Paula Hitler

Paula Hitler (Hafeld, 21 jannewaris 1896 - Berchtesgaden, 1 juny 1960) wie de jongere suster fan Adolf Hitler en it jongste bern fan Alois Hitler sr.

Paula Hitler wie de iennichste folle suster fan Adolf Hitler dy't folwoeksen waard.

Libben en wurk

Nei it ferstjerren fan harren mem, joech Adolf Hitler syn part fan it wezepinsjoen oan syn suster. Yn de Earste Wrâldkriich en de jierren dêrnei hiene sy gjin kontakt mei elkoar. Fan 1929 ôf hiene hja alle jierren kontakt, meast by grutte nazi-eveneminten. Yn 1936 stelde Adolf har út har namme te feroarjen yn Paula Wolff (Adolf Hitler syn bynamme yn syn jonkheid wie Wolf). Paula Hitler waard fan har broer stipe fan de iere jierren tritich oant syn dea april 1945.

Paula Hitler die administratyf wurk yn in militêr sikehûs oant de ein fan de Twadde Wrâldoarloch. Sy waard troch de Amerikanen maaie 1945 arrestearre en letter yn dat jier wer frijlitten. Sy sei dat hja net leauwe koe dat har broer ferantwurdlik wie foar de Holocaust. De Amerikaanske ynljochtingetsjinst ferklearre dat út de loyaliteit fan in suster foar har broer oer. Nei't hja frijkaam wie ferfear Paula Hitler nei Wenen, dêr't hja oan it wurk gie yn in keunst- en ambachtswinkel. Yn 1952 ferhuze hja nei Berchtesgaden, nei in twakeamerappartemint, dêr't hja wenne oant har dea. Sy hat nea troud west en hie gjin bern.

Yn 2005 waard ûntdutsen dat Paula Hitler fersein wie oan Erwin Jekelius, in wreedferneamde Weenske dokter, dy't ferantwurdlik wie foar de dea fan 4000 geastlik- en lichaamlikbeheinden.. It houlik gie net troch fanwege Hitler, dy't it better talike dat syn suster net trouwe soe. Doe't Jekelius nei Berlyn reizge om Hitler de hân fan syn suster te freegjen, waard er ûnderweis troch de Gestapo oanholden. Hy waard nei it eastfront stjoerd, waard fan it Reade Leger fêstset en stoar as finzene yn 1952. Der binne oanwizings dat Paula Hitler de Dútsk-nasjonalistyske ideeën fan har broer dielde, mar hja hat nea polityk aktyf west.

Paula is beïerdige ûnder har eigen namme op de Bergfriedhof yn Berchtesgaden. Yn 2005 en 2006 waard yn Paula Hitler har grêf noch it pear beïerdige, dat it grêf de lêste jierren fersoarge hie. De namme Paula Hitler is fan it houten grêfmonumint ferdwûn; oer har name hinne is in houten boerd oanbrocht mei de nammen fan it troud pear.

Literatuer

  • A. Kubizek, Adolf Hitler mein Jugendfreund, Leopold Stocker Verlag, 1953.
  • B. F. Smith, Adolf Hitler: His Family, Childhood and Youth, Hoover Institute, 1967.
  • J. Fest, C. Hitler, Verlag Ullstein, 1973
  • Ian Kershaw, Adolf Hitler : 1889-1936, tome I, Norton, 1999.
  • L. Richard, D'où vient Adolf Hitler ? Tentative de démythification, Autrement, 2000.
  • C. Mulack, Klara Hitler. Muttersein im Patriarchat, Göttertverlag, 2005.
  • Marc Vermeeren, De jeugd van Adolf Hitler 1889–1907 en zijn familie en voorouders. Soesterberg, 2007, 420 blz. Utjouwerij Aspekt. ISBN 978-90-5911-606-1

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Paula Hitler Libben en wurkPaula Hitler LiteratuerPaula Hitler Keppelings om utensPaula Hitler1 juny1896196021 jannewarisAdolf HitlerAlois HitlerBerchtesgaden

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

DSilyOrlando (Floarida)2023Sineeske kalinder1937189028LucasfilmStêdMarijetsjerke (Wierum)MoskouRynSinkGlasgowEasternijtsjerkLofthaven Frankfurt am MainReinwâldHermann GöringFilmKubaDie Hard with a Vengeance21Iraanske kalinderIerlân201416e iuwMaitiid1955Pluto (planeet)Erebia2022Hebriuwsk42Rugby1981Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn)1931Abby Lee BrazilGEve MadisonYndianenAndor (telefyzjesearje)28 augustusPlakKairo1Thunderball (film)Sean LawlessNeakenmodelSpulJasmine AlohaSkimmelsDifyzjeDenemarkMarcel JancoFKoalstofKristusPoalenYALovette (pornografysk aktrise)IranSkriuwerKleaster WeerdHolokaust193929 oktoberBasilyk fan Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimming (Swol)Halona Vog1906King of Kings (film út 1961)🡆 More