Noch wolkom op de Fryske Wikipedy.
Haadside Werom nei de haadside | Meidoggersside Gean nei de meidoggersside fan J'88 | Bydragen Bydragen fan J'88 | Nije siden Siden makke troch J'88 | Oerlisside Nei de oerlisside fan J'88 | |||||||
In pear oanwizings:
No sa earst mar wêr, in protte nocht en wille tawinske, Theun 31 jan 2007, 19.33 (CET)
Eala J'88,
Hjir haw ik in foarbyld fan de Koprâne. Kies yn de boppenste spalk wizigje, en mei ctrl-c en ctrl-v kinst ûndersteande yn dyn meidoggerside plakke.
TEKST titel |
---|
TEKST |
Groetnis Kening Aldgilles 22:02 UTC 05 feb 07
Hi J'88,
Jo hawwe juster in nije side oanmakke, ik nim oan oerset fan :nl. No is dy side alris earder oerset, as List fan hearskers yn Fryslân. Dêrom haw ik fan de side dy't jo oanmakke hawwe mar in REDIRECT makke. Theun 8 feb 2007, 06.53 (CET)
Oooh, dan hie ik die oer de kop sjoen.J'88 8 feb 2007, 12.23 (CET)
Jo hawwe in side Frysktalige Wikipedy oanmakke. No liket dit mear in side dy't by de behearsiden dy't under Wikipedy:Mienskip falle heart as yn de ensyklopedy nammeromte. Ik soe dizze side dan ek graach werneamt hawwe wolle ta Wikipedy:Frysktalige Wikipedy. No hawwe wy krekt de haadside bot oanpast en de mienskip-side mei de siden dy't dêr under falle moatte eins ek noch trochrûn wurde. At jo dêr niget oan hawwe kinne jo dêr miskien ek ris nei sjen. Ik haw wat dat oangiet op it stuit net safolle ynspiraasje (as nocht).
It opladen fan de in ôfbyld fan de haadside om de pear dagen hat neffens my ek net safolle sin, wat wie jo bedoeling dermei? Theun 10 feb 2007, 18.49 (CET)
Ik ha dat printsje op nij opladen omdat ik fûn dat it âlde printsje net goed wie. Der wiene noch allegear keppeling pears en neffens my wie ik ek noch anmeld. It ston net sa goed sak mar sizze. En it wie ek net de bedoeling om no alwer in nei printsje derop te setten. It hat ek wol wat om oer twa jier te sjen hoe it er doe útseach. J'88 10 feb 2007, 19.01 (CET)
Sa'n side hiene wy eins al. Mar dy hiet fan Wikipedy (neist it algemiene Wiki), miskien de siden yninoar skowe? Theun 10 feb 2007, 19.03 (CET)
Sa as jo al yn de gaten hiene bin ik dwaande om te sjen of de ôfbylden dy't wy hjir brûke wol foldogge oan de regels fan de wikipedia. No hawwe jo Ofbyld:Bart Helmholt.jpg oanbean, derby hawwe jo wol oanjûn wêr oft it plaatsje weikomt mar hokker lisinsje dêrfoar jildt, is net dúdlik. Ek kin ik as ik op pbholland.com dêr neat oer fine. Dizze gegevens moatte al dúdlik wêze om de ôfbylden hjir hâlde te kinnen. Ofbylden moatte frij te brûken wêze sûnder beheinings op it mêd fan kommersjeel brûken of beheinings op it oanpassen.
