Reedrydster Marrit Leenstra

Marrit Leenstra (Wikel, 10 maaie 1989) is in Fryske langebaanrydster út Wikel.

Se ried oant seizoen 2008/2009 by Jong Oranje. Yn maart 2008 stie se op in 27e plak op de Adelskalender.

Marrit Leenstra
Reedrydster Marrit Leenstra sporter
Marrit Leenstra nei winst wrâldbekerwedstriid ploege-efterfolging op It Hearrenfean
Marrit Leenstra nei winst wrâldbekerwedstriid ploege-efterfolging op It Hearrenfean
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 10 maaie 1989
berteplak Wikel
lingte 1,70 m
sportive ynformaasje
sport reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Sotsjy 2014
debút 2006

Biografy

Seizoen 2006/2007

Yn novimber 2006 ried Marrit Leenstra (mei trener Jan van Veen) foar it earst in wrâldbekerstriid, dit wie de 1500 meter yn Moskou. Dit kaam troch har 9e plak op it NK ôfstannen en in oantal ôfsizzings. Se waard 6e yn de B-groep..

Seizoen 2007/2008

Leenstra bruts troch op it NK ôfstannen 2008 wêr’t se brûns op de 1500 meter wûn. Hjirmei pleatste se har foar de world cup-wedstriden. Ek pleatste se har foar de 1000 meter, want dêr einige se as fjirde. By de world cup op 10 novimber 2007 pakte se it wrâldrekord foar junioaren op de 1500 meter ôf fan Ireen Wüst en dêrmei waard se alfte. By it NK Allround wûn se op ferrassende wize dizze ôfstân en einige se as 4e, wêrmei’t se har fersekere fan dielname oan it EK Allround yn Kolomna. Hjir ferraste se op troch op de 500 meter (twadde) as op de 1500 meter (tredde) op it poadium te einigjen. Op de lange ôfstannen waard se twa kear sânde en úteinlik einige se yn it einklassemint as seisde, wêrtroch’t se har streekrjocht pleatste foar it WK Allround yn Berlyn. Op dat WK waard ze úteinlik tolfde. Twa wiken letter waard Leenstra tegearre mei Jan Blokhuijsen wrâldkampioen op it WK foar Junioaren yn Changchun. Neidat se ek noch de Nederlânske sprinttitel foar A-junioaren ferovere hie, ferbettere se by de Olympic Oval Finals har eigen wrâldrekord foar junioaren op de 1500 meter. Ek ried se in junioarewrâldrekord op de 1000 meter en de lytse fjouwerkamp foar junioaren.

Kommersjele teams

Nei it WK Allround toanden de ridersploegen DSB en TVM belang yn de achttjinjierrige pupil. Leenstra liet trochskimerje dat har foarkar útgie nei TVM, omdat dizze ploech mear froulike allrounders binnen de gelederen hie as DSB. Haadtrener Gerard Kemkers fan TVM woe oer de spekulaasjes fierders gjin kommentaar jaan.

Op 19 maart 2008 waard bekend dat Leenstra foar twa jier in kontrakt tekenje sil by de TVM-formaasje en my yngong fan seizoen 2008/2009 dêrfoar ride sil. Leenstra tekende offisjeel it kontrakt op 11 april 2008.

2018

Yn 2018 joech se oan te stopjen mei har karriêre en keas foar har stúdzje. Leenstra hie har bachelor Future Planet helle oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 2018 sil se útein om har master te heljen yn de stúdzje Geo Information Science yn Wageningen.

Resultaten

Reedrydster Marrit Leenstra 
Dizze seksje fan it artikel moat by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen
Jier NK
Ofstannen
NK
Allround
EK
Allround
WK
Allround
WK
Junioaren
WB
Einstân
2007 15e 500m
9e 1500m
12e 3000m
NC13 50e 1500m
2008 9e 500m
4e 1000m
Reedrydster Marrit Leenstra  1500m
10e 3000m
4e 6e 12e
Reedrydster Marrit Leenstra 
19e 1000m
23e 1500m
    NC# = net kwalifisearre foar de lêste ôfstân, mar wol as # klassearre yn it einklassemint

Medailjespegel

Kampioenskip Goud
Reedrydster Marrit Leenstra 
Sulver
Reedrydster Marrit Leenstra 
Brûns
Reedrydster Marrit Leenstra 
NK Ofstannen
0
0
1
WK Junioaren
1
0
0

Wrâldrekords

Nr. Ofstân Tiid Datum Baan
jr1 1500 meter junioaren 1.56,47 10 novimber 2007 Salt Lake City
jr2 1500 meter junioaren 1.55,14 12 maart 2008 Calgary
jr3 1000 meter junioaren 1.15,41 13 maart 2008 Calgary
jr4 mini fjouwerkamp junioaren 156,360 13 maart 2008 Calgary

Boarnen

Tags:

Reedrydster Marrit Leenstra BiografyReedrydster Marrit Leenstra 2018Reedrydster Marrit Leenstra ResultatenReedrydster Marrit Leenstra WrâldrekordsReedrydster Marrit Leenstra BoarnenReedrydster Marrit Leenstra10 maaie1989LangebaanridenWikel (Gaasterlân-Sleat)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BorneoStasjon WinsumTrio (seksualiteit)Hartochdom Bretanje1955703 f.Kr.23001741De HobbitJoko WidodoBedriuw28 septimberPornoakteur1978Maya BijouGrutte Priis Formule 1 fan Azerbeidzjan 2019StromnessWordPressMax VerstappenGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2010EarizerInkele HoarnMidsiuwenWyt-RuslânPaul CustersPornografyBarentssee1672San FranciscoAugsburgWrâlderfgoedlistFryske talen1787YnternetYouTubeGod7e milenniumVienna BlackAtapaskyske talenList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânMilfpornografyEkshibisjonisme23 junyGrutte Priis Formule 1 fan Japan 2014Lolita (pornografysk aktrise)HimelsblauIngelsk1 junyGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2010NeakenensOcca Johanna RipperdaNewcastle upon Tyne1918FellatioDimter (gemeente)FaginaKonstantyn de Grutte3300 f.Kr.1 oktoberPaul KustersWaskbearFirus (biology)1700 f.Kr.27e iuwYuma (Arizona)🡆 More