Ingel Moroni

Moroni is de ingel, dy't neffens de Mormoanen yn 1827 oan de Amearikaanske profeet Joseph Smith ferskynde en him op in heuvel tichteby syn hûs yn Manchester, New York, it plak sjen liet, dêr't mysterieuze gouden platen bedobbe wiene.

De gouden platen beskreaune neffens de Mormoanske tradysje yn in Egyptysk skrift de skiednis fan in folk, dat 600 jier foar de berte fan Jezus fanút Jeruzalim troch God nei it westlik healrûn laat waard. Smith sette de gouden platen oer en publisearre syn wurk as it Boek fan Mormon. Nei it oersetten krige Smith de opdracht om de platen op 'e nij te ferbergjen.

Ingel Moroni
De ingel Moroni mei de Stjer fan David

Moroni wie oarspronklik de soan fan de joadske fjildhear Mormon, dy't om 400 hinne libbe hawwe soe yn wat hjieddedei de Feriene Steaten binne. Mormon hold de skiednis fan syn folk by en droech syn wurk oer op syn soan Moroni. De oersetting fan de gouden platen waard yn bundel fan in tal boeken útjûn. It Boek fan Mormon is it religieuze fûnemint en ien fan de hillige skriften fan it leauwe fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen (Mormoanen). Moroni wie de lêste profeet fan dat folk en bedobbe de platen, nei't God him tasein hie de platen op in letter stuit wer te iepenbierjen.


Tags:

Boek fan MormonFeriene Steaten fan AmearikaGouden platenJeruzalimJezus (tradisjoneel-kristlik)Joseph SmithMormoanenNew York (steat)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm SpringsGlamourfotografyJapanAustraalje (lân)Sarah Young14 maartPausAfro-AmerikanenJada StevensSogn og FjordaneAfrica SexxAlexa FlexySkiednisTreron pembaensisBoekHûnKatGaelyske talenHylpenLiza MinnelliJ. MacNicole BexleyMaksiminus TraksSeksuele yntimidaasje1968OekraïneDûbele penetraasjeEastlike greidwrotmûsIngwierrumSintraal-Afrikaanske RepublykMetallic-kleurMinsklik lichemNoard-AmearikaGazastripeWurdumBreedtekenSkiermûntseagerskJohnny CashKoördinearre WrâldtiidSineeskKaribyske lamantyn88 f.Kr.WringeleazenCJ MilesNoardfryskMay ThaiHarmen SytstraPornografyGrykskWrakseljenSkilderkeunstSiren ThornMissoery (steat)Santa Ana (Kalifornje)Agnes TilliHamilton (Ontario)28 maartLangsturtwrotmûsRepublykJane BirkinNapali VideoDe BoarnVienna BlackAlgerynske mûsShalina DevineBibelBlauSandy Milz🡆 More