Miskien binne oare ofbylde dy't jo oanbean hawwe ek wol op Commons beskikber mar dat kin ik net sa hurd fine. As der fragen binne of eat is jo net hielendal dúdlik, jou dan lûd. Theun 14 feb 2007, 21.19 (CET)
Oer die lisinsje: Wêr moat ik dat oanjaan dan? Op de Nederlânske Wikipedy ken dat mei san 'útfouwfak'. Mar soks kom ik hjir net tsjin.J'88 14 feb 2007, 23.22 (CET)
Dei J'88, jo binne wakker aktyf de lêste dagen. Der binne al in moai protsje siden by komd. Op de troch jo oanmakke side oer Derby hawwe jo by de kategory: Trochferwiisside setten. No is it faak wat lestich om in goede kategory te kiezen, faaks falt it net krekt ûnder ien en is it in kwestje fan in kar meitsje. No leit soks by Trochferwiisside justjes oars. Far safier ik neigean kin ( en ik lit my graach oertsjûgje as it oars is), is in Trochferwiisside bedoeld om ferskillende betsjuttings út inoar te hâlden, bg Snits (gemeente) / Snits (stêd) of boek (literatuer) / boek (beam). It jaan fan foarbylden lykas by Derby makket yn myn eagen noch net dat it ûnder Trochferwiisside falt. Wat tinkt jo hjir sels fan? Swarte Kees 19 mrt 2008, 15.06 (CET)
Tsja as ik in Nederlanner wêze soe, soe ik dat luchtliddige begryp Waadeilân stadichoan út alle atlassen weiwurde litte. Der is in Waadsee en de eilannen dy't yn 'e Waadsee lizze binne dus net automatysk Waadeilannen, mar ha de namme fan it wiere lân dêr't it eartiids by hearde: Fryslân
Groetnis Kening Aldgilles 20 foarjiersmoanne 2008, 18:46 (CET)
Dei J. By it oerlêzen fan jo listke mei oanmakke artikels foel my op dat der in pear by steane dy't oanmakke binne troch in ûnbekende. Binne jo dat sels (IP nûmers op .90 en .168?) It stikje fan Aliter oer de FNP sil der by fersin tusken rekke wêze want dy stiet as skriuwer al yn 2005 neamd). Mei it tempo dat jo noch altyd folhâlde sjit it lekker op mei de groei fan it oantal siden. Groetnis, Swarte Kees 26 mrt 2008, 17.51 (CET)
Hoi J., nim my net kwea ôf, mar ik haw hjoed wat yn dyn teksten om sitte grieme. Ik fûn de ynhâld tige nijsgjirrich en koe ik net litte om hjir en dêr wat te wizigjen. Groetnis --Geoffrey 31 mrt 2008, 19.27 (CEST)
Moarn, in berjocht oanmeitsje is in dreech putsje. Meastal sykje ik op de Nederlânske wikipedy om in foarbyld en gean dêr mei oan de gong. De moast der gewoan wat mei omtsjûne en it besykje en ast net slaggest help ik dy wol. Hoe't krekt allegearre wurket wit ik ek net. --Geoffrey 18 maaie 2008, 09.08 (CEST)
Kinne jo nochris nei dy 70.000 euro sjen dy't Sportklub It Hearrenfean fan Aksje '67 hân hat. Binne dy omrekkene, of binne it gûnes? Aliter 25 aug 2008, 21.15 (CEST)
Goed dat jo in side skriuwe dy't net daalks mei Fryslân te krijen hat; der wurde wolris wat te folle siden yn de Wikipedy skreaun oer dy iene provinsje. It is spitich dat it kaartsje CC is, wêrtroch it net legaal ûnder GFDL brûkt wurde kin. Wy moatte mar hoopje dat Wikimedia, no't it harren mûglik makke is, oergean sil op CC, dat ditsoarte fan problemen oplost wurde sil. It past oer it grutste marrengebiet fan Nederlân haw ik efkes fuorthelle oant wy in better fergelyk hawwe mei de 30.000 ha fan de Fryske Marren.
Wat al wat ûngewoan liket is de oersetting "marren" foar "plassen". Hienen jo dêr in bepaalde grûn foar, of wie dat der troch it begjinrym ynkaam? Aliter 19 nov 2008, 19.53 (CET)
Jo binne de ienichste net dy't net begrypt wêrom der troch guon CC-plaatsjes yn de wikipedyen brûkt wurde. Wy moatte it der mar op hâlde dat Commons it net makliker makket om te sjen at eat tastean is: wat dêr stiet kin ommers likegoed foar Wikinews wêze; dy binne al CC.
