Goeddiedichheid is it útfieren fan in die fan leafde en/of barmhertichheid.
Dat kin men sawol yn materiële as ymmateriële sin dwaan. It jaan fan jild en it weijaan fan twaddehâns klean oan goede doelen binne foarbylden fan goeddiedichheid yn materiële sin. It dwaan fan frijwilligerswurk is in foarbyld fan goeddiedichheid yn ymmateriële sin.
Der binne ferskate synonimen fan goeddiedichheid. Yn it Frysk wurdt dit begryp yn 'e regel leafdiedichheid neamd, wat eins in hollanistyske ynterferinsje is op grûn fan it Nederlânske wurd liefdadigheid. Yn roomske fermiddens wurdt faak sprutsen fan karitas, dat ôfkomstich is fan it Latynske carus, dat "djoer" of "dierber" betsjut. Dit wurd wurdt gauris foutyf yn ferbân brocht mei it Grykske charis, dat "genede" betsjut.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Goeddiedichheid, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.