Maarten Tjallingii

Maarten Tjallingii (Ljouwert, 5 novimber 1977) is in earder Fryske hurdfytser.

Maarten Tjallingii
Maarten Tjallingii sporter
Maarten Tjallingii yn 2011
Maarten Tjallingii yn 2011
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 5 novimber 1977
berteplak Ljouwert
lingte 188 sm
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Oer alles
debút 2001
Maarten Tjallingii
Tjallingii yn de Omgong fan Switserlân 2008

Syn grutste triomf as hurdfytser behelle er doe't er tredde waard yn Parys-Roubaiks. In grutte oerwinning is dy fan de Omgong fan Belgje, dy't hy wûn yn 2006. Yn july fan datselde jier wûn Tjallingii ek de Omgong fan Kwinghai Lake, in 9-daagse etappekoers yn Sina. It parkoers fan dy omgong wurdt skaaimerke troch it grutte tal oan klimkilometers. Boppedat hat in grut part fan alle etappes plak op mear as 2000 meter hichte. Yn 2008 makke Tjallingii de oerstap nei de ProTour-ploech Silence - Lotto. Nei ien seizoen gie er nei de Rabobank-ploech. Foardat Tjallingii de kar makke foar in karriêre as hurdfytser op de dyk, wie er aktyf as mountainbiker. Tidens de Omgong fan Frankryk fan 2012 kaam Tjallingii al yn de tredde etappe te fallen, hy fytste de etappe noch wol út mei wat letter blykte in brutsen heup.

Wichtichste oerwinnings

  • 2e etappe yn de Omgong fan Burkina Faso (2001)
  • Rund um Rhede (2003)
  • 1e etappe + einklassemont Omgong fan Burkina Faso (2003)
  • Afxentia, Mountainbike, Elite/U23 (2004)
  • Vuelta a Valladolid, Mountainbike (2005)
  • 1e etappe + einklassemint Omgong fan Belgje (2006)
  • 7e etappe + einklassemint Omgong fan Kwinghai Lake (2006)

Dielname oan grutte omgongen

Dielname oan de Omgong fan Frankryk

Dielname oan de Omgong fan Spanje

  • 2008 - 58ste;
  • 2014 - 137e;
  • 2015 - net finisht;

Dielname oan de Omgong fan Itaalje

Ploegen

  • 2003 – Marco Polo Cycling Team
  • 2004 – Marco Polo Cycling Team
  • 2005 – Marco Polo Cycling Team
  • 2006 – Skil-Shimano
  • 2007 – Skil-Shimano
  • 2008 – Silence-Lotto
  • 2009 – Rabobank
  • 2010 – Rabobank
  • 2011 – Rabobank
  • 2012 – Rabobank
  • 2013 – Belkin Pro Cycling
  • 2014 – Belkin Pro Cycling
  • 2015 – Team LottoNL-Jumbo
  • 2016 – Team LottoNL-Jumbo

Keppeling om utens

Maarten Tjallingii  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Category:Maarten Tjallingii fan Wiki Commons.

Tags:

Maarten Tjallingii Wichtichste oerwinningsMaarten Tjallingii Dielname oan grutte omgongenMaarten Tjallingii PloegenMaarten Tjallingii Keppeling om utensMaarten Tjallingii19775 novimberFryslânHurdfytsenLjouwert (stêd)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Turkije1701 f.Kr.Michael JordanList fan Fryske jongesnammenFryskEarizerSpaanske grypHaadsideMarijn KuipersMisjonarishâlding3000 f.Kr.Gert SchutteKya TropicLexxxi Lockhart3300 f.Kr.ChislehurstAnale seksGrutte Priis Formule 1 fan Kanada 2014Heather LeeEarste WrâldkriichGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2011Julia TcherneiFerdrach fan FerdunYvette BovaYouTubeGordianus I1981Yuma (Arizona)Tsjechje16221501Grutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2010Súdsineeske SeeLjouwerter KranteDaisy SummersBarentsseeCowgirlhâldingPaulina Seikola17 jannewaris1 oktober700 f.Kr.Byldzjende keunstPatriargepaleis en de Tsjerke fan de Tolve ApostelsGrottekleaster fan PskovGrykskKongres fan WenenMagno AlvesFryslân BoppeThea BeckmanRuben L. Oppenheimer23 junyAustraalje (lân)11e iuw f.Kr.BelgjePrzewalskihynderRené DescartesNapoleon III fan FrankrykAnna fan BretanjeGrutte Priis Formule 1 fan Dútslân 20161722MoandeiMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)Thomas JeffersonJayden LeeFormule 1 yn 20101741Belfast🡆 More