De Peazens

De Peazens wie in rivierke dat by de Dokkumer Ie begûn, en fan dêr nei it noarden en noardeasten rûn oant de doarpen Peazens en Moddergat, dêr't it yn de Waadsee útkaam.

Oan de seekant is it yn 1449 ôfsletten, sûnt wettere De Peazens ôf op de Dokkumer Ie. De mûning yn de Dokkumer Ie is yn 1665 in daam makke. Nei de oanlis fan de feart Dokkum-Ealsum waard it wetter ôffierd troch it Noarderfallaat op de Dokkumer grêft.

De Peazens
De Peazens west fan Nijtsjerk op wei nei de seedyk
De Peazens
Ein fan de Peazens yn Peazens-Moddergat

Fan Dokkum (Noarderfallaat) foarby Ealsum is no de Ealsumer Feart de normale rin fan de Peazens. Fierder nei it westen kringelet noch de Alde Peazens. Wat fierder nei it noarden foarmet de Jaarlasleat in ferbining mei de Suderie.

Fan likernôch 1500 oant de gearfoeging yn 1984 hat de Peazens de skieding west tusken West- en East-Dongeradiel.

De namme

Yn it ferline kaam de stream ek as Pasen foar. A.J. van de Aa jout yn syn Het Aardrijkskundig woordenboek der Nederlanden as eardere namme de Donger. Hjoed-de-dei wurdt dat beskôge as in optochte namme as ferklearring foar de nammen fan de Dongeradielen. De namme bliuwt lykwols ûnwis; it is net dúdlik oft it doarp Peazens de namme fan it wetter oernaam hat, of oarsom. As oplossing is útsteld dat de Peazens faaks de Noarderie wêze koe dy't de reden is dat de Suderie net allinnich mar Ie is.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

14491665Dokkumer IeModdergatPeazens (doarp)Waadsee

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Formule 1 yn 2020Plegadis chihiAmerican Music AwardTemperatuerKryptogramJulianna VegaHardenbergFrouJeropaCarles PuigdemontStormy DanielsList fan Fryske famkesnammenShalina DevineFranklin D. RooseveltHavenSeptember ReignJeropeeske Ekonomyske RomteImmanuel FichteAfrikaanske leppelbekAkkrumFrankenthalFrankrykNôtmûsDaarlerveenPeter Johann Nepomuk GeigerKanadaGalaktyske RepublykKoen EekmaKate MoreBiskopMaleizjeSintrale Delling (Kalifornje)Logan LongVladimir PûtinDirck CamphuysenDriuwtilleMoskou (oblast)NoetseleApheliumLouisianaVideo Art HollandSpoar fan Mariënberg nei AlmeloJohnny CashFreddie MercuryGouden IuwTwadde WrâldkriichComité flamand de FranceKillergramTatoeaazjeAugust TaylorKarel II fan IngelânVanda VitusHûneftigenStasjon Breda-PrinsenbeekSietske PoepjesGeldermalsenYouTubePakistanPeriheliumRoek2011Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen15 aprilHarley RaineEastenrykYnternetWestslavyske talenSina🡆 More