Balstienliem

Balstienliem is in grûnsoarte dy't bestiet út in mjuks fan keien, grind, sân, klaai en liem.

Faak wurde yn balstienliem ek swerfkeien fûn. Oarspronklik siet der ek faak kalk yn balstienliem, mar dat is troch gemyske ferwaring hast folslein ferdwûn. Balstienliem wurdt ûnder lâniis ôfset en kin dêrom as in foarm fan till (grûnmoarene) beskôge wurde.

Balstienliem
Balstienklippen yn Gwynedd, Wales

It gewoane balstienliem yn Nederlân is sa'n 150.000 jier lyn ôfset, ûnder it Saalien en is part fan de litostratigrafyske Formaasje fan Drinte. Foaral yn de provinsjee Drinte komt in soad balstienliem ticht ûnder it oerflak foar. Pleatslik is dit liem soms opdreaun troch it lâniis. Foarbylden dêrfan binne Gaasterlân, Vollenhove, de Havelterberch, Skoklân (Noardeastpolder), Urk en op Wieringen en Tessel. Yn de kriten dêr't balstien al bekend wie, waard it ek faak yn boarsel fûn.

Neist it balstienliem út it Saalien is yn in inkelde boaring balstienliem út it Elsterien oantroffen. It waard ûnder oare fûn yn boaring Oostmeep yn de Waadsee op in djipte fan 51,70 meter ûnder de seeboaiem.

Troch eroazje en útspieling kinne stiennen út it liem frij komme. Somtiids ferdwynt sadwaande alle liem en bliuwe allinne de stiennen oer. Yn de see fan it Eemien, de waarme tiid dy't folge op it Saalien, foarmje sokke stiennefjilden it substraat foar oesterbanken. Stiennefjilden út it Saalien binne ek no noch oan it oerflak oanwêzich; bekend binne ûnder oare de Tekselse stiennen en it Van der Lijn-reservaat by Urk.

Om 't keiliem min wetter trochlit, hat dizze grûnsoart benammen in soad ynfloed hân op it Drintske lânskip. Plantewoartels hawwe it dreech om yn de boaiem troch te kringen fanwegen de liemlaach. Pleatslik is de grûn ek tige wiet en dêrtroch waard dêr maklik fean foarme. Under it Nasjonaal Park Dwingelderfjild leit in laach balstienliem fan sawat 8 meter. It grûnwetter docht der sa'n 20 jier oer om dêrtrochhinne te rinnen.

Balstienliem is foar it earst foar dykbou brûkt by de oanlis fan de Koarte Ofslútdyk dêr't de Amstelmar mei ôfsletten waard, en letter ek foar de bou fan de Ofslútdyk en oare diken.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

GletsjerGrûnsoarteKlaaiLiemSwerfkeiSân (grûnsoarte)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

DjakartaLêstekenRussyske BoargeroarlochDaugavpilsWrâldkampioenskip fuotbal 1986FellatioKalkoenenStanderttype GLSLongûntstekkingCambridgeEuroTomsk (oblast)Jureka del MarNicolette SheaMidsiuwenFrankrykBrazyljeKatBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2000Harry BelafonteMia LelaniSudertsjerke (Drachten)StillibbenGoudGrutte-boarstesjenreNoemi1986IzerHockey op de Olympyske Simmerspullen 2000KoperPolly PonsLéa (bibelsk persoan)Marilyn CrystalWrâldkampioenskip fuotbal 1970Jeropeeske UnyGladiatorAIDSSpulGeslachtsmienskipEmiel StoffersAlexa FlexyCarles PuigdemontLudwig van BeethovenEarrebarreSúd-KoreäJezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)RjochtsaakLjouwerter KranteIsambard Kingdom Brunel1973Adolf HitlerKairoWytBarack Obama1852Untsliepeniskatedraal yn it kremlyn fan TûlaAldjiersdeiApostelDC++Gotlân2005EdinburghRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1988Maserati XXXTuberkuloazeGNU/FDL1605Wrâldkampioenskip fuotbal 2022Ghostbusters (film út 2016)Amerikaanske dollarKrusiging fan JezusKoreaanske Oarloch🡆 More