Foarwurd

In foarwurd, foaropwurd of wurd foarôf (in lienfertaling fan it Latynske praefatio) is in ornaris ridlik koart stik tekst dat soms foaroan yn in boek of in oare útjefte pleatst wurdt.

It is oer it algemien fierhinne itselde as in neiwurd, mei it ferskil dat in neiwurd oan 'e ein fan in publikaasje taheakke wurdt. In foarwurd kin skreaun wêze troch de auteur fan 'e haadtekst dêr't it oan foarôf giet, mar it komt ek gauris foar dat in oare persoan as de auteur fan 'e haadtekst it foarwurd skriuwt. As dat it gefal is, dan giet it faak om in ferneamd persoan of om in freon of bekende fan 'e auteur fan 'e haadtekst. Yn sa'n gefal kinne lettere printingen fan boeken it oarspronklike foarwurd oanhâlde of in folslein nij foarwurd tafoegje. As de skriuwer fan 'e haadtekst sels it foarwurd skreaun hat, giet dat lêste yn 'e regel net op, en bliuwt it oarspronklike foarwurd beholden.

Foarwurd
It foarwurd fan Men I Have Painted, fan John McLure Hamilton, út 1921.

Yn in foarwurd wurdt foarútrûn op 'e ynhâld fan 'e haadtekst, wêrby't it almeast giet oer in foarm fan ynteraksje tusken de skriuwer fan it foarwurd en de haadtekst sels of it ûnderwerp fan 'e haadtekst. As it foarwurd troch in oar as de auteur fan 'e haadtekst skreaun is, giet it faak om in ynlieding fan 'e haadtekst dy't suver wol de foarm in essay oannimme kin. As de auteur fan 'e haadtekst lykwols sels it foarwurd skreaun hat, giet it faak oer it skriuwproses. By oersettings foeget de oersetter soms in foarwurd ta, wêryn't er fertelt oer de tastânkomming fan 'e oersetting. Yn beide gefallen komt op it aljemint hoe't it boek of de oersetting him ûntjoech en hokfoar stroffelstiennen oft der oerwûn wurde moasten. Faak wurdt in foarwurd ek brûkt om persoanen te betankjen dy't de skriuwer (of oersetter) by de tastânkomming fan 'e haadtekst fan tsjinst west hawwe.

De siden dêr't in foarwurd yn in publikaasje op ôfprinte wurdt, wurde faak nûmere mei lytse Romeinske sifers (i, ii, iii, iv, v), wylst de haadtekst nûmere is mei Arabyske sifers (1, 2, 3, 4, 5). Dêrmei wurdt op typografyske wize oanjûn dat it foarwurd net ta de haadtekst heard. In foarwurd is fierders faak ûndertekene en datearre. It Ingelsk hat twa termen foar in foarwurd: foreword en preface. It ûnderskie dêrtusken is dat in foreword mear in ynliedend essay is, wylst in preface op mear prozayske wize ferteld oer it tastânkommingsproses. Dit ferskil bestiet yn it Fryske en Nederlânske taalgebiet net. Yn Ingelske publikaasjes wurdt in foreword altyd ûndertekene, mar in preface net altyd.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

AuteurBoekFreonKundeLatynLienfertalingNeiwurdPrintingeTekst

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Los AngelesAmerikaanske LegerNadia MoeradMyanmarSalomoHânbal op de Olympyske Simmerspullen 2000ParysWeiJosef StalinFerlossertsjerke yn it doarp Ubory (Moskou Oblast)25 junyAmerikaanske dollarFilipinenTsjechjeJasmine AlohaTuberkuloazeLeonid Brezjnev1816RuslânRedbad Klijnstra-KomarnickiFollybal op de Olympyske Simmerspullen 2000/StrânfollybalBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1920Ryksuniversiteit GrinsKoöperaasje30 jannewarisFrankenthalShae SummersKosta RikaBaton Rouge (Louisiana)Olympyske Simmerspullen 2024Twadde Wrâldkriich396 f.Kr.Meindert SchroorMichaïl GorbatsjovNikita Chrûsjtsjov1991Wrâldkampioenskip fuotbal 1998Karibyske SeeLondenSineeske karaktersRussyskRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1976GjûmriMarcelinho CariocaTwadde iuwHeidenskReykjavik1941Wrâldkampioenskip fuotbal 2006SinkiangThe Allman Brothers BandSinaSkotlânRenée ZellwegerKrystal SwiftRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1988Coward of the County (liet)Sint-LusiaOekraïneNepalEinar HákonarsonWalesGotlân1605KoeweitSulawesyKoperFloarus- en Laurustsjerke (Tûla)Noard-KoreäJayemastatePornoaktriseIbearysk Skiereilân🡆 More