Oerwinnende Bear

Oerwinnende Bear (Lakota: Matȟó Wayúhi, útspr.: ; Ingelske oersetting: Conquering Bear; ±1800 – 19 augustus 1854) wie in opperhaad fan 'e Brulee-substamme fan 'e Lakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika.

Syn dea troch de hân fan senuweftige Amerikaanske soldaat rûn yn 1854 út op it Grattan-bloedbad.

Oerwinnende Bear
persoanlike bysûnderheden
echte namme Matȟó Wayúhi
oare namme Conquering Bear
berne ±1800
berteplak ?
stoarn 19 augustus 1854
stjerplak oan 'e Noardlike Platte
(Wyoming)
etnisiteit Oerwinnende Bear Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Brulee
jierren aktyf ±18251854

Libben

Yn 1851 wie Oerwinnende Bear ien fan 'e ûndertekeners fan it earste Ferdrach fan Fort Laramie, wêrby't de Amerikaanske oerheid grutte dielen fan 'e flakten oan 'e Yndianen tasei. Yn augustus 1854, doe't nei skatting sa'n 4.000 Sû gearkommen wiene oan 'e rivier de Noardlike Platte, yn ôfwachting fan 'e útdieling fan harren jierjilden troch fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske regear, stiel in Minnikonzjû-kriger in ko fan in mormoanske karafaan op trochreis. Hoewol't sokke gefallen neffens de betingsten fan it ferdrach troch de pleatslike Yndiaansk agint ôfhannele wurde moasten, bemuoide it Amerikaanske leger him dermei, troch in kavalerydetasjemint ûnder lieding fan luitenant John Lawrence Grattan nei it grutte Yndiaanske kamp ta te stjoeren om ferhaal te heljen.

Grattan easke fan Oerwinnende Bear, dy't it wurd fierde foar de Sû, dat de Minnikonzjû-kriger dy't de ko stellen hie, oan him útlevere wurde soe. Oerwinnende Bear wegere dat, en troch de dronkenskip fan 'e tolk Lucien Auguste en de grutte oermacht fan hast 1.200 krigers, ûntstie der al rillegau in spande sitewaasje. Doe't in senuweftige soldaat Oerwinnende Bear delskeat, rûn dit barren út op it saneamde Grattan-bloedbad of Grattan-gefjocht, wêrby't 29 fan 'e 31 leden fan it kavalerydetasjemint omkamen. Oerwinnende Bear stoar fuort letter oan syn ferwûnings en waard as opperhaad opfolge troch Lytse Tonger.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

1800185419 augustusBruleeFeriene SteatenGrutte Flakten (Noard-Amearika)IngelskLakota (folk)Lakota (taal)Noard-AmearikaSû (folk)Yndianen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Fryske gemeentenFlaanderen5 augustusGeslachtsmienskipIggy PopAdolf HitlerCJ MilesRamon (pornografysk akteur)OarehelteE1941Cliff JensenNeakenensFryske KultuerriedSpier23 aprilNASASiselMasturbaasjeHerne de JagerPunch (drinken)LondenHantsjemierHarmony Wonder1958Domtsjerke fan CefalùWebloch11 julyMockemastins (Ie)Anneke DoumaAletta OceanKontrakt1947Gerben AbmaSekshâldingLjouwerter KranteEtiopyske kalinder1815TiidPornoakteur1992HaadsideFeriene KeninkrykT-sekshâldingWylde knynAmerikaanske dollarPriya Price1927Bo SinnJaylene RioSosjologyLogan LongLaserCharlie ChaplinEreksjeKeatsenCharley AtwellRegierungsbezirkJan Krol (akteur)Kristlik Frysk SelskipDútslânEala Frya FresenaGolden Gate BrêgeSûchdierenSarah YoungOlivier van de VoortRedbadOflûken (seksualiteit)18 febrewarisKascha Papillon23 septimber🡆 More