuten. It eilân hat in pear lytse doarpen.

De measte besikers fan Raasay binne geologen of natuerleafhawwers.

De beropsbefolking op Raasay bestiet benammen út fiskers, in part wurket foar de ferrymaatskippij of op Skye (yn Portree). Der is in legere skoalle; âldere learlingen geane yn Portree nei skoalle.

Raasay hat teffens in mânske koloanje Europeeske otters.

Befolkingsoantal

Raasay 
The Inner Sound
Jier 1780 1803 1841 1881 1891 1931 1961 1981 1991 2001
Befolkin 400 + 900 + 676 532 489 377 223 152 163 194

Tags:

Binnenste HebridenReeSkotlânSkotsk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Luna Corazón1818Douglas Aircraft CompanyHantsjemierOseaanMockemastins (Ie)ArameeskLeppeltsje-leppeltsjeGermaanske talenAnnechien SteenhuizenBasketbal op de Olympyske Simmerspullen 1936Miko LeeRick HofstraBruce VentureHarmony WonderHybride (biology)Washington (steat)Silvio Berlusconi1958OerstreamingGeslacht (sekse)1943Wrangeleilânske lemmingMienebest fan NaasjesWeenske oesterList fan sterke tiidwurden yn it FryskSêge1889Jada Stevens1922ISSNSalvador DalíWithin TemptationHonkbalEtiopyske kalinderTúnRjochterHinWikeIuwHTMLCJ MilesPentagrampuzelBasilyk fan San MarcoRuslânPhilippe SoineMaserati XXXIt Hearrenfean (gemeente)YouTubeMark RutteSarah YoungLiberalismeKascha PapillonStichting Alde Fryske TsjerkenKya TropicLatyn1947Hûntsjeshâlding9 jannewaris16 maartPenisOrale seksDuëtMaxi MikitaFryske talen2004SjongerVikram SamvatHaadside🡆 More