Sorben

De Sorben binne in Slavyske minderheid (likernôch 20.000 minsken kinne noch Sorbysk prate; 60.000 fiele harren Sorben) yn it easten fan Dútslân yn de dielsteaten Saksen en Brandenburch.

Hja libje yn in gebiet dat sa'n 80 kilometer súd-eastlik fan Berlyn leit. Hja prate in Slavyske taal, it Sorbysk, dat twa farianten hat: it Heechsorbysk en it Leechsorbysk. De Sorbyske taal hat likernôch 50.000 sprekkers. Dy binne allegear twatalich: Sorbysk en Dútsk.

Sorben
Yn it reade gebiet wenje de Sorben
Sorben
Sorbysk gebiet tichteby helle

De Sorben binne de neisieten fan Slavyske folken dy't in iuwmannich lyn yn it gebiet twisken de Elbe en Oder wenne ha. De Slavyske Sorben, dy't meiïnoar middenmank in Germaanske taal (Dútsk) libje, binne besibbe oan de ynwenners fan Poalen en Tsjechje.

De Sorben waarden ek eartiids, lykas alle oare Slavyske folken, Wenden neamd. Yn tekstboeken oer de Midsiuwen sjocht men dy namme werom as Wendyske stêden. Dat binne dan dy stêden fan de Hânze dy't by de Eastsee lâns lizze. De namme Wenden wurdt hjoed de dei as misledigjend beskôge.

Ferneamde Sorben

  • Jakub Bart-Čišinski
  • Jurij Brězan
  • Jurij Chěžka
  • Róža Domašcyna
  • Jurij Koch
  • Mato Kosyk
  • Marja Krawcec
  • Kito Lorenc
  • Jakub Lorenc-Zalěski
  • Mina Witkojc
  • Handrij Zejler

Keppelings om utens

Tags:

BerlynBrandenburchDútskDútslânLeechsorbyskSaksen (dielsteat)Slaven (folk)Slavyske talenSorbysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Fûgels1970Ruri Saijo2007Hellendoorn (gemeente)Mount RushmoreNederlânSierra BanxxxBûdapestTiisdei1904Scarlett JohanssonYndoneezjeList fan sterke tiidwurden yn it Frysk1978BalkbrugEvelyn LinJaylene RioMarilyn CrystalAndamanenpappegaaidoFlorânsMaya BijouBill GatesHûntsjeshâldingKwame NkrumahSpienSkoanfamyljeSophie Hilbrand5 jannewarisPriya PriceGokkenKirgyzjeAmerikaanske dollarSûkerbôleHarmony WonderTekenteltsjeIrakGedachtestreekjeAccraHûneftigen194522 aprilSinne-enerzjyFotografyGoudAnneke DoumaLjouwert (stêd)12 desimberMagy28 novimber9 maartMoriah MillsKomôfPhilippe SoineDouglas DC-3MinskeH1915Ton BaasDe factoGreefskip Bentheim (Landkreis)Koördinearre WrâldtiidJ.R. CarringtonFreedMaartDieren🡆 More