"Plas" koe, foar wiid groeven wetter, "dobbe" wêze, at it net te djip en net te grut is. Mar yn dit gefal moat it mar "plasse" wêze, tink. Dan wurde it "Maasplassen", wat grif nimmen fernuvere sil. Aliter 19 nov 2008, 21.45 (CET)
Hoi! Kinsto helpe my? How do you translate this into Frysk?
Hoi! I seee, you are active, again. Could you translate to me these lines into Frysk? :) :) :) I need to know that. It will be a part of a letter. --Eino81 20 nov 2008, 14.22 (CET)
OK, then in English:
By the way, what do you mean, the Dutch tarnslation was pore? How could you say these lines in dutch better? Where was the problem? I ask it, beacuse a Vlaams girl see these sentences, and she said, it was OK... --Eino81 20 nov 2008, 14.34 (CET)
It wie in goed idee om in ferbân te lizzen mei de stavering "Rintsje". Mar de Skûtsjesiler en de Reedrider hjitte beide fan "Rintje", dat dat moatte al de haadyngongen bliuwe. Ik haw de siden al foar jo weromdraaid, en ik haw in keppeling nei de Reedrider syn webstee opnaam; wa twifelet kin it dêr neisjen. Wat dêr stiet jout oars al it idee dat er stopt is mei reedriden; at jo der aardichheid oan hawwe soenen jo ris sjen kinne hoenear at dat bart is en hoe de side dêr oan oanpast wurde kin. Aliter 23 nov 2008, 18.50 (CET)
Ik bin fan plan in de kommende tiid wat mear nei dit slach 'flaters' te sykjen. Sa sjoch ik ek it wurd 'Europa' in protte op dizze Wikipedy. Sa bin der noch wol wat wurden. It soe goed weze as we mear fan dit soarte flaters derút helje.
In de takomst sil ik ris sjen at de side oer Rintje wat fierder oanpast wurde kin.J'88
Ik haw it foar no weromset op de ferzje sûnder dy tabel. Dat jout jo de tiid om it sa út te tinken dat it totaal fan de bridte fan tabel en ôfbyld net oer de 100% hinne komme kin, dat der net in grut stik neat njonken de kaart komt. Aliter 25 nov 2008, 18.19 (CET)
It begryp jo hawwe leaver net twa staverings fan itselde wurd trochelkoar yn de Wikipedy. Dat kin ik my yntinke, mar feitlikens is de Wikipedy mei dy ferskate staverings in goede ôfspegeling fan it Frysk, dat wurd- en staveringsfariaasje tastiet.
