Marche-En-Famenne

Marche-en-Famenne (Waalsk: Måtche-el-Fåmene) is in stêd en gemeente yn de Belgyske provinsje Lúksemboarch.

De stêd hat goed 17.000 ynwenners (2008) en in oerflakte fan sawat 121 km². It is de haadstêd fan it arrondissemint Marche-en-Famenne en de offisjeuze haadstêd fan it Famennegebiet.

Marche-En-Famenne
Lizzing fan Marche-en-Famenne yn de provinsje Lúksemboarch
Marche-En-Famenne
Wapen fan de stêd
Marche-En-Famenne
Betinkingsstien Edikt fan 1577

Skiednis

Midsiuwen

Yn de iere Midsiuwen wie Marche mar in lyts doarp oan de beek Marchette, ien fan de úthoven fan de tichteby lizzende Abdij fan Stavelot. Yn de 12e iuw kaam dit gebiet oan it greefskip La Roche. It plak lei tige gaadlik oan de grutte wei fan Namen nei Lúksemboarch, dat it it ûntwikkele him rillegau ta in stêd, dy't syn stedsrjochten yn de 13e iuw krige. Oan de ein fan dy iuw wie in stêd mei alles wat dêr yn de Midsiuwen by hearde: muorren, mei twa poarten, in rige wachttuorren, en in kastiel. De merk en religieuze organisaasjes koenen ta bloei komme yn de sletten stêd.

Nei 1500

Doe't Filips II fan Spanje, soan fan Karel V, yn 1555 syn heite keizerryk urf, waarden de frijheden fan Spanje’s Santjin Provinsjes yn it noarden frijwat bekoarte, wat late ta de Tachtichjierrige Oarloch. Yn de neisleep fan de Pasifikaasje fan Gint willige Don Juan fan Eastenryk, Filip II syn healbroer en lânfâld oer de Nederlannen, it Iuwich Edikt (1577) yn; it waard tekene yn Marche yn febrewaris 1577. It edikt foarseach yn it weromlûken fan de Spaanske troepen en joech ta oan de measte frijheden fan de stêd, útsein dy't religieuze frijheid oanbelangen. Doe lôge de oarloch wer op en Don Juan stoar in jier letter by Namen.

It kastiel en de ferdigeningsmuorren waarden ein 17e iuw ûntmantele fanwegen Loadewyk XIV fan Frankryk. In iuw letter kamen de Frânske revolúsjonêre troepen de stêd yn en sletten it konvint. Op 't heden is Marche-en-Famenne is libben regionaal sintrum mei syn skoallen, lichte yndustry, militêr kompleks en toeristyske atraksjes.

Oare kearnen

Aye, Hargimont, Humain, Marloie, On, Roy en Waha.

Marche-en-Famenne

Keppelings om utens

Tags:

Marche-En-Famenne SkiednisMarche-En-Famenne Oare kearnenMarche-En-Famenne Marche-en-FamenneMarche-En-Famenne Keppelings om utensMarche-En-FamenneBelgjeLúksemboarch (provinsje)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Robert I fan SkotlânCGlasgowPausBelgjeIslamityske kalinderKurasauHermann GöringBirds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn)2023KubaWim de BieKeulenPhilip, hartoch fan Edinburgh1890LibeariaNatura 2000JunyKristus12118e iuwNShay FoxAnale seksThe Monuments MenPornoakteur5 jannewarisAppelskeaJake SteedMyl187431 jannewaris1941Fryske stêdenEls PerdokAberystwythSkriuwer31Inga Ridere95194962Gregoriaanske kalinder1929WierumYnformatikaGermanen193317Grutte Priis Formule 1 fan Monako 2019Heather LeeMargareta Drummond, keninginne fan SkotlânRavensbrückPrusenGross-outPluto (planeet)KLofthaven Frankfurt am MainElektroanikaTeksasStar WarsKatedraal fan NantesNobelpriis foar de LiteratuerPortegeeskCarles Puigdemont78GokkenKlútBinnensteatMonargy1970-er jierrenWebloch🡆 More