De Lêste Stoer

De Lêste Stoer (Nedersaksysk: De Léste Stuver) is in buorskip east fan Bûtenpost en besuden fan Lytsewâld in de gemeente Achtkarspelen.

De buorskip lei oant 2010 op it krúspunt fan de Trekwei en de wei tusken Ljouwert en Grins, oan de Stroobossertrekfeart. Dy krusing is ferpleatst en ferfongen troch in rotonde yn ferbân mei de oanlis fan de eastlike rûnwei by Bûtenpost. De buorskip bestiet út trije wenningen en ien pleats.

De Lêste Stoer
Nammebuordsje. De namme stiet op it earste hûs links, en op it amper sichtbere hûs rjochts.
De Lêste Stoer
Sjoen fan it tichtbylizzende krúspunt ôf mei it silhûet fan in oantal huzen

De buorskip krige syn namme meidat hjir eartiids it lêste tolhûs stie op de farrûte oer de Stroobossertrekfeart fan Dokkum nei it Prinses Margrietkanaal. Troch de hege kosten fan de oanlis fan dy trekfeart gie de stêd Dokkum fallyt. De trekfeart gie oer nei in groep skuldeaskers, dy’t tolhuzen setten om sa de skuld ôfbetelje te kinnen. De lêste Stoer wie it lêste tolhûs oan de trekfeart as men fan Dokkum kaam. Dy tolheffing is yn it bejin fan de 20e iuw ôfskaft.

Yn de 18e en 19e iuw stie oan de Stroobossertrekfeart op it steed fan de hjoeddeiske buorskip in herberch mei ek de namme De laatste Stuiver, hoewol’t yn de 19e iuw dy herberch ek wol de Eerste Stuiver neamd waard of koartwei 'De Stuiver'. Dy herberch hat dêr noch oant 1878 bestien. Dêrnei waard it gebou troch de earmfâdij brûkt om der saneamde "bedielden" yn ûnder te bringen.

De brêge, dêr’t de provinsjale wei oer de Stroobossertrekfeart giet, hjit tsjinstwurdich ek Lèste Stuver. Eartiids hjitte dy brêge de Stienharstertil, neamd nei de eartiidske buorskip/plak Stienharst.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
De Lêste Stoer
Achtkarspelen
De Lêste Stoer
Doarpen en útbuorrens:
BoelensloaneBûtenpostDroegehamGerkeskleasterDe HarkemaKoatstertilleStynsgeaStrobosSurhústerfeanSurhuzumTwizelTwizelerheide
Buorskippen:
BlauforlaetBlauhûsBuwekleasterDykhuzenHamsherneKoartwâldDe KoatenKûkherne (foar in part)De Lêste StoerLytsepostOphûsReahelReaskuorreSurhuzumer Mieden
wizigje

Tags:

AchtkarspelenBuorskipBûtenpostLytsewâldNedersaksyskPleatsProvinsjale wei 355Provinsjale wei 910Stroobossertrekfeart

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Elektrotechnyk2020OekraïneGrutte PierEjakulaasje1818Bo SinnCharley Atwell1977WeblochFryske gemeentenAnita GyöngyIggy Pop28 junyNovial1986Oflûken (seksualiteit)1980195310321947Vina SkyNeakenfotografyBeskerme steds- en doarpsgesichten yn FryslânCherokee d'AssTennessee OrangeKeatsenWylpreagerfûgelsRottekopAlexa FlexyShanghaiOerstreamingLaser21e iuwList fan sterke tiidwurden yn it FryskH.G. WellsRick Hofstra26 desimberPredaasjeBenediktus XVIBlanche BradburryLietVanessa SkyTommeDyami MillarsonTakomstMiddellânske SeeSwarte rôtFeriene KeninkrykHeather LeeKristlik Frysk SelskipUndersoarteInga RidereAlde Wyk (Beetstersweach)MuzykEva JinekFredeBedriuwIuwMylBotswana1941NederlânGerben Abma1998AkkrumSibearyske lemmingFerstjerrenFreonskipHans Wiegel1822Isaac Newton🡆 More