Soenen wy der nei oerlis al op út komme dat klup better wie, dan wie de oplossing lykwols net om nije siden oan te meitsjen mei titels mei dy stavering, om't op dy manear de sideskiednis weiwurdt. Yn stee dêrfan soenen wy dan de titels feroarje, dat de skiednis fan de side bestean bliuwt. Foar no haw ik dêrom de tekst oer Sportqluq It Hearrenfean tebekset nei de side dêr't de sideskiednis by is. At wy der al op útkomme dat de stavering feroare wurde moat, dan is jout de wiki ús dêr it ark ta. Aliter 4 des 2008, 00.13 (CET)
Ik leau, dat oerlis is by it ferkearde parseberjocht útkaam, mar it idee is goed. Kinne jo neisjen hokfoar adres? Binne der noch oaren? Mysha
Oare siden mei Frysk nijs bin der op it stuit nef neffens my. J'88
Jûn J'81, Niis hawwe jo in ekstra keppeling om utens oanmakke by it artikel oer Iepen Stâl. No stie dy der ek al by dat no is it dûbelop. Hienen jo hjir in bedoeling mei of is it mear in fersin? Groetnis, --Swarte Kees 6 feb 2009, 20.49 (CET)
Hallo, Yn de list fan spylsters stiet no wat harren "foarige klup". Mar binne dat net de klubs dêr't hja hieltiid ek noch by spylje? Alteast, is dat foar in part net sa? Mysha
Hallo, Yn de list fan spylsters stiet no wat harren "foarige klup". Mar binne dat net de klubs dêr't hja hieltiid ek noch by spylje? Alteast, is dat foar in part net sa? Mysha
Jûn J'88, ik sjoch datst by in oantal Fryske fuotballers dy't by Cambuur spile hawwe de kategory Cambuur fuort helle hast. Dat is my prima, útsein Jan Bruin, om't er neffens my en neffens in soad oare Ljouwerters by de klup Cambuur heart, krekt as Johan Abma by de klup heart. Gr.--Geoffrey 9 feb 2009, 22.19 (CET)
Yn de side oer Sportklub It Hearrenfean is Abe Lenstra opnommen yn de rige fan treners. Hy soe trener west ha yn it seizoen 1946-47. Dat liket my wat nuver ta, kloppet dit wol?--Geoffrey 19 maaie 2009, 21.13 (CEST)
De ynformaasje komt út Een pompeblêd als voetbalhart. Dat skreaun is foar it 75-jierrich bestean fan de klup.J'88
Ik haw twa ôfbylden makke, basearre op dy fan jo, foar de prestaasjes fan de manlju en froulju: Ofbyld:Prestaasjes_SK._It_Hearrenfean_-_manlju.png, Ofbyld:Prestaasjes_SK._It_Hearrenfean_-_froulju.png. Ik haw dat dien om't dy fan jo jpg-foarm hienen, wat by digitale tekenings altiten wat rommel jout; mei png-foarm is dat better. It grutse ferskil fierders is dat ik de jierkolommen net langer makke haw as it tal fan dielnimmers yn it jier. Ik ha ek de ferklearing wat oanpast, dat dy by beide deselde styl hawwe koe, en ik haw in skriuwflaterke fuorthelle en de namme fan de klup tafoegd. At it risseltaat akseptabel is dat koenen dy op de siden foar de Sportklup brûkt wurde. Aliter 24 maaie 2009, 18.46 (CEST)
Fansels, at jo risseltaten fan dit jier hawwe kinne de ôfbylden ienfâldich oanpast wurde. (Woenen jo it op _manlju op itselde tal jierren hâlde, as op itslede begjinjier?)
Ja, ik nim oan dat MS-Paint nei al dy tiid ek wolris oanpast wêze sil foar it ynlêzen fan PNG-triemmen. Der is lykwols gjin pikselnivo yn MS-Paint, dat it is net maklik om alles persys goed te hâlden. Aliter 4 jun 2009, 22.37 (CEST)
Hi, my friend! Could you make a Frysk translation about this article: en:István Sándorfi He is a Hungarian painter, my role-modell. He died in 2007, this is my rememberance for him. Thank you! --Eino81 29 okt 2009, 12.40 (CET)
Hoi J'88, sa ast sjoen hawwe kinst, haw ik in opsetsje makke foar in "Wisten jo dat" om te brûken yn 2010. Noch 12 berjochten te gean. Wat tinkst, hawwe wy genôch ynspiraasje om yn jannewaris oerstappe te kinnen?--Geoffrey 31 okt 2009, 15.58 (CET)
GoeJ'88, Jo hawwe niis in stikje oersetten oer Jitizer fan .nl. Faaks koenen jo de band ris oanskriuwe foar in pear foto's of it logo of sa? It fleuret de boel wat op. --Swarte Kees 4 nov 2009, 17.33 (CET)
Jun J., ik ha krekt reageare op dyn berjocht op de oerlisside Wistenjodat 2010. Ik fyn it op it stuit wol bêst wat de witenjodatsjes oangiet. Alle wiken in nije fyn ik al in hiele prestaasje en it jier dêrop kinne wy se gewoan wer opnij brûke. In hiele soad oare wikipedys wurke sa. Mar wat 2010 oangiet kinne der noch pear by, mar ik tink dasto dat wol op dy nimme wolst.
