Film Nynke: Film út 2001 fan Pieter Verhoeff

Nynke is in Fryske film út 2001 ûnder rezjy fan Pieter Verhoeff (1938-2019).

Verhoeff skreau ek it senario; de muzyk is fan Cees Bijlstra. De film krige twa 'Gouden Kalveren': ien foar bêste film en ien foar bêste aktrise Monique Hendrickx. Dêrneist die 'Nynke' mei foar in Oskar yn de kategory 'bêste bûtenlânske film'.

Nynke
Film Nynke: Film út 2001 fan Pieter Verhoeff film
makkers
regisseur Pieter Verhoeff
produsint Hans de Weers
Hans de Wolf
útfierend
   produsint
Bert Bijdam
senario Pieter Verhoeff
kamerarezjy Paul van den Bos
muzyk Cees Bijlstra
distribúsje UIP
VPRO
spilers
haadrollen Monic Hendrickx
Jeroen Willems
byrollen Peter Tuinman
Rients Gratama
Joke Tjalsma
Carine Crutzen
skaaimerken
lân/lannen Film Nynke: Film út 2001 fan Pieter Verhoeff Feriene Steaten
premiêre 6 septimber 2001
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske biografyske film
taal Frysk (ek wat Nederlânsk)
spyltiid 110 minuten
budget en resultaten
prizen Gouden Keal 2001

Ynhâld

Haadpersoan Nynke is Nynke fan Hichtum, in pseudonym fan Sjoukje Bokma de Boer. De film is autobiografysk. 'Nynke' wol hegerop en komt yn ’e kunde mei studint Piter Jelles Troelstra, dy’t rjochten studearret. Se kinne tegearre goed oer literatuer, dichtsjen en oare kulturele saken prate.

Sjoukje skriuwt sels ek: it letter ferneamde 'De Tsien fan Martens Afke' (Ned.:'Afkes Tiental'); yn haadpersoan Afke sitte in soad autobiografyske eleminten fan Nynke. Nei harren trouwen krijt Sjoukje lykwols hieltiten mear in byrol, as Piter Jelles mear de sosjalistyske foaroanman wurdt. Hja is der slim ûngelokkich ûnder. Se is faak siik en komt mear en mear allinnich te stean. De sykte fan Nynke is op’t lêst sa slim dat se in senuwynsinking krijt. De film spilet yn de tiid fan de Yndustriële Revolúsje; de earste foarmen fan feminisme wurde oanrekke. Neffens har psychiater hawwe har problemen te krijen mei har ynderlike striid tusken mem-wêzen en har ambysjes. Sy en Piter Jelles groeie op it lêst dochs útinoar.

Rolferdieling

Prizen

  • (winner) Gouden Keal - foar bêste aktrise (Monique Hendrickx)
  • (nominaasje) Gouden Keal - foar bêste akteur (Jeroen Willems)
  • (nominaasje) Gouden Keal - foar bêste regisseur
  • Gouden Film - foar 100.000 besikers
  • 3e plak op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Emden
  • (winner) bêste aktrise (sjury priis) op it Filmfestival fan Newport Beach

Tags:

2001Cees BijlstraMonique HendrickxPieter Verhoeff

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

2012Shae SummersNoetseleMolekulêre biologyPhoenix (Arizona)William ShakespeareHollânSûkerbôleSandy MilzISBNMiranda WerkmanWoansdeiSietske PoepjesMuzyksjenreProstituee30 jannewarisFideoBetlehim1766GeslachtsmienskipShalina DevineGielsnaffelleppelbekPakistanNasjonale feestdei2004Maksiminus TraksWylpreagerfûgelsNashville (Tennessee)Seksuele opwiningWopke de VegtJulie SkyhighKleanLetsk19 maartJob Cohen1790Vanda VitusWebsteeGemeenten fan NederlânLuna SilverNoardfryskKatedraal fan UdineKeiran LeeDaisy SummersKomykAubrey KateNasjonaal Park Yellowstone19e iuwMirka Antolović-TipurićHelpFaasjeJan Hepkes WoudaEdelgasUnbemanne fleanmasineKeningsleppelbekHarmony WonderOseanografyRhylee RichardsNational Basketball AssociationNeakenmodelGrover ClevelandFeriene KeninkrykToplessLeppelbekkenMarijn KuipersAugustus Oktavianus🡆 More