Deputearre Steaten Fan Fryslân

Dizze side giet oer de Deputearre Steaten fan Fryslân, sjoch foar it haadartikel oer de Deputearre Steaten: Deputearre Steaten.

Deputearre Steaten Fan Fryslân
Wapen fan Fryslân

De Deputearre Steaten is it deistich bestjoer fan in Nederlânske provinsje. Se binne te ferlykjen mei de kolleezjes fan boargemaster en wethâlders, sa't Nederlânske gemeenten dy ha.

De Deputearre Steaten besteane út de kommissaris fan de kening en de deputearren. De deputearren wurde foarsitten troch de kommissaris. Yn Fryslân is dat Arno Brok. De kommissaris wurdt foar seis jier beneamd troch it Ryk. De deputearren wurde alle fjouwer jier keazen troch Provinsjale Steaten fan Fryslân (de Steaten). De leden fan de Steaten binne keazen troch it folk by de provinsjale ferkiezingen.

Eltse deputearre hat eigen taakgebieten. Normaal wurde deputearren beneamd nei ûnderhannelingen oer in koälysje tusken fraksjes yn de Steaten. Sûnt it ynfieren fan de Wet dualisearring provinsjebestjoer yn 2003 binne de deputearren gjin lid mear fan de Provinsjale Steaten. It tal deputearren fariearret per provinsje. Fryslân hat fiif deputearren.

Yn Fryslân

Yn Fryslân is Arno Brok sûnt 2017 de kommissaris fan de kening. Hy sit de Deputearre Steaten dus ek foar. Regina Bouius-Riemersma is yn Fryslân de provinsjesekretaris.

1991-1995

It Kolleezje fan Deputearre Steaten wie yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan CDA, PvdA en VVD, dy't mei-inoar 41 fan de 55 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân hiene. Dit wiene de deputearren:

1995-1999

It Kolleezje fan Deputearre Steaten wie yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan CDA, PvdA en VVD, lykas yn de foarige perioade. Mei-inoar hiene de trije partijen 42 fan de 55 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Dit wiene de deputearren:

1999-2003

It Kolleezje fan Deputearre Steaten wie yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan CDA, PvdA en VVD, lykas yn de foarige twa perioaden. Mei-inoar hiene de trije partijen 41 fan de 55 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Dit wiene de deputearren:

2003-2007

It Kolleezje fan Deputearre Steaten wie yn dizze perioade foar de fjirde perioade efterinoar grûndearre op in koälysje fan CDA, PvdA en VVD. Mei-inoar hiene de trije partijen 37 fan de 55 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Dit wiene de deputearren:

2007-2011

It Kolleezje fan Deputearre Steaten wie yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan CDA, PvdA en KristenUny, dy't mei-inoar 27 fan de 43 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân hiene. Dit wiene de deputearren:

2011-2015

It Kolleezje fan Deputearre Steaten wie yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan PvdA, CDA en FNP, dy't foar it earst yn de koälysje sieten en dus ek foar it earst in deputearre ôflevere. Mei-inoar hiene de trije partijen 23 fan de 43 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Dit wiene de deputearren:

2015-2019

It Kolleezje fan Deputearre Steaten is yn dizze perioade grûndearre op in koälysje fan CDA, VVD, SP en FNP, dy't mei-inoar 23 fan de 43 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân hiene. Dit binne de deputearren:

2019-2023

Op 20 maart 2019 wiene der wer Provinsjale Steateferkiezingen. Nei't yn de Steaten in koälysje foarme waard tusken CDA, PvdA, FNP en VVD, waarden de deputearren foar de kommende perioade keazen:

2023-2027

Op 15 maart 2023 wiene der Provinsjale Steateferkiezingen. Nei't yn de Steaten in koälysje foarme waard tusken BBB, CDA, FNP en KristenUny, waarden de deputearren foar de kommende perioade keazen:

  • Femke Wiersma (BBB)
  • Eke Folkerts (BBB)
  • Friso Douwstra (CDA)
  • Sijbe Knol (FNP)
  • Matthijs de Vries (CU)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Deputearre Steaten Fan Fryslân Yn FryslânDeputearre Steaten Fan FryslânDeputearre Steaten

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Prusen1451KubaMoskou1929TSekshâldingJulyList fan lannen en territoariaInga RidereCrista Moore (pornografysk aktrise)6410 febrewarisKristusThunderball (film)NammePraachMarijetsjerke (Wierum)ItaaljeN2005EskPrince YahshuaSineeske kalinderSpaanske regio'sArmeenske kalinderBHarelbekeGeslachtsidentiteit99Blanche BradburryCowgirlhâldingTuneezje324 maartFerstjerrenIerlânEve MadisonDenemarkNeakenmodelBûtanKlitorisLittenseradiel1963Feriene SteatenNobelpriis foar de LiteratuerWikipedyWim de Bie9618e iuwWolgaUtahMaatskippij1 oktoberAndor (telefyzjesearje)MaitiidTaalPamela AndersonAmerikaanske dollar2013Hertz (ienheid)1909Glasgow20e iuwMilfpornografyMongoalenLân30 jannewarisKoloanjeFytsSpanje🡆 More