Wat de side fan de wike oangiet it folgjende. Wy hawwe no foar 2010 alle wiken in nij haadside artikel, útsein wike 51, dêr sto noch foar soarge silt. Wat my in útdaging liket is om foar 2011 alle dagen in nij haadside artikel te hawwe. Hoe liket dy dat? --Geoffrey 17 nov 2009, 23.07 (CET)
Ik bin drok dwaande west mei it stik oer Nederlânsk Ynje, mar de lêste dagen wat minder. De nocht is der efkes wat ôf. In skoftke tebek haw ik it artikel Desjima skreaun, dat is misskien wol wat foar op de haadside. Ek Kurasau is in moai artikel wurden dy't dêr stean kin. Oare artikels dy't ik sels moai fyn binne Ruslân en Renêssânse. It stik oer Nederlânsk Ynje wurdt tink ik wat foar de takomst.
Alle dagen in nij haadartikel yn 2011 komt tink ik wat te betiid. It jier derop soe kinne. We binne op it stuit mei in man as fiif dy't eltse dei in stik skriuwe. It meastepart dêrfan is om en de by de 2.000 bytes. Dêr binne we noch te lyts foar tink ik. Mar besykje kin altyd!--J'88 17 nov 2009, 23.44 (CET)
Tige Tank foar dyn help op De Deelen mei de koördinaten. Marco Roepers 18 nov 2009, 14.53 (CET)
Tank foar it plomke. Dat ik mei de wurden dwaande bin hat lykwols ek wolris oare gefolgen. Sa bin ik no op Wetterskip in synonym dêrfoar tsjinkaam dat ik nearne oars fine kin as yn de Wikipedy (en ôflate siden). Is dit wier in Frysk wurd, of is it in Hollânsk wurd dat wurdpart foar wurdpart oerset is en soe it oeral ienfâldich troch wetterskip ferfongen wurde moatte? Aliter 26 nov 2009, 23.19 (CET)
Ik woe it hjir net neame om't it hjir faaks net like maklik weihelle wurde koe, mar: ja, 'heechhiemrieskip'. At it dan konstruearre is, dan nim ik it net oer yn it Wikiwurdboek. It kin gauris barre dat in nl:-side in regionaal synonym brûkt dat yn it Frysk net bestiet. Per slot moatte hja dêr rekken hâlde mei Flaamske en Surinaamske sprekkers, dy't op it Frysk minder ynfloed hân hawwe. Aliter 27 nov 2009, 20.09 (CET)
Moai dat jo ek wat regaad makke hawwwe yn de Rubryk Romtlike Oardering. Der moat sa no en dan binnnen in kategory ommers wolris wat sortearre wurde. Tank.--Swarte Kees 27 nov 2009, 20.03 (CET)
De keppelings mei it Wikiwurdboek binne ek no al in berjocht: Berjocht:Wikiwurdboek. Der is ek in ferzje mei in lyts symboaltsje: Berjocht:WikiwurdboekLyts, mar dat seit fan alles ta wat faaks hielendal net op de wurdboekside te finen wêze sil.
Faaks koe der yn Berjocht:Wikiwurdboek in lyts symboaltsje tafoege wurde, at wy de css derby sette om it net heger as de tekstrigel wurde te litten, mar mei't der al twa ferzjes binne griem ik der leaver net te folle yn om om der mear ferzje by te meitsjen, útsein ik wit wat it doel fan de ferskate ferzjes is. Dêr komt dan noch by dat it al strykje moat mei wat wy op it stuit op it Wikiwurdboek as hiemteken hawwe.
