Harns Noarderhaven 106

It pakhús oan de Noarderhaven 106 is in monumintaal pân yn de stêd Harns.

Harns Noarderhaven 106
It pakhús oan de Noarderhaven 106 anno 2011’’

Skiednis

It pakhús, mei fjouwer ferdjippings, waard yn 1657 boud yn opdracht fan de keapman Sicce Lubberts. Under waard brûkt foar de opslach fan wyn en de fjouwer ferdjippings waarden brûkt as nôtpakhús. De foargevel oan de noardkant hat in letmaniëristyske trepgevel. De ûntlêstingsbôgen fan de finsters op de ferdjippingen binne dekorearre mei in blokfoarmich patroan. It pân stiet op de hoeke fan de Roepersteech. Yn de sydgevel oan de Roepersteech is in trepgevel mei in hysbalke. Efter dit pân liet Lubberts yn itselde jier 1657 de mouterij ferbouwe ta noch in pakhús. Ek in wenhûs dêrefter oan de Foarstrjitte 61, wie yn besit fan Lubberts en krige troch him yn 1657 in letmaniëristyske trepgevel. Yn dizze wenning soe yn 1898 de skriuwer Simon Vestdijk berne wurde.

Harns Noarderhaven 106 
De gevelstien mei de inisjalen fan Sicce Lubberts

Oan beide kanten fan de finsters op de earste ferdjipping sitte reliëfs mei de ôfbylden fan de Romeinske godheden Fenus, Seares, Bacchus en Aeolus of Fortuna as symboalen foar de fjouwer jiergongen. Yn it fries yn de foargevel sitte gevelstiennen mei dêrop "anno", "1657" en in stien mei in reliëfdekoraasje en de inisjalen S en L, fan de eigener Sicce Lubberts (sjoch ôfbyld)

It pân is erkend as ryksmonumint. Sûnt 1930 is it pân yn besit fan de feriening Hendrick de Keyser, yn 1978 waard it eartiidske pakhús restaurearre.

Harns Noarderhaven 106 
De reliëfs mei de Romeinske godheden as symboalen foar de fjouwer jiergongen

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Harns (stêd)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Fen Fryske GrounAfrikaanske leppelbekFeriene SteatenSeksuele opwiningLytse leppelbekShae SummersKunnilingusKatedraal fan OtrantoSeksuele penetraasjeRosa CaraccioloJade MarcelaSeimunds pappegaaidoSietske PoepjesSeefdrukGonny GaakeerHaadsidePornoaktriseGamal Abdel NasserAustraalje (lân)Jade Jantzen9e iuw f.Kr.FilipinenLetskVanessa SkyMaltaDelotta BrownGemeenten fan NederlânLuna SilverKylee Strutt6 novimberOezbekistan1868Grammy AwardRottekopArwen GoldDe BoarnNoardfryskEarmoedeFeankeninginneWilliam ShakespearePeter BoszLietSporthalRealitypornografyISBNMaría del Carmen CarricartHelpMarijn KuipersJulianna VegaInterstellar (film)Fryske Bernekrante19e iuwVina SkyFryslânEvelyn LinAlbum (muzyk)Jasmine AlohaWilhelmusKleurAnno GalamaLimoerhalskankerStikelbaarchFilmAlgerijeSasha BeartFaasje🡆 More