Lûd Mixen

Mixen, lûdsmixing, audiomixing of miksaazje is in proses wêrby't ferskate soarten lûden kombinearre wurde yn ien of mear lûdskanalen.

Dêrby wurde folumenivo, frekwinsje-ynhâld, dynamyk en panoramyske posysje manipulearre en ferbettere. Dy praktyske, estetyske of kreätive behanneling wurdt tapast om in einferzje fan it lûd te berikken dy't noflik is om nei te harkjen. Mixen wurdt dien by muzykopnames, films, tillefyzje en live-lûd. It wurdt ornaris ferrjochte troch in mixingtechnikus dy't in audiomixingpaniel of in digitaal audiowurkstasjon ta syn foldwaan hat.

Lûd Mixen
In audiomixingpaniel yn in kontrôlekeamer fan in tillefyzjestudio.

Muzykopnames

Foar de ynfiering fan multitrackrecordingtechniken moasten alle lûden en lûdseffekten dy't diel útmeitsje moasten fan in lûdsopname, yn ien kear trochinoar mixt wurde by in live-optreden. As de lûdsmix net nei 't sin wie, of as ien muzikant in flater begie, moast it hiele muzykstik oerdien wurde oant eltsenien der tefreden oer wie. Soks heart tsjintwurdich lykwols ta it ferline. Troch multitrackrecording kinne alle ûnderdielen fan 'e úteinlike lûdsmix by it mixen fan muzyk apart faninoar opnommen wurde om letter yn 'e studio mixt te wurden. Dy fernijing hat de muzykyndustry radikaal feroare. De produksjefaze bestiet no yn 'e regel út trije stadia: opname, overdubbing en mixdown.

Lûd Mixen 
It mixen fan live-muzyk by in optreden.

Films en tillefyzje

It mixen fan lûd foar films en tillefyzjeprogramma's is in proses dat diel útmakket fan 'e postproduksje. Dêroan giet de lûdsmontaazje foarôf, wêrby't trije soarten lûden opboud wurde: dialooch, lûdseffekten (eftergrûnlûden) en filmmuzyk. By de lûdsmixing wurde dy trije soarten lûden gearmongen ta ien floeiend gehiel.

Live-lûd

It mixen fan live-lûd is it proses fan it gearmingen fan ferskate lûdsboarnen by in live-optreden troch it gebrûk fan in audiomixingpaniel. De lûdsboarnen kinne de muzyk wêze dy't troch ôfsûnderlike ynstruminten produsearre wurdt, mar ek sjongstimmen en foarôf opnommen materiaal. Live-discjockeys wurkje útslutend mei yn it foar opnommen materiaal.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Lûd Mixen MuzykopnamesLûd Mixen Films en tillefyzjeLûd Mixen Live-lûdLûd MixenEstetykFilmLûdMuzykTillefyzje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

2020Vina SkyFrits ThorsDyami MillarsonNicole BexleyMaxi MikitaJeraazjeDouglas Aircraft CompanyDierenAFRONDomtsjerke fan CefalùTroudLjouwerter KranteGNU/FDLCherokee d'AssBo Sinn1822SkiednisShanghaiStrawelte1 oktoberPenjumTiidRuslânFrysk1968HynstekrêftMilennium1992Daisy SummersWikipedySinaAnita GyöngyHûnenLuna CorazónIranKya TropicVanessa SkyWylde knynSilvio Berlusconi1980Doekle Terpstra1943Leisure Time EntertainmentPrêrjewolfKristlik Frysk SelskipGermaanske talenJulie SkyhighRjûkjûaanske mûsCarles Puigdemont1947Cassandra WildeFrede1953Inga RiderePredaasjeCliff Jensen1950-er jierrenCountrySan Jose (Kalifornje)Tweintichste iuwRivierHaarlim🡆 More