Mar wat ik it measte tsjin haw tsjin dy grafyske ferzjes sa't dy no binne, en dat jildt ek foar Commonscat, is dat hja as div-s opboud binne, mei it gefolch dat hja de struktuer fan de side net folgje. Sjoch mar nei Meidogger_oerlis:Aliter#Wikiwurdboek, dêr't Commonscat nei de kantline weromfallen is, en dêr't jo dêrnei betiisd rekken en sels ek foaroan begûnen te skriuwen. Krektsa wurket soks betizend foar de lêzer. Om it even yn hokfoar fan de twa keppelingsseksjes sokke berjochten komme: Dy seksjes binne opboud as listen en de berjochten soenen dêryn pasje moatte.
It wikiwurdboek had in wikt:Berjocht:Wikipedy, dat krekt sa wurket as Berjocht:Wikiwurdboek.
Jûn J.,
Der wie noch ien artikel, wike 51, te gean. En omdat de tiid gjin skoft hâld, haw ik dat mar fêst oanmakke. Ik ha dyn artikel oer Desjima útkeazen. Asto noch wat oars fan doel wiest, moast it mar feroare. --Geoffrey 30 nov 2009, 21.01 (CET)
Wat dogge we foar it jier dêrop? Lykas by de wisten jo dat de boel werhelje? Of nije siden meitsje? Mooglik dat we dan yn 2012 besykje kinne eltse dei in nij artikel op de haadside te setten.--J'88 30 nov 2009, 21.07 (CET)
Jûn J., Hast ek in idee wannear't wy útein sette kinne mei alle dagen in nije dei yn de histoarje. It technyske diel kloppet no allegear en do bist al begûn mei de moanne jannewaris haw ik sjoen. Wat tinkst soe 1 jannewaris in opsy wêze?--Geoffrey 15 des 2009, 23.04 (CET)
Dear J'88, nice to meet you! I wonder if you would be so kind to help translate a very short-stub version of 3-4 sentences of this article for the Frysk Wikipedia? Thanks for your time. I hope to hear from you. Sincerely--Brezza del mare 16 des 2009, 08.50 (CET)
Môje J. Ik tink dat wy mei Barentssee goed sitte. Dy Z slacht ommers op Zoon. Drewes 23 des 2009, 00.02 (CET)
Jûn J., ik ha sa krekt dyn berjochtsje lêzen. Ja, wat sille wy dwaan. Ik fûn it al in hiele poepetoer om foar 53 wiken berjochten oan te meitsjen en it like my ta dat wy dêr noch wol wat jierren plezier fan hawwe kinne. It liket my yn alle gefallen net noadich om 52 nije berjochten foar 2011 oan te meitsjen. Asto noch in soad ynspiraasje hast soenen wy de wikeberjochten ek wol útwreide kinne mei fjouwer. Mar ik haw it hjir net foar it sizzen. Wat tinksto? --Geoffrey 11 jan 2010, 20.02 (CET)
Ik haw der ris nei sjoen. It ienichste wat ik der oan sjen kin is dat by it meitsjen fan de miniatuer protestearre wurdt tsjin it brûken fan de grûntriem. Ik haw der noch om nei de brekmelding west, mar dêr haw ik allinnich mar útfûn dat hja wer in grûn fûnen hienen om ús dochs fral net te helpen mei de nammeromtenammen. Ik haw no sa myn nocht fan al dy lju dy't sizze dat hja de mediawiki foar eltsenien better meitsje, at wy it no wolle as net; ik begjin der net mear oan. (Dat at jo dat plaatsje hawwe wolle: gewoan sels omsette ta in png; wa wit hoe lang it oars duorret ear't dy lju der efter binne.) It spyt my, ik hie der foar de Kryst wol sa'n bitsje myn nocht fan, en dit makket it ek net better. Ik leau ik moat mar ris in skoftsje net te folle mei Wiki te dwaan hawwe. Ik kin hjir op fy wol wat behearre, mar fierders leau ik dat ik mar ris in skoftke neat der oan doch. Aliter 20 jan 2010, 19.55 (CET)
