Cmyk-Kleursysteem

It CMYK-kleursysteem is in systeem mei fjouwer basiskleuren dêr't in grut tal mingkleuren út krigen wurde kinne troch in proses fan subtraktive kleurminging.

De útlis foar de ôfkoarting is sa:

  • C stiet foar cyan (syaan), dat by additive kleurminging in kombinaasje is fan grien en blau ljocht
  • M stiet foar magenta (maginta), dat by additive kleurminging in kombinaasje is fan read en blau ljocht
  • Y stiet foar yellow (giel), dat by additive kleurminging in kombinaasje is fan read en grien ljocht
  • K stiet foar key plate

By mearkleuredruk wurdt mei de key plate ("drukplaat") ferwiisd nei de 'artistike details', d.w.s. de linen en effekten (yn tsjinstelling ta de kleurflakken). Dy details wurde ornaris yn 'e dûnkerste kleur drukt, te witten: swart. Dat is dan by CMYK hast ek altyd de fjirde kleur.

It CMYK-systeem wurdt benammen brûkt by drukinketen en ferven. Ek komt soms it CMY-kleursysteem foar, wêrby't gjin swart brûkt wurdt. Yn 'e druktechnyk liedt dat lykwols yn 'e regel ta te ljochte ôfbyldings, om't de dûnkerste kleur dy't mei syaan, maginta en giel makke wurde kin in dûnkerbrunige tint griis is. Dêrnjonken rekket papier trochweakke mei inket as der in kombinaasje fan 100% syaan, 100% maginta en 100% giel op printe wurdt.

De CMYK-koade foar in kleur wurdt werjûn troch it dekkingspersintaazje fan 'e fjouwer inketen dy't nedich binne om dy kleur te meitsjen. As de basiskleuren by trije assen lâns útset wurde, kriget men de CMYK-kleurekubus.

Cmyk-Kleursysteem

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Primêre kleurSubtraktive kleurmingingÔfkoarting

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

28LHertz (ienheid)KristenKlassisisme1187KatarTennis$AgnostisismeKeatsenGHagia Sofia (Istanbûl)PlakAppelskeaElvis PresleyDe Bining (Easternijtsjerk)Marketing4ElsloKurasau862Lil Baby33LjochtHermann GöringJoadenNes (Noardeast-Fryslân)Las VegasKlitorisNobelpriis foar de LiteratuerJake SteedJapanReimsGross-outKleur26 jannewarisFinlânHanny MichaelisAuxiliary Power UnitMaatskippijHynderLeons781920Amerikaanske dollarKlam (taalkunde)Sily1931AP19942114 maartRuslânPornoakteurHillige Roomske RykCatharina Rebecca Woesthoven1946Vina SkyPopcaanMarcel Dupré7 maartRadio27 maart1983JeropaSkrift🡆 More