Eastfriezen

Eastfriezen (Dútsk: Ostfriesen) binne, yn rûmere betsjutting, de ynwenners fan East-Fryslân yn it noardwesten fan de Dútske dielsteat Nedersaksen.

Yn de lytsere betsjutting binne de Eastfriezen de eastlike tûke fan de Friezen, in Germaansk folk en beheart, mei de Denen, Sorben, Sinty en Roma ta de erkende minderheden yn Dútslân. Hja binne nau besibbe mei de Sealterfriezen, dy't ôfkomstich binne út East-Fryslân en ferfearn binne fan de kuststreek nei it binnenlân.

Eastfriezen
Eastfryslân en East-Fryslân.

De Eastfriezen binne ek besibbe oan de Noardfriezen en de Westerlauwerske Friezen út Westerlauwersk Fryslân. Eastfriezen komme fan East-Fryslân yn it noardwesten fan Dútslân. Somtiden wurde alle Friezen út de eastlike Fryske gebieten (Eastfriezen, Sealterfriezen, Bûtjadingers, Woerstfriezen, Jeverfriezen, Aldenboarchfriezen, Rüstringenfriezen) oantsjutten as Eastfriezen.

Nei alle gedachten wurdt de mearderheid fan East-Fryslân noch bewenne troch de Eastfriezen. Krekte sifers binne der lykwols net fan, omdat it oansluten by in bepaalde etnyske groep frij is en de tellings net freegje nei etnisiteit. De Eastfriezen hawwe, yn tsjinstelling ta de Noard en West Friezen, harren Fryske taal gau ferlern. It pleatslike dialekt is no Plat East Frysk. Der is noch ien Eastfrysk dialekt oer: it Sealterfrysk dat mei sa'n 2.250 sprekkers praat wurdt yn Sealterlân.

Hoewol't de Eastfriezen harren eigen taal ferlern binne, hawwe se harren eigen, Fryske identiteit oant hjoed de dei ta witten te behâlden. Sa hawwe de Eastfriezen harren eigen tradysje yn it teedrinken: de East-Fryske tee is sterk en gleonhjit en wurdt dronken mei in grou klûntsje sûker en mei in leppelfol slachrjemme. Dêrby wurdt faak porsleinguod út it Thüringske Wallendorf brûkt, mei de eigen East-Fryske roas derop. Ek beöefenet mannich Eastfries tradisjonele sporten as "Boßeln" en "Klootschießen". De Eastfriezen binne noch faak grutsk op harren Fryske komôf. Yn East-Fryslân waard, ta behâld fan dy eigen identiteit, yn 1949 sels de Ostfriesische Landschaft, foarhinne de Eastfryske stannen, omfoarme ta in kulturele organisaasje, dy't min of mear funksjonearret lykas yn Westerlauwersk Fryslân de Fryske Akademy. Yn de Fryske Rie binne hja opnommen as de East seksje.

Bekende Eastfriezen

Eastfriezen 
Ludolf Bakhuizen (1630–1708)
  • Ludolf Bakhuizen, skilder út 1630. Hy ûndergong sterk de ynfloed fan de Nederlânske skilderkeunst.
  • Hermine Edenhuizen, froulike gynekolooch (1872 - 1955). Waard yn Pewsum berne. Sy wie de earste, offisjeel registearre, froulike dokter yn Dútslân.
  • Rudolf Eucken, filosoof. Berne yn 1846 yn Auwerk. Hy wie winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer fan 1908.
  • Henri Nannen, sjoernalist en útjouwer. Berne yn 1913 yn Emden.
  • Philipp Fürchtegott Reemtsma, tabaksfabrikant (1893 - 1959. Waard berne yn Osterholz-Scharmbeck.
  • Arp Schnitger, fan 1648 is ien fan de meast ferneamde oargelbouwers.
  • Rudolf von Jhering, rjochtslearde. Berne yn 1818 yn Auwerk, sûnder mis ien fan de aldergrutste rjochtslearden mei ynternasjonale ynfloed.
  • Otto Waalkes, komyk, sjonger en toanielspiler. Berne yn 1948 yn Emden. Waalkes is ferneamd wurden om syn shows, boeken en films.

Boarnen

Tags:

DútskEast-FryslânFriezenGermanenNedersaksenRoma (folk)SealterfriezenSorben

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

OmsetSharon Lee (pornografysk aktrise)PlakJoadenMinsklike seksuele aktiviteitAnale seksNoardgermaanske talenFinlânPopcaanKlútUtahAgnostisismeIsraelMoriah MillsGokken1901TsiisWolgaHurde pornografyJazzLitousk19e iuwElektroanikaY20e iuwSalomon LevyEjakulaasjeIngelânNoelle Easton5Cayden MooreAlpenSkiep (skaai)1982BangladesjFeriene KeninkrykRoemeenjeBlêd1895UbuntuSwarte SeeDJ ParisaWebsteeSandy MilzMonakoFeriene SteatenKeunstBrad PittYndianereservaatAuxiliary Power Unit10 febrewarisJ. MacTelefyzjeprodusintKeatsen7BaarchRuslânJapanEachJulyThomas MannSilyGaspard BauhinMRyn2018🡆 More