Ja, net spesjaal foar jo, fansels, mar sa wie it op dat stuit. Ik besykje om hjir al wat te sjen. At ik der om tink, en it slagget jo oars net, dan meitsje ik dy png-eksport fan dat kaartje ek wolris. Dan hawwe jo der yn ale gefallen sa'n ferzje fan. Aliter 2 feb 2010, 23.40 (CET)
Goeie,
Ik ha in konsept makke foar de nije haadside. Sjoch hjir mar. Miskien fynsto myn konsept prachtich moai, miskien hasto in folslein oare miening. Graach de oerlisside (kopke 'Nije haadside') brûke foar diskusjes, fragen en opmerkingen. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 9 okt 2010, 20.51 (CEST)
Ik hie eins mei sin stean litten dat Kurasau it grutste eilân wie fan de Nederlânske Antillen, om't it fan de eilannen binnen it Keninkryk fan de Nederlanden wier it grutst is. It begryp Nederlânske Antillen slacht no allinnich op de eilannen, soe ik sizze, lykas it ek brûkt waard om de lannen NA en Arûba tegearre oan te tsjutten. Mar faaks moatte dêr dan twa siden foar komme, Nederlânske Antillen (lân) en Nederlânske Antillen (gebiet), of soks? Mysha
Goeie J'88,
Goed om te hearren dat jo ek meidwaan wolle. Ek ik wol dat it net alinne kwantitatief goed sit mei de siden oer de Olympyske Spullen mar ek dat it kwalytatief goed is. Dat ha ik ek probearre mei de Paralympyske Spullen in projekt dat ik alinne dien ha, en dêr sil fêst ek noch wol it ien en oar oan te ferbetterjen falle. Wikiice 1 nov 2010, 22.04 (CET)
Goeiejûn
Jo binne goed dwaande mei 1928 mar jo nimme it nederlânske artikel wol hiel letterlik oer. Sjoch as je oan it skriuwen binne ek ris nei de siden dy't ik as boarne oanjûn ha en sjoch ris hoe't de siden oer de Paralympyske Spullen der út sjogge. By de plaatsje bygelyks is it it moaiste as ja 200px oanhalde oars komme jo rap yn de problemen mei it brûken fan kolommen. En by de sporten is it neamen fan it oantal eveneminten by dy sport wat oerdreaun. By de lannen falt it my op dat jo it stikje oer dielnimmende lannen de berjochten fan hystoaryske lannen blikber net brûkke. it kin wêze dat jo ze net stean sjoen ha. dy berjochten steane ûnder oan op de siden mei berjochten. Mar foar de rest sjocht it der goed út. Groetnis Wikiice 4 nov 2010, 20.56 (CET)
Bêste J88,
Ik ha de referinsjes nei de websiden fan mens en gezondheid fuorthelle út de side oer de Spaanske Gryp. Ik ha der noch in skoft mei ompield, mar ik koe dy referinsjes wier net mear goed krije. Ien fan de problemen soe wêze kinne dat der gjin 'www' stiet yn it webadres mens-en-gezondheid.infonu.nl, dêrneist soe it samar wêze kinne dat it .infonu. problemen jout, want sokke websiden binne faak de 'goedkeapere' websiden. Ik tink dat wy hjir net in grut probleem fan meitsje moatte, mar spitich is it al. Groetnis --Kening Aldgilles 19 nov 2010, 14.20 (CET)
Wêrom Spaanske gryp mei ien grutte letter, yn stee fan twa? Aliter 7 des 2010, 23.50 (CET)
