Boy Lornsen (Keitum, Sylt, 7 augustus 1922 - dêre, 26 july 1995) wie in Dútsk byldhouwer en berneboekeskriuwer, dy't yn it Dútsk en yn it Nederdútsk skreau.
Lornsen tsjinne as piloat en radio-telegrafist by de Dútske Luftwaffe yn de Twadde Wrâldkriich. Nei de oarloch waard er byldhouwer yn Hanover. Dat wurk soe er oant yn sechticher dwaan bliuwe.
Yn 1967 publisearre er syn earste berneboek. Dat boek, Robbi, Tobbi und das Fliewatüüt, gie oer in jonge dy't in robot mei syn hûswurk helpt. It boek wie in súkses en waard yn 1972 foar telefyzje bewurke. Lornsen wie lid fan de P.E.N. fan 1981 ôf oan.
Lornsen syn boeken waarden yn tal fan talen oerset, ûnder mear yn it Gryksk, Japansk en Noarsk. Yn 1980 waard syn Jakobus Nimmersatt troch de Japanske studio Nippon Animaasje bewurke ta in telefyzjeferzje, Nodoka Mori no Dobutsu Daisakusen, regisearre troch Yoshio Kuroda. De special waard yn it Ingelsk útbrocht ûnder twa titels: Back to the Forest en Peter of Placid Forest.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Boy Lornsen, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.