Provinsjale Wei 361

De provinsjale wei N361 is in provinsjale dyk yn 'e provinsjes Fryslân en Grinslân dy't fan 'e stêd Grins oer Lauwerseach nei Ryptsjerk rint.

It Fryske diel fan 'e wei hjit ek "Lauwersseewei". Yn Ryptsjerk is de dyk ferbûn mei de N355 yn 'e rjochting fan Ljouwert.

Provinsjale Wei 361
N361
Langte: 74,1 km
Kaart
Provinsjale Wei 361
Provinsjale Wei 361
N361 by Lauwerseach
Provinsjale Wei 361
Detailkaart

De dyk begjint yn Grinslân direkt benoarden it Van Starkenborghkanaal en rint troch Adorp en Sauwerd. By Winsum is der in rotonde, dêr't de N363 einiget. Tusken Mensingeweer en Ulrum folget de dyk de rûte fan 'e eardere spoarline, de Marneline .

De dyk is in autowei tusken Aldtsjerk en Dokkum, en tusken Dokkum -Noard en Lauwerseach. Fanwegen it feit dat de dyk de iennige haadwei is fan Dokkum nei Ljouwert, is er de wichtichste ferbiningswei tusken Ljouwert en Dokkum. Bewenners fan 'e doarpen lâns de dyk hawwe lêst fan de drokte op de N361; de dyk rint troch de doarpsintra. Om't Dokkum in goede ferbining mei Hurdegaryp krigen hat mei de fernijde N356, sil de N361 sa folle ferkear net mear te ferwurkjen krije. Ynwenners fan 'e doarpen hawwe dêrom foarsteld dat de hjoeddeistige haadwei tusken Aldtsjerk en Dokkum op ien of oare manier autolij makke wurdt.

Yn it ferline binne plannen makke om Winsum, Sauwerd en Adorp in rûnwei te jaan om't it ferkear deromhinne te lieden. De rûnwei by Winsum gie net troch. Op 24 jannewaris 2011 naam de gemeenteried fan Winsum in negatyf beslút oangeande de wize fan oanpakken fan de fierdere rûte nei Grins. Oanbuorjende boeren en natuerleafhawwers fan 'e Koningslaagte (part fan it Natuernetwurk Nederlân) by Grins fersetten harren tsjin de rûte troch it natuergebiet. It nije provinsjebestjoer fan Grinslân kundige op 4 april 2011 oan dat se it idee fan de oanlis fan in folslein fernijde N361 ferlitte.

Keppeling om utens

Diken yn Fryslân Provinsjale Wei 361 
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits

Tags:

FryslânGrins (stêd)GrinslânGrinzer StrjitweiLauwerseachLjouwert (stêd)Ryptsjerk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PlakTiidAbby Lee BrazilDie Hard with a VengeanceAgnostisismeSkriftElizabeth Bowes-Lyon1978Brad PittLittenseradielHebriuwskPakistanQOrlando (Floarida)1865ReinwâldOmsetRavensbrückAMegan VaughnWet1922Barranquilla180922e iuwFryske stêdenLaosTurkskHillige Roomske Ryk11879 oktoberEskEtiopyske kalinderKairo1937Denemark14 febrewarisFerkiezingFytsDeenskCowgirlhâldingTennisPrince YahshuaNoardgermaanske talen1970-er jierrenKristusMestysWilfred GeneeAchilles26 jannewarisEAnale seksSportEuroCassandra Wilde9933Faustina de Aldere18e iuwSwitserlânVina SkyNeakenensKing of Kings (film út 1961)Swarte SeeUPeriodyk systeem fan de elemintenEmily RatajkowskiOFoarum foar DemokrasyOflûken (seksualiteit)Masturbaasje🡆 More