Jan ten Cate (Snits, 29 jannewaris 1828 - dêre, 10 juny 1876) is in eardere leartouwer, politikus, boargemaster en filantroop yn Snits.
Ten Cate waard berne as soan fan in learloaier en boargemaster Steven Theunis ten Cate en syn frou Johanna Gerrits van Delden. De húshâlding kaam út in foaroansteand en fermogend mennistelaach út de Achterhoek. Hy boaske op 28 augustus 1851 syn skoansuster Popkje Siebes Tuijmelaar. De famylje hie iik- of runmole De Hoop mei de byhearrende fellebleaterij oan de Wâldfeart. Nei de dea fan syn heit sette Jan mei syn broer Teunis it bedriuw fuort (syn broer wie lykwols ek syn sweager).
Harren earste soan, Steven (3 maaie 1853) ferstoar yn syn Leienske studinteperioade op it skip "Hercules" op (23 oktober 1880). Syn twaddde soan Siebe Johannes (27 jannewaris 1859) makke yn Parys, dêr't hy op 8 desimber 1908 ferstoar, karriêre as keunstskilder fan ympresjonistyske lânskippen en stedsgesichten. Om 7 jannewaris 1864 waard de earste dochter fan it span berne. Twa wiken nei har berte ferfear de húshâlding nei it lúkse wenhûs Wijde Noorderhorne 1. Dy earste dochter, Anna Jeltsje I, ferstoar op trijejierrige leeftiid. Nei de ferhuzing krige de húshâlding in soan, Theunis (oerlibbet syn âlden). Dochter Berber bleau ek yn libben. Dochters Johanna Francyntje (fiif jier), Anna Jeltsje II (< 1 jaar) en, sasein, Anna Jeltsje I ferstoaren yn harren iere jeugd.
Neist syn wurk yn de learloaierij fûn Ten Cate it fan belang him te wijen oan it algemien belang. Hy waard yn 1867 ta gemeenteriedslid keazen. Yn 1868 waard hy wethâlder, wêrûnder ek it regintskip fan de Snitser finzenis foel. Doe't boargemaster Hamerster Dijkstra ôftrede waard Jan ten Cate by Keninklik Beslút fan 27 septimber 1873 beneamd ta boargemaster fan Snits. Syn heit ferfolde dy fynksje al tusken 1838 en 1854.
Op 10 juny 1876 ferstoar Jan ten Cate, 48 jier âld. De Sneeker Courant kaam nei it fertsjerren fan Ten Cate mei de berjochtjouwing:
Op 16 juny 1876 stie it deiske libben yn Snits efkes stil as boargemaster Ten Cate begroeven waard op it Algemiene Begraafplak. Alle bestjoersorganen, leden fan de gemeenteried, alle gemeentlike amtners, alle leraren fan alle skoallen, alle doktors, geastliken, ferienings, de leden fan de rederikerskeamer (dêr't Ten Cate beskermhear en earelid fan wie) en in soad ynwenners fan de stêd wienen by de útfeart. By de oankomst fan de lykstaasje spruts ûnder mear de wyls oanstelde waarnimmend boargemaster Van Driessen wêrnei't it lichem beierdige waard.
Nei it ferstjerren fan de widdo fan Ten Cate brochten de trije nog yn libjende bern (Steven, Berber, Siebe Johannes en Teunis) in boek út oer harren âlden. It boek hat as titel Losse Nagelaten Dichtregelen van J. ten Cate en is tsjintwurdich noch yn te sjen yn it Frysk Skipfeart Museum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Jan ten Cate, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.