Moarre Herfoarme Tsjerke

De Herfoarme tsjerke (ek: Jehannestsjerke) yn Moarre is ien fan de twa tsjerkegebouwen fan de herfoarme gemeente Moarre-Ljussens.

De gemeente wurket nau gear mei de grifformearde gemeente fan Ljussens en de herfoarme gemeenten fan Peasens en Wierum.

Herfoarme tsjerke
Moarre Herfoarme Tsjerke
Moarre Herfoarme Tsjerke
Lokaasje
provinsje Moarre Herfoarme Tsjerke Fryslân
gemeente Moarre Herfoarme Tsjerke Noardeast-Fryslân
plak Moarre Herfoarme Tsjerke Moarre
adres Tsjerkestrjitte 12
koördinaten 53° 22'N 6° 05'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Jehannes de Evangelist
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
monumintale status Moarre Herfoarme Tsjerke ryksmonumint
monumintnûmer 31586
Webside
Herfoarme gemeente Moarre-Ljussens
Kaart
Herfoarme tsjerke (Fryslân)
Herfoarme tsjerke

Bou

Moarre Herfoarme Tsjerke 
De tsjerke yn 1721, tekening J. Stellingwerf

De romano-goatyske tsjerke is 13e iuwsk en waard oarspronklik oan de Jehannes de evangelist wijd. De tsjerke ferlear yn 1843 de 16e-iuwske sealtektoer. Yn dat jier waard tagelyk mei in nije westlike gevel de neoklassisistyske toer boud, dy't in soad hat fan it tuorke op de Ealsumer tsjerke.

It midsiuwske muorrewurk bleau bewarre, ek al binne der letter grutte ramen ynbrocht. De frij rike arsjitektuer fan de tsjerke kin wize op bannen mei it kleaster Mariëngaard. De fan kleastermoppen boude muorren wurde troch steunbearen op it plak holden. Under de goate is in toskfries oanbrocht. Njonken de letter ynbrochte spitsbôgefinsters is der yn it earste travee fan de súdlike muorre noch in smel rûnbôgefinster oanwêzich, dat út de boutiid datearret. Yn de noardlike muorre binne spoaren fan in tichtsette tagong en in hagioskoop te sjen. Opfallend is dêr in kaaifoarmige tichtmitsele tagong yn in goatyske nis (13e iuw). It koer fan de tsjerke is fiifsidich en hat in pear profilearre rûnbôgefinsters.

Moarre Herfoarme Tsjerke 
Schwartzburg-oargel

Ynrjochting

De tsjerke wurdt fan in houten tonferwulft oerkape. De preekstoel is ienfâldich en stamt út 1849, it doophek is 18e iuwsk. Eastlik fan de preekstoel stiet in bank mei it alliânsjewapen fan de Botma's en de datearing 1622. De bank foar de preekstoel oer is 18e iuwsk. Op de hearebanken en de oare banken binne draaide knoppen oanbrocht. Oan de eastlike muorre fan it koer hinget in stiennen renêssânse epitaaf ta oantinken fan Wopke fan Scheltema en Frouck Roorda fan Ginnum (1625), bewenners fan Heemstrastate. Oan de nuordlike muorre binne de sarken fan harren soan Sippo († 1627) en Gerrit Botma († 1755) en Jantje Nannes († 1747) ynmitsele. De kreake foar it oargel stiet op twa pylders en draacht it alliânsjewapen Botma-Nannes.

Yn de tsjerke hingje trije kroanluchters dy't út de 18e iuw stamme.

De klok waard yn 1659 yn Ljouwert getten waard troch Jurjen Balthasar. De klok mei in diameter fan 85 sintimeter draacht it opskrift: Waekt want Ghij en weet niet in welke uire uwe Here komen sal. Mat. 24 v. 42 Ao 1659.

Oargel

De tsjerke besit in ienmanualich oargel mei acht stimmen, dat yn 1740 boud waard troch de oargelbouwer Johann Michaëll Schwartzburg, dy't ek it oargel fan de Waalske tsjerke yn Ljouwert boude. De bou fan it ynstrumint waard mooglik makke troch in skinking fan Jantje Nannes.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Moarre Herfoarme Tsjerke YnrjochtingMoarre Herfoarme Tsjerke OargelMoarre Herfoarme Tsjerke Keppeling om utensMoarre Herfoarme TsjerkeGrifformearde Tsjerken yn NederlânLjussensMoarreNederlânsk Herfoarme TsjerkePeazens-ModdergatWierum

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Boeing C-17 Globemaster IIIHylpenKromme KnillisAugust TaylorKya TropicGrutte Pier1999Marijn KuipersNatasha StormPornoaktrise25 aprilRottekopFrysktalige WikipedyInes RidereFûgelsSietske PoepjesStoarmtroeper (Star Wars)SeeArjen TerpstraGnostisismeToskane199126 febrewarisYnsektenDrugsYndoneezjeJulianna VegaPornografyBibelRichard LanginGangbangReade wrotmûsRôze leppelbekHarley RaineKampearjenMegan SalinasAudree JaymesRôfdierenCowgirlhâldingShae SummersOeriselMagnetyske noardpoalIt BûthúsbankjeHavenSintrale Delling (Kalifornje)MyteBeauty DiorNijverdalRigtje BoelstraSkrikkeljierAbby Lee BrazilSkaai (taksonomy)1927Abdûlazyz ibn SaûdAmerican Music AwardStimWurkhûsBanne (rjochtsgebiet)Kartaachske RykAldemardumWylde einTatoeaazje1 maaiePornofilmFroukje VeenstraWenenAfrikaanske leppelbekArkansas🡆 More