Pieter Verhoeff

Pieter Verhoeff (De Lemmer, 4 febrewaris 1938 - Amsterdam, 17 april 2019) wie in Fryske film- en dokumintêreregisseur om utens.

Pieter Verhoeff
Pieter Verhoeff regisseur en/of produsint
Pieter Verhoeff yn 1987
Pieter Verhoeff yn 1987
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 4 febrewaris 1938
berteplak De Lemmer
stoarn 17 april 2019 (81 jier)
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as Regisseur
jierren aktyf 1966-2019
prizen Gouden Kalf (njoggen kear)
offisjele webside
(in) IMDb-profyl
Profyl by Moviemeter

Libben en wurk

Verhoeff folge de Nederlânske Filmakademy, dêr't er yn 1966 ôfstudearre. Hy waard yn 't foarste plak bekend fan de spylfilms Het teken van het beest (in ferfilming fan de roman De houn sil om jim bylje fan Rink van der Velde oer IJje Wijkstra, dy't yn 1929 fjouwer fjildwachters deaskeat), De Dream (oer de Hogerhuis-saak yn 1895), en Nynke (oer Nienke van Hichtum en Pieter Jelles Troelstra). Omdat dy films alle trije yn Fryslân splen, wie Verhoeff wolris benaud om as de streek-romancier van de Nederlandse film beskôge te wurden.

Njonken spylfilms makke Verhoeff fan de jierren santich ôf ek dokumintêres. Faaks is er ek de earste Nederlânske regisseur west dy't in pseudo-dokumintêre makke, Rudy Schokker huilt niet meer út 1972 ( mei in senario fan Gerben Hellinga). Ek regissearre er ôfleveringen fan Het Gat van Nederland en wie er de earste regisseur fan Jiskefet; hy wie ek de betinker fan de titel fan dat programma. Yn 1988 wie Verhoeff de gast yn it praatprogramma Zomergasten. Yn De fjoertoer, dy't him ôfspilet om de fjoertoer fan De Lemmer, ferhelle er in stik fan syn eigen skiednis en fan syn broer, in Ynjegonger dy't nei't er weromkaam wie net mear aardzje koe.

Yn 2007 regissearre er de telefysje-útstjoeringen fan Radio Bergeijk foar de VPRO. Yn 2008 ferskynde syn film De Brief voor de Koning, de ferfilming fan it boek De brief voor de koning fan Tonke Dragt. Dêrnei produsearre er ûnder mear Tokyo Trials, oer it proses fan Tokio en de rol fan Bert Röling. Yn 2017 wurke Verhoeff oan in film oer de Nederlânske skriuwer Herman Koch.

Filmografy

  • Ali en Nino
  • Grote Klaas
  • Hoor je 't ook eens van een ander (1968)
  • Roel gaat weg (1970)
  • Gat van Nederland (1972) - Items
  • Rudy Schokker huilt niet meer (1972)
  • Kleine Klaas en grote Klaas (1974)
  • In het voetspoor van Athanasius Kircher (1974)
  • De Hoogovenstaking (1975)
  • Trees (passy en begearte (1975)
  • Droomland (1976) (diel 1)
  • De Volharding 1976
  • De bewakers (1977)
  • De Strijd om de Stad (1978)
  • Modern leven - ôfl. 1 & 3 (1979)
  • Het teken van het beest (1980)
  • De Katvanger (1980)
  • Dynamische krachten (1982)
  • De Dream (1985)
  • Blindeman (1986)
  • Van geluk gesproken (1987)
  • Buiten Beeld (1989)
  • Jiskefet (1990)
    • Jiskefet (Oboema - diel 3) (1990)
    • Jiskefet - kompilaasje (1990)
    • Jiskefet (ôfl. 4) (1991)
  • De zondagsjongen (1991)
  • De Fjoertoer (1994)
  • De langste reis (1996)
  • It Fryslân fan Pieter Verhoeff (1999)
  • Maten (1999)
  • Nynke (2001)
  • Eigen weg (foarhinne: “Vrij naar de natuur”) (2002)
  • Alles komt ergens van (2003)
  • De strijd der Volharding (2003)
  • Een gelukkige hand (2005).
  • Yn dat sykjen sûnder finen (2006) - dokumintêre oer dichter Tsjêbbe Hettinga
  • De brief voor de koning (2008)
  • Tokyo Trials (2017)

Sûnt juny 2009 wie er in Fryske spylfilm, licht basearre op de opera 'Carmen', oan it tarieden mei de tenoar Albert Bonnema.

Underskiedings

  • In Gouden Keal foar:
    • Het teken van het beest (1980)
    • De Dream 1985
    • Van Geluk gesproken ( 1987)
    • Nynke (2001)

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Pieter Verhoeff Libben en wurkPieter Verhoeff FilmografyPieter Verhoeff UnderskiedingsPieter Verhoeff Keppeling om utensPieter Verhoeff17 april193820194 febrewarisAmsterdamDe Lemmer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Twadde WrâldkriichList fan Romeinske keizersFryslânEchte mûzenRiviermûningHarmony WonderToby AlderweireldAngela PostmaSwartewetterskleasterVictoria Givens2024Rosamund PikePornoakteurGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2004Richard SchuilList fan planetoïden 75201-75300Noelle EastonYuichi KomanoISBN1333WikidataOekraïneStoomgemaal MastenbroekYndiaaske pappegaaidoPolo op de Olympyske Simmerspullen 1900Grafhorst (Nederlân)Gryt van DuinenAlexa FlexyList fan planetoïden 24901-25000List fan Frysktalige tydskriftenPanhandle fan TeksasMax WernerKoördinearre WrâldtiidPaulina SeikolaGaya PatalJ.A. Bruins jr.feehâlderijISO 3166-1SpanjeJayden LeeTwinterâneHeather LeeLâningte14e iuwBiologyBisdom HelsingørNana AppiahSpûkferhaalSwartewetterlânRagenfridUtert (stêd)Saya Song19811899Hidetoshi NakataFormosapappegaaidoSophie HilbrandLyts-Fryslân (Ommelannen)Hein OtterspeerJouke Annes BakkerList fan Belgyske keunstskilders🡆 More