Lammert Zwanenburg

Lammert Zwanenburg (Aldhoarne, 22 juny 1894 - Kamp Westerbork, 19 oktober 1944) wie in Fryske fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich.

Libben

Lammert Zwanenburg 
De pleats fan Zwanenburg oan de Beilerfeart 80 ûnder Beilen

Lammert Zwanenburg waard berne as boeresoan yn Aldhoarne yn de eardere gemeente Skoatterlân. Hy buorke op in pleats yn de omkriten fan it Drintske Beilen, dêr't hy mei syn frou en bern, Yntze en Wietske. wenne. Allegear wiene se belutsen by it wurk fan de LO. Fan de pleats út waarden yllegale blêden en, by distribúsjeoerfallen bútmakke, distribúsjestamkaarten ferspraat. De pleats joech ek ferskûl oan ûnderdûkers, ûnder oaren oan Nico Polak, dy't nei de oarloch riedshear by de Hege Rie wurde soe. By trije gelegenheden yn 1943 en 1944 waarden der Amerikaanske piloaten opfongen.

Yn oktober 1944 neamde immen oars, in yn Drinte arrestearre ûnderdûker, dy't distribúsjebeskieden fia Zwanenburg krige, ûnder druk by in ferhear, syn namme. Dêrnei waard de buorkerij yn de nacht fan 18 op 19 oktober 1944 bestoarme troch Lânwachters. Zwanenburg waard arrestearre, mar de ûnderdûkers waarden net fûn en koenen ûntkomme nei in pleats yn de buert fan Jan Oosterveen. Yn de rin fan de dei waard Zwanenburg syn pleats yngeand troch de SD trochsocht, wêrby't in soad bewiis foar yllegale aktiviteiten fûn waard. Noch dyselde jûn waard Zwanenburg, dy't al slim tramtearre wie, yn Kamp Westerbork deasketten. Hy is beïerdige op it Nije Gemeentlike Begraafplak yn Beilen.

Fersetskrús

By Keninklik Beslút Nr. 58 fan 25 july 1952 waard Lammert Zwanenburg postúm ûnderskieden mei it Fersetskrús 1940-1945. Op foarspraak fan ien fan "syn" joadske ûnderdûkers, Peter Mazur, waard Zwanenburg yn 1988 troch Yad Vashem ta 'Rjochtfeardige ûnder de Folken' beneamd en waard him de byhearrende earemedalje takend.

Keppeling om utens

Tags:

189419 oktober194422 junyAldhoarneKamp WesterborkTwadde Wrâldkriich

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

16251741Grutte Priis Formule 1 fan Azerbeidzjan 2019New York City1786Atapaskyske talenRoomsk-Katolike TsjerkeAnale seksFormule 1 yn 2016Lofthaven Frankfurt am Main1496Priya Price17901918Grutte Priis Formule 1 fan Dútslân 2016Ygo Gaeles GalamaMichael (aartsingel)Grutte Priis Formule 1 fan Belgje 20101400 f.Kr.RapunzelBretanjeGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2012Grutte Priis Formule 1 fan Kanada 2016Chislehurst1938AntillenGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 20171201Jeropa1787SwitserlânMasturbaasjeRobin Williams1500 f.Kr.Saya SongFeriene Steaten1301Sander WarmerdamArafueraseeStripper30 junyKwissipedyAustraalje (lân)Grutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2011NarteksHeather LeeCowgirlhâldingJ. Mac17e iuwVienna BlackBelfast60025 maaie2801 f.Kr.Sarah YoungLille9 oktober1955FrankrykKrystal SwiftTibearias2000 f.Kr.Anna fan BretanjeFrans HemsterhuisLionel MessiTrije-ienheidskatedraal (Brjansk)Bogotá (stêd)Echte apolloflinters🡆 More