Jongereinfilm

In jongereinfilm of jeugdfilm is in filmsjenre: in film foar bern en/of jongerein.

Kategoryen

Dit sjenre is ûnder te ferdielen yn twa kategoryen:

Bernefilms

Alle films dy’t har op bern oant in jier as tolve rjochtsje. Dat binne meast films dy’t it etiket ‘geskikt foar alle leeftiden’ meikrije. De films rjochtsje har benammen op aventoer, humor en spanning en faak ek op in moraal dy’t de sjoggerkes wat bybringt. Faak spylje bern sels de haadrol en dogge in heldhaftige died. Der binne lykwols ek bernefilms dy’t bern net needsaaklik as protagonist hawwe. Bernefilms wurde ek wolris ‘famyljefilms’ neamd.

Inkelde foarbylden fan bernefilms binne:

‘Tiener’films, jongereinfilms en/of adolesintefilms

Dit binne films dy’t har rjochtsje op bern en jongerein tusken tolve en sawat fiifentweintich jier. Jongelju spylje meast de haadrol en populêre tema’s binne: de syktocht nei in eigen persoanlikheid, wiere leafde en it folwoeksen wurden. Faak spylje se har ôf op skoalle, hegeskoalle of universiteit. Jongereinfilms sketse in minder nayf en ienfâldich byld fan de realiteit yn ferliking mei bernefilms. seks, drugs, geweld, diskriminaasje en problemen mei âldelju en oar gesach binne de ûnderwerpen dy’t de jongereinfilm ûnderskiede fan bernefilms. Popmuzyk spilet yn jongereinfilms altyd in tige promininte rol. Om dy reden kinne ek in soad rockfilms ta de jongereinfilm rekkene wurde.

Ingelde foarbylden fan jongereinfilms:

  • American Pie
  • L'Auberge espagnole
  • The Breakfast Club
  • Dazed and Confused
  • Easy Rider
  • Ghost World
  • La Haine
  • Napoleon Dynamite
  • Rebel Without a Cause
  • Revenge of the Nerds
  • Risky Business
  • The Virgin Suicides
  • The Wild One

Oare films

De term ‘jongereinfilm’ hâldt yn dat in film him spesifyk op in jongere doelgroep rjochtet. Oan de oare kant binne der ek in soad films dy’t op in breder folwoeksen publyk mikke en ek troch bern of jongerein besjoen en appresjearre wurde, lykas meunsterfilms. Oarsom binne der ek films dy’t har op in jong publyk rjochtsje en ek bûten dy doelgroep in bulte wjerklank fine, lykas Back to the Future en Pirates of the Carribean . As help om út te meitsjen hokker films geskikt foar bern of jongerein fan in beskate leeftyd binne bestiet de Sjochwizer.

Tags:

Jongereinfilm KategoryenJongereinfilm Oare filmsJongereinfilmSjenre

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Donald TrumpStjerSean CombsRosa CaraccioloList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânAlexa FlexyA.S. ByattFeriene SteatenThe GuardianTritichjierrige OarlochKaviaKatedraal fan Rouen672Bôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2004Roeien op de Olympyske Simmerspullen 1992Cassidy BanksJezuïtenSwahily (taal)1707StavangerSonarFerliking fan de Jeropeeske ferkearsbuordenAnne Frânses JongstraISBNSimon & SchusterWyt-RuslânEastblokKosta RikaSkimmelsBuenos AiresRoeien op de Olympyske Simmerspullen 2000KairoDimearGrutte-boarstesjenreRinsumageastBostonOrléansKlinyske depresje20 maartOrgasmeKoloradoMeksiko-StêdMinnie BeetsSt. Petersburg (Floarida)NoemiGenetyske technologyOsmaanske RykHeather LeeOlympyske Simmerspullen 2024Zaya CassidyTasjkentWrakseljen op de Olympyske Simmerspullen 2000Mitogondriaal DNANoardlike NjonkenlinenBaltimore36Midden-AmearikaMinskNicolette SheaCody BryantSkiednis fan DútslânCambridgeOklahoma CityWilfred GeneeFazanteftigenKrusiging fan JezusJ. MacSyriaMyanmarKaribyske SeeFerdriuwing fan Dútsers nei de Twadde WrâldkriichHânbal op de Olympyske Simmerspullen 2000🡆 More