Nee, it gong my der allinnich om dat dit net in gryp yn of út Spanje wie, mar in syktme mei dy namme. "At minsken yn de hjerst nei Spnaje reizigeje hawwe hja likegoed as yn Fryslân in kâns in grypke te krijen. Sa'n Spaanske gryp is net slimmer as in Fryske gryp; mar it kin soms wêze dat hja yn Spanje net genôch wjerstän opboud hawwe. De Mexikaanske Gryp en de Spaanske Gryp joechen ek problemen mei wjerstân, mar by de Spaanske Gryp wie dat it slimst, om't in goede wjerstân tsjin de sike brûkt waard." Mar it haadletter gebrûk by nammen liket âlderwetsk te wurden. Aliter 9 des 2010, 02.17 (CET)
Oer it neikommende berjocht:
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
Goeiemiddei,
Hja wiene fergetten om it artikel Olympyske Simmerspullen 1928 yn in kategory te pleatsen. Ik ha dat no foar jo dien mar ik hoopje dat hja dat yn de takomst sels dogge. Groetnis Wikiice 25 nov 2010, 12.10 (CET)
Goeiemoarn J'88
Ik ha de projektside fan it Projekt Olympyske Spullen Ferhuze sadat der no ek in Oerlisside by is, Meidogger:Wikiice/Projekten
groetnis Wikiice
Dei J. Niis seach ik dat jo de folchoarder fan de Fryske Top 100 omdraaid hawwe troch meast aktuele ferzje ûnderoan te setten. By oare siden mei listen kies ik der meast foar om de meast resinte boppe-oan te setten. Besikers binne (as ik fan mysels útgean teminsten) mear nijsgjirrich nei de lêste ferkiezing as nei de âldste. De side wurdt foar it each ek wat dynamysker as de boppekant alle jierren oanpast wurdt omt dy der dan wat oars útsjocht..Groetnis,--Swarte Kees 14 des 2010, 20.59 (CET)
Sjoch Wikipedy:Oerlisside#Nije_ynfoboks_foar_sportleafhawwers. Gr. --Kening Aldgilles 20 des 2010, 20.32 (CET)
Hoi J, de persoan Drees is fansels in wichtich persoan west, neat op tsjin, mar soe hjir net better in sosjalistyske politikus fan Frysk komôf etalearre wurde kinne, bygelyks Piter Jelles Troelstra? --Geoffrey 22 des 2010, 23.48 (CET)
Ik ha efkes oan 'e gong west mei Wikipedy:Topside. Ik ha no ek in nije side skreaun mei; betingsten foar in topside. Dêrneist hie ik HJIR noch wat delkwakt. Graach reagearje op myn eigen oerlisside. Ik hoopje dat it dy sa wat nei it sin is. Groetnis --Kening Aldgilles 3 jan 2011, 23.12 (CET)
Tipke: Der is in letterke weifallen ûnder it húske boppe-oan jo "Meidoggersside". Ik nim teminsten oan dat Gea net jo frou is of dat sy yn it húske wennet..--Swarte Kees 14 jan 2011, 15.41 (CET)
Ik ha in de haadside en it haadtema fernijd. Sjoch ek de diskusje op de oerlisside. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 nov 2011, 14.14 (CET)
Bêste J'88,
Ik ha de Olympyske Spullen fan 1928 taheakke oan de list mei topsiden. It portaal fan de topsiden is ek fernijd. As de fernijing net nei it sin is kin ik dy altyd noch werom sette. Groetnis --Kening Aldgilles 15 des 2011, 17.24 (CET)
Bêste J'88,
Der mei wer stimd wurde.
Wikipedy:Kandidaatsiden
Mear topsiden? Der stean ek noch siden yn de artikelhifker.
Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 1 apr 2012, 16.31 (CEST)
Tankewol foar it komplimint, J'88. It is altyd fijn om te merken dat je wurk wurdearre wurdt. Ik sil it as in oanmoediging beskôgje om op it ynsleine paad fierder te gean. Ieneach fan 'e Esk (talk) 16 mrt 2013, 17.54 (CET)
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Meidogger oerlis:J'88, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.