Nanne Ottema

Nanne Ottema (Ljouwert, 4 maaie 1874 - dêre, 20 juny 1955) wie in notaris en keunstsamler út Ljouwert.

Nanne Ottema
Nanne Ottema

Hy wie in soan fan Allert Ottema en Maria Franciska Fellinga. Al jong begûn er mei it sammeljen fan eastersk ierdewurk. Oan it Princessehof, dêr't er konservator fan wie, hat Ottema in unike kolleksje neilitten. Ek lânseigen ierdewurk, folkskeunst en klaaiïnge waarden troch him sammele en bestudearre. In soad guod is foar Fryslân bewarre bleaun en wurdt no yn museum It Prinsessehof en it Frysk Museum tentoansteld. Jierrenlang wie Nanne Ottema bestjoerslid fan it Frysk Genoatskip en lid fan Provinsjale Steaten fan 7 july 1931 oant 1935.

Ottema-Kingma Stichting

De Ottema-Kingma Stichting fan Nanne Ottema en syn frou Grytsje Kingma dy't yn 1955 harren besittings erfde, hat as doel de keunst en wittenskip, en dan benammen alles wat fan belang is op âldheidkundich, keunst- en kultuerhistoarysk mêd te tsjinjen. Dêrby ek it tsjinjen fan de Hiemskutgedachte yn Ljouwert en yn Fryslân. De stifting beheart de neilittenskip fan de erflitters.

Literatuer

  • Kalma, J.J., Nanne Ottema; Aartsverzamelaar en museumbouwer, Ljouwert 1957
  • Roding, M., In de voetsporen van Nanne Ottema. Veertig jaar cultuurbehoud door de Ottema-Kingma Stichting, Ljouwert 1995
  • Veen, H.T., Nanne Ottema : een kleurrijk verzamelaar, Frjentsjer 1999
  • Halbertsma, H., Herinneringen aan Nanne Ottema, yn De Vrije Fries 80 (Ljouwert, 2000) s.125-141
  • Hoeve, S. ten, Nanne Ottema’s betekenis voor Friesland, yn: De Vrije Fries 82 (Ljouwert, 2002), s. 204-211
  • Hoeve, S. ten, Nanne Ottema (1874-1955) en het Fries Scheepvaart Museum, yn: Jaarverslag van het Fries Scheepvaart Museum en Oudheidkamer 2004 (Snits, 2005), s. 69- 85.
  • Wegener Sleeswyk, R.S. e.o., De museumcollecties: een lust en een must!, Ljouwert 2005
  • Antoon Ott, Verzameldrift. Biografie van Nanne Ottema (1874-1955). Utjouwerij Noordbroek, 2022

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • J.J. Kalma - Nanne Ottema, aartssamler en museumbouwer (1957)
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Ottema, Nanne.

Tags:

Nanne Ottema Ottema-Kingma StichtingNanne Ottema LiteratuerNanne Ottema Keppeling om utensNanne Ottema1874195520 juny4 maaieLjouwert (stêd)Notaris

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Gaspard BauhinIngelân30 maartAnna BoleynDrankbestriding1937MontrealNeakenmodelMozilla FirefoxHeather LeeIngelskMadagascar (film út 2005)HaskerlânDifyzjeLovette (pornografysk aktrise)Are78HarelbekeSharon Lee (pornografysk aktrise)OmsetKees van Kooten26MaitiidHúshâldingMyl2018Easternijtsjerk9 maart5e iuwZheng HeCowgirlhâldingYndiaaske kalinderFerstjerrenHDJ ParisaGeslachtsmienskipGerald FordRobert I fan SkotlânRhythm and bluesThe King's Speech (film)LittenseradielPortegeeskAteneKairoReinwâldHillige Roomske Ryk193929 oktober96Orlando (Floarida)2003Japanske yenNammeSkilderijCamilla Parker BowlesHermann GöringTsjechje28 augustusPornoakteurIOflûken (seksualiteit)10 febrewaris1995PoalenAmerikaansk fuotbalKoalstofWetLas VegasPlak🡆 More