Pita Grilk

Pita Grilk (folút: Pita Louise Grilk; Skiermûntseach, 21 july 1905 – Ljouwert, 16 maaie 1980) wie in Frysk dichteresse, dy't poëzij skreau yn har memmetaal, it Skiermûntseagerske dialekt.

Pita Grilk
Pita Grilk skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pita Louise Grilk
nasjonaliteit Pita Grilk Nederlânsk
berne 21 july 1905
berteplak Skiermûntseach (Skiermûntseach)
stoarn 16 maaie 1980
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Pita Grilk Frysk
wurk
taal Skiermûntseagersk
sjenre poëzij
perioade 2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
De Lytje Pole
jierren aktyf 19611980
offisjele webside
n.f.t.
Pita Grilk
Gedicht fan Pita Grilk op it strân fan Skiermûntseach, in ûnderdiel fan 'e Taalrûte dêre.

Libben

Grilk wie in dochter fan in Skiermûntseachske seekaptein by de keapfardij, Louw Grilk, en dy syn frou Pietje Schaafsma. Tegearre mei har suster Janet studearre hja oan in konservatoarium. Nei harren oplieding fêstigen de susters harren yn 1929 yn Ljouwert, dêr't Pita piano- en oargelles joech en har suster sjong- en spraakles. Grilk wie ek oargeniste fan de minnistegemeente fan Grou.

As dichteresse publisearre hja fersen yn har memmetaal, it Skiermûntseagersk. Ien fan har gedichten waard yn 2010 op in stien yn 'e Taalrûte fan Skiermûntseach ferivige. Yn dat gedicht tekenet hja de sfear fan it strân fan it eilân, dêr't in minske, konfrontearre mei de ûnbidigens fan 'e eleminten, net oars kin as him neatich fiele. Ek hat Grilk meiwurke oan 'e samling folksferhalen fan dr. Ype Poortinga en oan 'e earste wurdlist fan it Skiermûntseagersk, de Wezzenlist fan it Schiermonnikoogs, út 1968, fan Douwe Fokkema sr.

Grilk stoar op 16 maaie 1980 yn 'e âldens fan 74 jier. Hja waard op 21 maaie fan dat jier begroeven op Skiermûntseach. De beide susters wiene net ûnbemiddele; de feiling fan harren ynboel brocht yn 1983 ƒ 240.000 op.

Wurk

Pita Grilk 
Boeken in bibleteek Skiermûntseach
  • 1961 – It Swiere Akkeurd; Lastebleu; Wyldebleu (by de Fryske Akademy, Ljouwert)
  • 1961 – Swyljen; It Jonge Hets; Eeunderwoois (by de Fryske Akademy)
  • 1961 – Krimpe; In Minsk Allene; Aud Welkomtús (by de Fryske Akademy)
  • 1961 – De Pole en de Minsken (by de Fryske Akademy)
  • 1963 – De Lytje Pole (by Utjouwerij Miedema, Ljouwert)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

boarnen:

Tags:

16 maaie1905198021 julyDialektDichteresseFryslânLjouwert (stêd)PoëzijSkiermûntseach (doarp)Skiermûntseagersk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KrúswurdpuzelNational Basketball AssociationSeksboartersguodPierre WoodmanSensual JaneMoriah MillsSkiednis fan Fryslân2020Jaylene RioErika BellaDomtsjerke fan SienaWilhelmusAnton DalhuysenKeiran LeeMahabharataHollân20 aprilPornoaktriseYnterprovinsjaal OerlisWikidataMia LelaniLimoerhalskankerWebsteeMiami1557Helen DuvalAugust TaylorEl NiñoEkonomyFrouWopke de VegtKleurSeksuele opwiningRocky MountainsRedbadKatedraal fan OtrantoCherokee d'AssKomykMilitêr transportfleantúchOseanografyAnno GalamaLuna CorazónSophie HilbrandSyprus19011925Album (muzyk)Ines RidereAVN AwardNederlânske gemeenteFideoNeakenfotografyLietFrysktalige WikipedyAle S. van ZandbergenHludaneFryslânIrakFeriene SteatenGrinslânOlivia del RioSeksferslaving1933Austraalje (lân)María del Carmen CarricartBoedismeEarmoedeBaron1859NasjonaalsosjalismeBoylOrale seks🡆 More