Lân Fan Taal

Lân fan Taal (de offisjele namme is Frysktalich) wie in grutskalich opset projekt yn it ramt fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018, dat hielendal wijd wie oan it ferskynsel taal en alles dat dêrmei te krijen hat.

It fûn plak fan 3 febrewaris oant en mei 31 desimber 2018 en bestie út in breed skala oan eveneminten dy't foar it meastepart yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert holden waarden, yn 'e Prinsetún en op en om it Aldehouster Tsjerkhôf: yn Tresoar, it Histoarysk Sintrum Ljouwert en it eigen besikerssintrum Obe, dat spesjaal foar Lân fan Taal oan 'e eastlike kant fan it Aldehouster Tsjerkhôf ferriisde.

Lân fan Taal
It driuwend paviljoen Liwwadders yn 'e Prinsetún, dêr't alles draait om Ljouwert en syn bewenners.
It driuwend paviljoen Liwwadders yn 'e Prinsetún, dêr't alles draait om Ljouwert en syn bewenners.
plak en tiid
lân Lân Fan Taal Nederlân
provinsje Lân Fan Taal Fryslân
gemeente Lân Fan Taal Ljouwert (gemeente)
plak Lân Fan Taal Ljouwert (stêd)
holden yn Prinsetún en
   Aldehouster Tsjerkhôf
datum 3 feb. o/m 31 des. 2018
bysûnderheden
oanlieding LF 2018
soarte evenemint kultureel
org. troch LF 2018
offisjele webside
www.friesland.nl/.../lan-fan-taal

Underdielen

  • As Taal Gjin Feestje Is
  • DNALWD2018
  • Ferhalefjoer
    In provinsjebreed skoalprojekt, wêrby't alle basisskoallen yn Fryslân it boek Verdwalen in Verhalen tastjoerd krigen. Dêrmei koene skoalbern ferhalen yn alle talen fan 'e wrâld sammelje foar in eigen ferhalejûn.
  • Fertelfestival
  • Karawane
    In skoalfoarstelling fan it Fryske toanielselskip Tryater.
  • Keunstynstallaasje Tim Etchells
  • Lanlike Manifestaasje Poetry Circle
    Yn 'e fiif Nederlânske Poetry Circle-stêden, wêrûnder Ljouwert, kamen eltse wike jonge skriuwers gear om faninoar te learen en nei spoken word-performers te harkjen. Op 7 july wie it hichtepunt fan dit evenemint, doe't alle fiif Poetry Circles gearkamen foar De Manifestaasje yn Neushoorn te Ljouwert.
  • Liet XXL
  • Matthäus Passion
  • Obe
    Ferskate útstallings yn it talepaviljoen Obe op it Aldehouster Tsjerkhôf.
  • Projeksjes op 'e Aldehou
    Fideokeunstwurken fertoand op 'e eastmuorre fan 'e Aldehou, eltse tongersdei-, freed-, sneon- en sneintejûn fergees te besjen. Yn 'e premiêrewykeinen fan 'e projekjes organisearren Lân fan Taal en Explore the North saneamde minyfestivals by de projeksje dy't op dat stuit te sjen wie.
  • Sjong
Lân Fan Taal 
Lân fan Taal docht Harns oan ûnder de Tall Ships' Races 2018.
  • Sprekboatefestival
  • Ssst... Hjir Flústeret de Tiid
    Presintaasje fan taal en poëzij yn Tresoar, mei bewegende poëzijmasines, LED-keunst, films en drukwurken. Foar bern wie der in speurtocht opset. En by it Histoarysk Reisburo koe men jins Fryske woartels ûntdekke.
  • Stimmen fan Fryslân
    App ûntwikkele troch de Ryksuniversiteit Grins, wêrmei't Frysktaligen it komôf fan harren taal trasearje koene. Byhearrende populêrwittenskiplike lêzings waarden holden yn it talepaviljoen Obe, op it Aldehouster Tsjerkhôf.
    Ek op it Noardlik Film Festival kaam it ferskynsel taal oan bod, û.m. mei in manifestaasje oer it gebrûk fan minderheids- en streektalen yn Nederlânske films oan 'e hân fan histoaryske fragminten. Dêrby waard live [

optreden troch dichters en keunstners. Bern koene sels stop-motionfilmkes oer taal meitsje.

  • Taalkaravaan
  • Taaltoer
    Rûnlieding troch Ljouwert mei as tema it ferskynsel taal.
  • Taletún
    Manifestaasje oangeande it ferskynsel taal yn 'e Prinsetún, mei twa tydlike paviljoenen: MeM Livingroom of Languages, dêr't eltse wike in oare taal of minderheidstaal sintraal stie, en it driuwend paviljoen Liwwadders, dêr't alles draaide om 'e identiteit fan 'e stêd Ljouwert en syn bewenners. Ek waarden yn 'e Prinsetún "Deropút mei Heit en Mem"-sneonen fersoarge foar 'jonge taalûntdekkers', mei taalworkshops foar bern en optredens.
  • The Sea! The Sea!

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ――, Lân fan Taal, yn: Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad van Europa: Programmakrant 8 mei – 6 september, 8 maaie 2018, s. 15.
  • ――, Lân fan Taal, yn: Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad van Europa: Programmakrant 5 september – 31 december, 5 septimber 2018, s. 15.

Tags:

20183 febrewaris31 desimberEvenemintFryskFryslânHaadstêdHistoarysk Sintrum LjouwertLjouwert (stêd)Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018NammePrinsetúnTaalTresoar

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Lil BabyYndiaaske kalinderAndor (telefyzjesearje)Kleaster WeerdBarranquillaLucasfilm14 maartIuwPekingSkipperssankjeWâldSweden27 febrewarisCReinwâldUPrince YahshuaPrimatenAnna Boleyn17Blêd19551978NCowgirlhâldingKubaLatynEuroNoard-KoreäNederlânOmanIrakAnna fan BretanjeHaadside31 jannewarisSteatsline HMea NabermanUtwreiding fan de Jeropeeske UnyKavaleryGeweldCatharina Rebecca WoesthovenBWolfEalsumMarcel HirscherIzerJapanskEachBlanche BradburryMarijetsjerke (Wierum)Carl JungWenenJasmine AlohaMongoalenDrug1995List fan grutste stêden yn DútslânW26 jannewarisDútslânList fan lannen en territoaria24 maart6The King's Speech (film)AlvestêdetochtBrad Pitt15e iuwSwitserlânMakau🡆 More