Johannes Ysbrands Galama

Johannes Ysbrands Galama (Tsjerkwert, 24 febrewaris 1885 - Dachau, 20 juny 1942), wie in Nederlânsk pastoar te 's Heerenberg.

Johannes Ysbrands Galama
Jan Ysbrands Galama

Galama waard berne as sânde bern fan Ysbrand Galama en Aaltje van der Wey. Syn mem stoar in heal jier nei syn berte, en syn heit stoar doe't Galama ien jier wie.

Johannes Ysbrands Galama
Registraasjekaart fan Jan Ysbrands Galama as finzene by Dachau Nazi konsintraasjekamp

Fan 30 jannewaris 1932 oant syn dea wie Galama warber yn de Pancratiustsjerke te 's-Heerenberg. Yn de Twadde Wrâldkriich warskôge er, mei syn twa kapelaans, M. van Rooijen en R. Hegge, de pleatslike befolking foar de lear fan de NSB. Neidat de Gestapo der lucht fan krige hie waarden hja alletrije oppakt en fêstset yn it hûs fan bewar fan Arnhim. Yn de oanklacht dy't sy yn it proses-ferbaal te hearren krigen hjitte it dat: "Haben Deutschfeindlichen Brief verbreitet und das Volk deutschfeindlich beeinflüszt". Galama stoar nei tamtearrings mei 57 jier yn it konsintraasjekamp Dachau.

Yn Fryslân wurdt er op 20 juny betocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederkoorn, W.P. & Stork, G.J.B. (1946) Er op of er onder. Hoe Achterhoek en Lijmers de Duitsche bezetting doorstonden en ervan werden bevrijd.. Doetinchem: C. Misset NV - p. 111
  • Galema, Gerard & Galama, Maikel & Galema, Annemieke. (1999) Famyljeboek Galema - Galama. Boalsert: Stichting Galama's en Galema's door de eeuwen heen.

Tags:

1885194220 juny24 febrewarisDachau (konsintraasjekamp)PastoarTsjerkwert

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Kongres fan WenenDeastrafKristina LionLockheed F-104 StarfighterMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)Pierre-Simon LaplaceLannen en territoariaHartochdom Bretanje18061496Kamui Kobayashi100 f.Kr.Sloveenje2101 f.Kr.Heather LeeAmerikaanske presidintsferkiezings (2020)37e iuw f.Kr.2300Saksen (dielsteat)7e milenniumMidsimmerfeestGrutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2013Gert SchutteFirus (biology)Spaanske grypKearnramp fan TsjernobylKambodja3001 f.Kr.3100 f.Kr.Austraalje (lân)Maya BijouToulouseBûsboekje25 maaieLexi DiamondRené DescartesFalklânoarlochJudas IskariotPearsHinNapoleon III fan Frankryk1672Benedictus XVIJulianna Vega23 junyFinlânWikidataGrutte Priis Formule 1 fan Yndia 2012Oflûken (seksualiteit)3101 f.Kr.GroepseksSander Warmerdam19e iuw f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Sina 2016501 f.Kr.Felipe Massa1628Loppersum (Grinslân)ih6hzGordianus IJ. MacTechnologyDick Wilson (stammepresidint)Ferdrach fan Ferdun1996Dakota-Oarloch fan 186210e milennium3700 f.Kr.200Stripper🡆 More